Woastynwilster
| woastynwilster | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
briedkleed | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Anarhynchus leschenaultii | ||||||||||||
| Lesson, 1826 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De woastynwilster (Anarhynchus leschenaultii, synonym: Charadrius leschenaultii) is in fûgel yn it skaai dûkelmantsjes (Anarhynchus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De woastynwilster wurdt 19 oant 22 sm lang en is wat grutter as de bûnte wilster en hat lange griengiele poaten en in tsjokke snaffel. Briedende mantsjes hawwe sânbrune boppedielen en binne wyt fan ûnder. Yn it briedkleed is it boarst, de foarholle en de nekke fariabel oranje-eftich en hat de kop in opfallend swart eachmasker. It wyfke is doffer en grizer, en de winter- en jonge fûgels binne brúner.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Woastynwilsters libje yn 'e healwoastinen fan Turkije nei it easten troch Sintraal-Aazje. De woastynwilster is in trekfûgel en migrearret oer grutte ôfstannen om te oerwinterjen yn East-Afrika, Súd-Aazje en Australaazje.
De soarte telt trije ûndersoarten:
- Anarhynchus leschenaultii leschenaultii: eastlike diel fan it ferspriedingsgebiet (westlik Sina oant súdlik Mongoalje en súdlik Sibearje), yn ferlikening mei de oare twa ûndersoarten hat de nominaatfoarm in middelgrutte snaffel en yn it briedkleed in relatyf swakkere oranje boarstbân.
- Anarhynchus leschenaultii columbinus: westlike diel fan it ferspriedingsgebiet (Turkije oant súdlik Afganistan), lytste snaffel fan alle ûndersoarten en yn it briedkleed de meast dúdlike oranjereade boarstbân fan 'e ûndersoarten.
- Anarhynchus leschenaultii scythicus: Sintraal-Aazje (Turkmenistan oer súdlik Kazachstan), gruttere snaffel as de oare twa ûndersoarten; de oranje boarstbân yn it briedkleed is dúdliker as by de leschenaultii, swakker as by de columbinus.
De soarte is yn Europa in seldsume swalker en is dêr oant yn Yslân sjoen. Ek yn Nederlân wurdt de fûgel as dwaalgast waarnommen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it breidseizoen ite se fral ynsekten en larven. Winterdeis ite se slakken, kreeften en wjirms. Se foerazjearje troch koarte ôfstannen te rinnen om dan ynienen te stoppen om in proai fan 'e grûn te pakken.
It nêst fan 'e woastynwilster is in kûltsje fuort op 'e grûn. Meast wurde der trije aaien lein, dy't yn trochstrings 24 dagen troch beide âlden útbret wurde, dy't ek tegearre foar de jongen soargje.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN klassifisearre de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2019) op 'e Reade list. It liket der lykwols op dat de fûgel yn oantal ôfnimt. Neffens in rûzing soe de populaasje út 100.000 oant 225.000 folwoeksen fûgels bestean.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Dûkelmantsje
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Austraalje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Brûnei
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Krysteilân
- Lânseigen fauna yn de Kokoseilannen
- Lânseigen fauna yn de Komoaren
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Gûam
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Madagaskar
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn de Maldiven
- Lânseigen fauna yn Mauritsius
- Lânseigen fauna yn Majot
- Lânseigen fauna yn Mikroneezje (lân)
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje
- Lânseigen fauna yn Nij-Seelân
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn de Noardlike Marianen
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palau
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Reünion
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn de Seysjellen
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn East-Timor
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Fanûatû
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Sambia
