Wite plúmreager
| Wite plúmreager | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Fûgel yn briedfearren. | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ardea plumifera | ||||||||||||
| Gould, 1848 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De wite plúmreager of wite plomreager (Ardea plumifera; synonimen: Egretta plumifera, Mesophoyx plumifera) is in fûgel út de famylje reagerfûgels (Ardeidae) .
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De wite plúmreager is in kompakte wite reager dy't mei in lingte fan 68 oant 76 sintimeter wat grutter is as de lytse wite reager en de easterske feereager, mar lytser as de grutte wite reager. Yn 'e briedtiid ferkleuret de giele snaffel nei oranje oant read en tusken de snaffel en it fearreleas plak tusken de snaffel en it each feroaret dan yn in opfallend grien hûdplak. De poaten wurde yn 'e briedtiid reader en binne bûten de briedtiid boppe giel en ûnder swart.
Fersprieding en taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fugel komt foar yn East-Yndoneezje, Nij-Guineä en Austraalje. Foarhinne waard de fûgel as in ûndersoarte fan 'e middelste wite reager (Ardea intermedia) beskôge, mar sûnt 2014 erkend BirdLife International de wite plúmreager as in aparte soare. Sûnt 2023 folge it ynfloedrike IOC en eBird/Clements dêryn.
Ek it sibskip fan 'e fûgel mei oare reagersoarten hat in saak fan oerlis west. Foarhinne waard it soartekompleks yn Egretta set, mar DNA-ûndersyk toande oan dat se nauwer besibbe binne oan 'e reagers yn Ardea, de grutte wite reager en de feereager. Guon setten se dêrom yn it eigen skaai Mesophoyx (Sharpe, 1894), mar de measten kieze der hjoed-de-dei foar om se yn it skaai Ardea op te nimmen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt meast op ûnderstrûpt lân sjoen mei net in soad begroeiïng, lykas rysfjilden, greiden en sâltmarren, by suveringsynstallaasjes esfh. Hy foerzjarearret troch stadich te rinnen op 'e strún nei fisken, amfibyen of slangen, mar ek wringeleazen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte as libbensfetber. Populaasjetrends binne net dúdlik.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

