Springe nei ynhâld

Wjirchslang

Ut Wikipedy
In anakonda (Eunectes murinus).

In wjirchslang of wurchslang is in reptyl út it ûnderskift fan 'e slangen (Serpentes) dat syn proaien deadet troch syn eigen lichem om it lichem fan 'e proai hinne te wuoljen en dan hieltyd stiver ta te knipen. Hoewol't guon soarten gifslangen dizze metoade as in ekstra technyk ynsette, binne wjirchslangen oer it algemien grutte slangen dy't net giftich binne. Yn taksonomysk opsjoch hearre se ta de rangleaze klade fan 'e âlde slangen (Henophidia). De bekendste wjirchslangen binne de soarten út 'e boppefamyljes fan 'e boä-eftigen (Booidea) en de pytoneftigen (Pythonoidea).

Wjirchslangen binne net de fluchste jagers, dat by in folute efterfolging helje se de measte proaien net by. Dêrom moatte har proai oer it mad komme út in mûklaach wei. As dat ienris slagge is, wuollet de slang syn lichem om dat fan syn proai hinne. Dêrby is it fan krúsjaal belang dat er de romp omwuollet, want fan it ôfknipen fan inkeld in skonk of in earm giet de proai net gau dea. De slang wikkelet him ferskate kearen om 'e romp fan 'e proai hinne, en eltse kear dat de proai útazemet, lûkt er himsels in bytsje strakker. De slang hâldt goed de hertslach fan syn proai yn 'e gaten, mei't er him net loslitte wol ear't er goed dea is. Pas dan lit er de proai gean en ferslynt er him yn syn gehiel. Op dat stuit is er kwetsber foar in oanfal fan in oar rôfdier.

Neffens de folkloare soene wjirchslangen har proai sa strak omklamje dat se him de bonken stikken knipe. Dat is oer it algemien net wier, hoewol't grutte wjirchslangen, lykas de anakonda (Eunectes murinus) út Súd-Amearika, soms yndie ien of mear brutsen bonken feroarsaakje (benammen ribben). Ek soene wjirchslangen har slachtoffers wjirgje (dêrfandinne de namme), mar dat strykt likemin mei de wurklikheid. Proaien fan wjirchslangen komme net om trochdat se gjin siken mear krije kinne, mar troch dat de bloedsomrin sa ôfknypt is dat it bloed (mei de ûnmisbere soerstof) wichtige organen, lykas it hert en de harsens, net mear berikke kin. Beide kearen is it winliken in foarm fan ferstikking. De slang feroarsaket bewusteleazens by syn proai, dy't hiel fluch dêrnei folge wurdt troch in hertstilstân en it ferstjerren.

Ferskate wjirchslangen knipe ta mei in druk dy't heger is as eins ferlet fan is om in hertstilstân tewei te bringen. Dy druk feroarsaket bliedings yn 'e mûle en de noas en behinderet ek it tinkproses trochdat der gâns (soerstofearm) bloed nei de harsens ta treaun wurdt. It direkte effekt fan 'e druk op 'e bloedsomrin is dat de bloeddruk yn 'e ieren tanimt, mar yn 'e slachieren ôfnimt. It hert is net sterkernôch om tsjin 'e druk yn te pompen en it bloed hâldt op mei floeien. Organen mei in heech metabolisme, lykas de harsens, de lever en it hert, hâlde dêrtroch op mei funksjonearjen. Der bestiet dokumintearre bewiis dat de jachtmetoade fan wjirchslangen by kâldbloedige bisten (hagedissen en oare slangen) minder goed wurket as by waarmbloedigen. Sa is waarnommen hoe't in boä konstriktor (Boa constrictor) ris in swarte leguaan (Ctenosaura sp.) oanfoel en in oere lang besocht om dy te ferstikken, mar de leguaan oerlibbe it.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.