Wite Mar

Ut Wikipedy
De Wite Mar, 2018

De Wite Mar is in (eardere) heidepoel of marke yn de gemeente Opsterlân. It marke leit yn de bosken súdeast fan Beetstersweach oan it Himrikerpaad en besuden de Poastwei en hat gjin ferbining mei oare wetters. De namme Wite Mar is sûnt 15 maart 2007 de offisjele namme yn 't plak fan de eardere namme Witte Meer.

Fanwegen de betreklik koarte ôfstân fan Beetstersweach is de mar al fan 1900 ôf as iisbaan yn gebrûk. Om seker te wêzen fan in heech genôch wetterpeil is der in piiplieding oanlein tusken de mar en it Keningsdjip dy't fan 1971 oant 1977 foar wetteroanfier fan de mar soarge. Fan 1977 ôf wurdt grûnwetter oppompt om it wetterpeil regelje te kinnen. Om in gaadlike iisbaan te krijen binne rillen útdjippe.

Reedriders op de Wite Mar, iere 20e iuw

De mar hat wierskynlik syn namme te tankjen oan de wite sânlaach op de boaiem fan de mar. Dêrûnder leit in laach balstienliem. Yn en om it marke libje amfibyen lykas heide- griene- en poelkikkerts, njirren, ringslangen en lytse wettersalamanders. It gebiet is in peargebiet foar podden, dy't yn de maitiid út harren oerwitteringsplakken yn it Alpherbosch nei de mar lûke. De Poastwei dy't troch it gebiet rint is geregeld in obstakel foar dy trek.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: