Wirzenborn
Appearance
| Wirzenborn | ||
| Slot fan Montabaur | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| dielsteat | ||
| lânkring | Westerwaldkreis | |
| Kreisstadt | Montabaur | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 62 (2018) | |
| Oerflak | 1,43 km² | |
| Befolkingsticht. | 43 ynw./km² | |
| Hichte | 189–220 m. | |
| Oar | ||
| Postkoade | 56410 | |
| Koördinaten | 50° 25' N 7° 51' E | |
| Kaart | ||
Wirzenborn (lokaal Weazeborn) is stedsdiel en in Ortsbezirk fan Montabaur yn de Westerwaldkreis yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Oant 1972 wie Wirzenborn in selsstannige gemeente yn de doetiidske Unterwesterwaldkreis.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wirzenborn leit yn it noardlike diel Westerwâldske diel fan it Natoerpark Nassau yn it Gelbachtal, likernôch 3 kilometer eastlik fan de binnenstêd fan Montabaur. Under it doarpsgebiet hearre ek de oan de rjochter kant fan de Gelbach lizzende delsettings Grubenhaus en Wirzenbornermühle.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Beafeartstsjerke fan Wirzenborn.
- De krúswei út de 18e iuw (foar in part fernijd).
- inkelde 17e en 18e iuwske fakwurkhûzen.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wirzenborn fan Wikimedia Commons. |