Springe nei ynhâld

Wite spjocht

Ut Wikipedy
wite spjocht
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftspjochteftigen (Piciformes)
famyljespjochten (Picidae)
skaaiswarte beamkrûpspjochten (Melanerpes)
soarte
Melanerpes candidus
Otto, 1796
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De wite spjocht (Melanerpes candidus) is in fûgel yn it skaai swarte beamkrûpspjochten (Melanerpes) út de famylje fan 'e spjochten.

Fûgel yn Aracaju, Sergipe, Brazylje.

Wite spjochten wurde 24 oant 29 sm lang en weagje 98 oant 136 gram. It fearrekleed is oan 'e ûnderkant en op 'e kop wyt oant krêmwyt. De boppefearren op 'e wjukken en de sturt binne swart mei in blauwe glâns. De slachpinnen en sturtfearren binne brúnswart. It wite fearrekleed rint by de sturt noch wat troch; de bûtenste sturtpinnen ha meast in pear wite plakken oan 'e ein. De ûnderwjukken binne griisbrún mei swarte dekfearren. Op 'e ûnderbúk sit faak in ljochtgiel plak. Efter it each rint in swarte, kromme streek oant yn 'e nekke.

De fûgel hat in brede giele eachring. De swarte, relatyf lange snaffel hat in wat beitelfoarmige punt. Oan 'e basis is de snaffel relatyf breed en fealswart of grieneftich. Syn poaten binne oliif- oant griisgrien en de iris is wyt oant blaueftich wyt of giel.

Mantsjes en wyfkes lykje in soad op inoar. It mantsje is te ûnderskieden mei't syn langere fearren yn 'e ûndernekke ljochtgiel binne. By it wyfke is de swarte streek efter it each oant de nekke doffer. De jonge spjocht liket in soad op in folwoeksen fûgel, mar syn fearren binne bruner, it giel op 'e búk is doffer en de eachring is griis en minder opfallend.

Wite spjochten libje yn Súd-Amearika fan 'e benedenrin fan 'e Amazône yn Brazylje oant eastlik Bolivia, Paraguay, westlik Oerûguay en Argentynje. Ek komt er foar yn Perû en de kustkrite fan Frânsk-Guyana en Suriname. De soarte is monotypysk.

It habitat bestiet út dûge, subtropyske bosken en savannes mei genôch begroeiing oant in hichte fan 2200 m. Fierder wurdt de fûgel waarnommen yn mangroves, boskrannen en kultuergrûn lykas plantaazjes en beamhôven. De soarte docht it goed yn oanplanting fan yntrodusearre plantesoarten, lykas popelbeammen en eucalyptus.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte is in sosjale fûgel en libbet yn lytse groepen, dy't in soad leven meitsje. De fûgel roffelet nei alle gedachten net of mar in hiel lyts bytsje, mar der is noch net in soad stúdzje nei dien. [[Ofbyld:Pica - Pau - Branco.jpg|thumb|left|Foerazjearjende fûgels.}} Wite spjochten binne stânfûgels, mar fleane somtiden wol yn groepkes grutte einen op 'e strún nei fruit en sied. Lykas in soad spjochten yt er ek ynsekten en hy brekt regelmjittich ealjebijenêsten iepen foar de hunning, de larven en de flechtsjende ealjebijen. Underweis hâlde se skoft om yn fruitbeammen te foerazjearjen. Oars as de measte spjochtsoarten hat de wite spjocht in rjochte flecht mei in djippe wjukslach.

It briedseizoen fan 'e wite spjocht leit fan septimber oant novimber. De balts bestiet û.o. út it hippend omheech klimmen mei flapperjende wjukken en it op en del fleanen tusken twa tûken. It mantsje hâldt by de balts syn kopfearren meast oerein.

It nêst sit yn in úthakte beamholte, mooglik ek yn rotsholtes. Der wurde trije oant fjouwer aaien lein, dy't beide âlders útbriede. Mooglik briedt de fûgel ek yn koloanjes. 35 dagen nei it útkommen fan 'e aaien kinne de jongen fleane.

Der wurdt in soad op 'e fûgel jage om't er skea bringt oan beamhôven en plantaazjes. Om Buenos Aires wurdt de fûgel ek fongen foar de hannel as kouwefûgel. Wite spjochten komme lykwols yn in grut gebiet foar en ek yn beskerme gebieten. De fûgel past him boppedat maklik oan by feroaringen oan it habitat. De oantallen fan 'e soarte nimme ta, benammen yn stêden. Dêrfandinne stiet de wite spjocht as net bedrige (LC, 2024) op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: