Woastynkat
| woastynkat | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Felis margarita | ||||||||||||
| Loche, 1858 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De woastynkat (wittenskiplike namme: Felis margarita), soms ek de sânkat neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e wylde katten (Felis). Dit bist komt foar yn woastinen en healwoastinen yn Noard-Afrika en West- en Sintraal-Aazje. It is in solitêr nachtdier, dat by 't winter oerdeis wol op 'e lapen komt om te sinnebaaien. De woastynkat hat in karnivoar dieet, dat foar it meastepart bestiet út kjifdieren en lytse fûgels. De IUCN klassifisearret dit bist as net bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De woastynkat waard yn 1858 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Frânske militêr en soölooch Victor Loche op basis fan in spesimen út 'e Sahara fan Algerije. It holotype fan dit bist liket ferlern gien te wêzen. It soartspesifike diel fan 'e wittenskiplike namme is in earbetoan oan 'e Frânske generaal Jean-Auguste Marguerite, dy't nei in koloniale militêre karriêre yn Frânsk-Algerije yn 1870 yn 'e Frânsk-Dútske Oarloch sneuvele yn 'e Slach by Sedan.

In fylogenetyske analyze fan it nukleêr DNA fan 'e ûnderskate soarten út it skaai fan 'e wylde katten (Felis) hat útwiisd dat de woastynkat him 4,4–2,2 miljoen jier lyn ôfspjalte hat fan 'e lêste mienskiplike foarâlder fan 'e wylde katten. Neffens in analyze fan it mitogondriaal DNA fan 'e bisten soe dat 6,5–1,0 miljoen jier lyn west hawwe. Beide modellen binne it deroer iens dat de moeraskat (Felis chaus) de earste soarte wie dy't him ôfspjalte, folge troch de swartpoatkat (Felis nigripes) en dêrnei de woastynkat. It oarspronklike ferspriedingsgebiet fan dizze soarte liket yn Aazje lein te hawwen. Mooglik dat de woastynkat syn areaal nei Noard-Afrika ta útwreidzje koe as gefolch fan 'e iistiden yn it Pleistoseen, dy't troch in leech seenivo yn 'e Reade See de oerstek makliker makke hawwe kinne.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De woastynkat komt foar yn in tige fragmintearre ferspriedingsgebiet dat him útwreidet oer dielen fan sawol Noard-Afrika en de Sahel as oer West- en Sintraal-Aazje. Yn Noard-Afrika leit in langrutsen oaniensletten dielgebiet dat yn in relatyf smelle bân it binnenlân fan 'e Westlike Sahara en oanswettende dielen fan Mauretaanje nei it noardeasten folget, fia de Hammada du Dra yn westlik Algerije nei it Plato fan Tademaït yn it sintrale diel fan dat lân. Dêrwei bûcht it ôf nei it súdeasten om it Ahaggarmassyf yn súdlik Algerije en it Berchlân fan Aïr yn noardlik Niger te omfetsjen en te einigjen yn westlik Tsjaad. Isolearre populaasjes libje yn 'e woastyn bewesten Timbûktû, yn Maly, en yn 'e Arabyske Woastyn yn it súdeasten fan Egypte en it uterste noardeasten fan Sûdaan. Yn Tuneezje en Lybje, dêr't dit bist foarhinne ek foarkaam, liket er (sa goed as) útstoarn te wêzen.
Yn Aazje omfettet it grutste dielgebiet fan 'e fersprieding fan 'e woastynkat de westlike helte fan Sintraal-Aazje, rûchwei tusken de Kaspyske See en de rivier de Syr Darja. Súdliker komt dit bist ek foar yn grutte dielen fan noardeastlik en eastlik Iraan en oanbuorjende parten fan Afganistan en Pakistan. Yn 'e Fruchtbere Healmoanne fan it Midden-Easten libje isolearre populaasjes yn eastlik Syrje en súdlik Irak. Oare isolearre populaasjes binne te finen op it Sinaïskiereilân fan Egypte en yn 'e Negevwoastyn fan súdlik Israel. Op it Arabysk Skiereilân is de fersprieding tige fersnipele; dêr komt de woastynkat foar yn dielen fan súdlik Jordaanje, sintraal Koeweit, noardlik, eastlik en súdwestlik Saûdy-Araabje, it Achdarberchtme yn súdeastlik Omaan en op it Omaansk-Emiratyske Mûsandemskiereilân, dat útstiket yn 'e Perzyske Golf. It grutste oaniensletten areaal fan 'e woastynkat op it Arabysk Skiereilân omfettet lykwols de Rûb al Chali (it Lege Kertier), dat it súdeasten fan Saûdy-Araabje en oanbuorjende dielen fan 'e Feriene Arabyske Emiraten, Omaan en Jemen omfiemet.

Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De woastynkat hat trochinoar in kop-romplingte fan 39–52 sm, mei in sturtlingte fan 23–31 sm en in gewicht fan 1,5–3,4 kg. De skofthichte bedraacht 24–36 sm. De kop is opfallend plat en breed en liket dêrtroch oergrut yn ferhâlding ta it lichem. Dat effekt wurdt noch fergrutte troch de trijehoekige, op in punt útrinnende earen, dy't in lingte fa 5–7 sm hawwe en wiid útinoar steane.
De pels is op 'e boppeste lichemsdielen (kop, nekke, rêch, siden, sturt en de bûtenkant fan 'e poaten) sânkleurich en op 'e ûnderste lichemsdielen (snút, kin, kiel, boarst, bealch en de binnenkant fan 'e poaten) krêmkleurich oant wyt. It sânkleurige diel fan it lichem is it dûnkerste op 'e wringe en ljochtet op 'e siden stadichoan ta, sadat der tusken de beide kleurflakken gjin dúdlike skieding bestiet. Op 'e poaten sitte dûnkerbrune oant swartige horizontale streken. Guon eksimplaren hawwe ek op it lichem in stikmannich dûnkerbrune oant swarte streken, dy't dêr dan yn fertikale rjochting rinne. De sturt hat in swarte punt en deun by de punt 2–3 smelle swarte ringen.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De woastynkat is, sa't de namme al seit, in bewenner fan 'e woastyn. Hy komt foar yn sawol sânwoastinen as rotswoastinen, en jout de foarkar oan flak of lichtsjes op-en-deljend terrein dat krap begroeid is mei drûch gers of strewelleguod. Keale en ferskowende sândunen mijt er. Yn berchtmen is de woastynkat oantroffen oant in hichte fan 1.200 m boppe seenivo.

Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De woastynkat libbet in solitêr bestean, útsein yn 'e peartiid en wannear't in poes har jongen grutbringt. Hy makket in lûd, heechtoanich en raspjend leven, yn 't bysûnder as utering fan maartskens. Foar de rest binne de fokalisearrings fan dit bist ferlykber mei dy fan 'e hûskat (Felis catus). De manear fan fuortbeweging dy't de woastynkat foar de moade hat, is opmerklik: dravend mei de bealch leech by de grûn mei út en troch in sprong dertuskentroch. De maksimumfaasje dy't dit bist berikke kin, leit om 30–40 km/h hinne. Yn ien nacht leit er maklik 5–10 km ôf.
Woastynkatten binne territoriaal. Boarren hawwe, ôfhinklik fan 'e beskikberens fan proaien yn in beskaat gebiet, in territoarium mei in oerflak fan 16–35 km². Fan ien poes is bekend dat se in territoarium hie mei in oerflak fan 131/2 km². Territoaria wurde ôfset mei rookflaggen troch it sproeien fan urine en it efterlitten fan klauplakken yn hout.
Woastynkatten binne nachtdieren, dy't it grutste part fan it jier inkeld by nacht en yn 'e krepuskulêre perioaden (jûnsskimer en moarnsdage) foar 't ljocht komme. Winterdeis komme se oerdeis bytiden wolris bûtendoar om te sinnebaaien. Mar oer it algemien bringe se de dei troch yn in ûndergrûnske hoale dy't se oernommen hawwe fan 'e foks (Vulpes vulpes), de fennek (Vulpes zerda), de wytsturtkjifstikelbaarch (Hystrix indica), de gewoane kjifstikelbaarch (Hystrix cristata) of ien fan in grut tal soarten gerbils en oare kjifdieren. Sokke hoalen binne likernôch 11/2 m djip mei ien inkele yngong dy't skean nei ûnderen liedt. Ien woastynkat makket gebrûk fan ferskate hoalen yn syn territoarium.

