Wite Tsjerkje (Boelensloane)

Ut Wikipedy
Wite Tsjerkje
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Smellingerlân
plak Boelensloane
adres Boelenswei 52
koördinaten 53° 09' N 6° 08' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Fuortsette Grifformearde Tsjerken yn Nederlân
Arsjitektuer
boujier 1905
Webside
Side Fuortsette griff. gemeente Boelensloane
Kaart
Wite Tsjerkje (Fryslân)
Wite Tsjerkje

It Wite Tsjerkje is in fuortsette grifformearde tsjerke yn Boelensloane.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Wite Tsjerkje waard yn 1905 as in herfoarme evangelisaasjekapel boud.

Sûnt de skuorring fan de grifformearde gemeente fan De Kompenije yn 2006, koe de dêrút ûntsteane fuortsette grifformearde gemeente it gebouke hiere fan de herfoarme tsjerke fan Surhústerfean.

Nei trije jier fusearre de herfoarme gemeente fan Surhústerfean mei de grifformearde gemeente. It tsjerkje waard doe op 16 oktober 2009 ferkocht oan de fuortsette grifformearde gemeente, dy't der noch jimmeroan alle sneinen gebrûk fan makket.

De oarspronklike banken binne tsjintwurdich ferfongen troch stuollen en ynstee fan in houten flier lizze der no tegels. Ek it liturgysk sintrum is feroare; de preekstoel ferhûze mear nei it midden en boppe it krús en de preekstoel waard in tekst oanbrocht mei de wurden: Het Woord van Christus wone rijkelijk in U.

De leden fan de fuortsette grifformearde gemeente komme fan De Kompenije en Boelensloane, mar ek út Drachten en oare plakken.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ienmanualige oargel fan de tsjerke hat acht registers en in oanhongen pedaal.[1]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: