Witte fan Hollân

Ut Wikipedy
Witte fan Hollân yn 1304 op De Blinkert

Witte fan Hollân (likernôch 1280 - 1321) wie in oerwinneling fan greve Floaris V fan Hollân. Hy waard bekend as rêder fan greefskip Hollân trochdat er in Flaamsk leger yn 1304 by Haarlim fersloech. De lêste jierren binne lykwols grutte twifels rizen oft dizze slach wol iens plak fûn hat.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De heit fan Witte wie Floaris V fan Hollân en syn mem wie nei alle gedachten in jonkfrou fan Heusden, faaks Anna fan Heusden. Syn bertejier is net bekend, mar moat om-ende-by 1280 west hawwe. Hy moat jong erkend wêze, want hy waard "Fan Hollân" neamd.

Greve Jan I fan Hollân, syn healbroer, beliende him 13 oktober 1299 mei Haamstede (Seelân), en dêrnei neamde hy himsels Witte fan Haamstede.

Hy troude (foar 1307) mei in oare jonkfrou fan Heusden, nei alle gedachten Agnes van der Sluys. Se hienen tegearre trije jonges: Floaris, Arend en Johan.

Op 'e ein fan de 13e iuw en it begjin fan de 14e iuw spile Witte in wichtige rol yn de striid tsjin Flaanderen. Sa wie er by de Flaamske ynfal fan 1304 yn Sieriksee, mar wist oer de see nei Sânfurd te kommen. Sa koe er de Haarlimmers ûnder de wapens bringe, en dêrmei hie er in wichtich part yn it ferdriuwen fan de Flamingen. Hy waard dat jier ta ridder slein. De lêste jierren wurdt der lykwols oer twifele oft dizze saneamde Slach oan it Manpaad wol wier bard is.

Witte fan Haamstede is yn 1321 ferstoarn.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]