Wissenkerke
| Wissenkerke | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | Seelân | |
| Gemeente | Noard-Bevelân | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 1.240 (2026)[1] | |
| Oerflak | 11,42 km², wêrfan wetter: 0,37 km² | |
| Befolkingsticht. | 112 ynw./km² | |
| Hichte | 0 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 4491 | |
| Netnûmer | 0113 | |
| Offisjele webside | ||
| www.noord-beveland.nl | ||
| Kaart | ||
Wissenkerke (Siuwsk: Wissekaerke) is in doarp yn 'e gemeente Noard-Bevelân yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. Der wenje 1.240 (2026) minsken yn Wissenkerke. It is it haadplak fan 'e gemeente Noard-Bevelân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wissenkerke wurdt yn 1242 foar it earst as selsstannige parochy neamd, mar de krekte lokaasje fan dat doarp is ûnbekend. Nei in wettersneed yn 1352 waard it doarp op in oare lokaasje werboud. By de ramp fan 1530/1532 ferdronk ek dat doarp; allinnich de tsjerketoer bleau noch boppe wetter útstekken. It hjoeddeiske Wissenkerke waard yn 1652 stifte. De namme is nei alle gedachten in kombinaasje fan 'e namme Wisse en kerke.
Untwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stadichoan groeide it doarp en de ynwenners gyngen allegear trou nei de tsjerke yn Colijnsplaat. Dat wie in hiele reis en al hielendal winterdeis. Sûnt 1661 krige it doarp in eigen dûmny, J. Lievens, en fuort nei 1670 waard de earste provisoaryske houten tsjerke ferfongen troch in stiennen tsjerke. De strjitte fan it doarp binne parallel en heaks oanlein op 'e haadstrjitte, de Foarstrjitte.
Oarspronklik hie it doarp in eigen haven, mar troch nije ynpolderingen (lykas de Thoornpolder yn 1697 en de Willemspolder yn 1771) slike de Cruijckelcreke ticht en ferdwûn de haven. De lêste tiid rjochtet it doarp him op toerisme.
Ofbyden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nôtmûne 'Landzigt'
- Nôtmûne 'De Onderneming'
- Oargel yn 'e doarpstsjerke
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Noard-Bevelân | ||
|---|---|---|
| Stêd: Kortgene | ||
| Doarpen: Colijnsplaat • Geersdijk • Kamperland • Kats • Wissenkerke | ||
| Utbuorrens: Plankendorp • Stroodorp | ||