De woastynkat hat gjin fêste peartiid. De poes is 5–6 dagen efterinoar maartsk. Yn dy perioade ropt se gauris en lit ek allegeduerigen rookflaggen ekfter om har steat buorkundich te meitsjen en boarren oan te lokjen. Nei de pearing giet de boarre syn wegen wer en hat dan fierders mei it hiele fuortplantingsproses neat mear út te stean. De draachtiid duorret 59–66 dagen, wêrnei't de poes 2–3 jongen smyt. Dy weagje by de berte 39–80 g en komme te wrâld mei in spikkelbûnte, giele of rodzige pels. Yn 't earstoan binne se alhiel helpleas, mar se groeie fluch en berikke mei 5 moannen trijefearn fan harren folwoeksen gewicht. Tsjin 'e ein fan it earste jier binne se selsstannich en geane se by de mem wei. Koart dêrnei binne se ek geslachtsryp. Yn guon dielen fan it ferspriedingsgebiet smite woastynpoezen jiers 2 nêsten jongen. De libbensferwachting fan woastynkatten bedraacht yn finzenskip 13 jier, mar hoewol't ûnbekend is hoelang't se yn it wyld libje, sil dat perfoarst koarter wêze.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Woastynkatten binne karnivoaren, dy't benammen kjifdieren frette, foar it meastepart ferskate soarten gerbils, woastynmûzen en jerboä's, lykas de dwerchgerbil (Gerbillus nanus) en Blanfords jerboä (Jaculus blanfordi). Fierders steane ek lytse fûgels op it menu, lykas de wytbânljurk (Alaemon alaudipes), de woastynljurk (Ammomanes deserti) en de eastlike kraachtrap (Chlamydotis macqueenii). Oare lytse woastynbewenners binne likemin feilich foar de woastynkat. Sa wurde ek hazze-eftigen bepluze, lykas (jongen fan) de Tolaihazze (Lepus tolai) en de Kaapske hazze (Lepus capensis), en teffens reptilen, lykas de apotekersskink (Scincus scincus), de woastynfaraan (Varanus griseus), de Egyptyske toarnsturtagame (Uromastyx aegyptia) en sels giftige hoarnnjirren (Cerastes spp.).
Har toarst dwêstgje woastynkatten ornaris troch it bloed fan har proaien te drinken, mar as der wetter beskikber is, drinke se dat ek. Neffens de Tûbû, in etnyske groep fan nomadyske woastynbewenners út it noarden fan Tsjaad, weagje woastynkatten har soms yn harren kampen om farske kamielemolke te drinken.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e woastynkat binne gruttere rôfdieren, lykas de wolf (Canis lupus) en de karakal (Caracal caracal). Ek grutte ûlen foarmje in gefaar, benammen foar jongkatsjes.

Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De woastynkat hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Dat sein hawwende foarmje habitatferlies en habitatfragmintearring troch de útwreiding fan minsklike aktiviteiten serieuze bedrigings foar dit bist. Ek ferwoastining is net posityf foar dizze woastynbewenner, mei't syn proaien ôfhinklik binne fan 'e groei fan woastynplanten. As it sa drûch en hjit wurdt dat der hielendal gjin planten mear groeie wolle, kin dêrom ek de woastynkat yn sa'n gebiet net mear libje.
Yn 'e Sahara wurde woastynkatten soms deade yn fâlen by oäzes, dy't útset wurde foar plomfeeslinende foksen en jakhalzen. Der binne ek ferskate gefallen bekend fan woastynkatten dy't deade waarden troch hûnen. Yn 'e Feriene Arabyske Emiraten en Irak wurde woastynkatten wol út it wyld weifongen foar de yllegale hannel yn eksoatyske húsdieren. In oar gefaar is besmetting mei sykten troch ferwyldere hûskatten.
De woastynkat is opnommen yn Taheakke II fan it CITES-ferdrach, dat it near leit op 'e ynternasjonale hannel yn (dielen fan) 'e beskreaune bisten. Yn Algerije, Iraan, Israel, Kazachstan, Mauretaanje, Niger, Pakistan en Tuneezje hat de woastynkat in beskerme status. Yn Egypte, de Feriene Arabyske Emiraten, Jemen, Jordaanje, Lybje, Maly, Marokko, Oezbekistan, Omaan, Saûdy-Araabje, Syrje en Turkmenistan genietet er gjin beskerming.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foarhinne waarden fan 'e woastynkat (Felis margarita) folle mear ûndersoarten erkend, mar yn 2017 beheinde de gesachhawwende Taakgroep oangeande Kateftigen fan 'e Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN) it tal ta 2:
- de Saharawoastynkat (F. m. margarita) (de nominaat; Noard-Afrika)
- de Arabyske of Toerkestaanske woastynkat (F. m. thinobia) (West- en Sintraal-Aazje)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Wylde kat
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara

