Springe nei ynhâld

Winterkob

Ut Wikipedy
winterkob
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaiwinterkobben (Rissa)
soarte
Rissa tridactyla
Linnaeus, 1758
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     wintergast

De winterkob (rissa tridactyla) is in fûgelsoarte yn it skaai winterkobben (Rissa) út de famylje seefûgels (Laridae).

In folwoeksen fûgel is tusken de 37 en 42 sintimeter lang en hat in spanwiidte fan 93 oant 105 sintimeter. De soarte is unyk yn 'e famylje fan seefûgels om 't syn eftertean mar in lyts knobbeltsje foarmet. Dat jildt lykwols allinich foar de nominaatûndersoarte R. t. tridactyla en net foar de ûndersoarte R. t. pollicaris dy't, lykas de wittenskiplike namme al seit (pollux = tomme), in normaal ûntwikkele eftertean hat.

Folwoeksen fûgels yn it winterkleed.

De folwoeksen fûgel is te ferlikenjen mei de ûnwaarsfûgel mei in wite kop, nekke, ûnderkant, bopperomp en sturt. De boppewjukken binne yn twa kleuren griis en de wjukpunten binne folslein swart. De snaffel is gielgrien. Winterdeis is it fearrekleed fan 'e folwoeksen fûgels hast itselde as de simmerdracht, útsein dat se yn 'e nekke in grize bân ha en by it ear in donkere bân yn 'e foarm fan in heale moanne.

By jonge fûgels binne de ferskillen grutter. Yn it earste winterkleed ha se swartgrize snaffels. Op 'e boppewjukken ha se boppedat in swarte tekening yn 'e foarm fan in "W". Ek ha se in dúdlike swarte bân yn 'e nekke. Nei twa jier krije de fûgels in folwoeksen kleed.

Dizze soarte briedt yn Yslân, de Fêreu-eilannen, Bretanje, Normandje, Noarwegen, noardlik Ruslân, noardlik Sibearje, noardwestlik Amearika en Grienlân op steile rotskusten en op berchrichels, yn Noarwegen ek op útstekkende dielen fan gebouwen tichteby de see. Hy oerwinteret fan 'e Atlantyske Oseaan oant de Kaapverdyske eilannen, op 'e Noardsee en ek út en troch op 'e Eastsee en de Middellânske See.

Twa ûndersoarten wurde ûnderskieden:

  • Rissa tridactyla tridactyla: fan noardlik en eastlik Kanada en noardlik Europa oant noardlik Ruslân.
  • Rissa tridactyla pollicaris: fan eastlik Sibearje oant westlik Alaska.

Oan 'e Nederlânske kust binne winterkobben it hiele jier troch te sjen, mar fral winterdeis as der tsientûzenen fûgels yn ús kontreien oerwinterje. Op it Nederlânsk Kontinintaal Plat fan 'e Noardsee komt de fûgel ek as briedfûgel foar, wêrby't it giet om minstens hûnderten briedpearkes.[1]

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De winterkob wurdt yn it fyfte jier geslachtsryp en foarmet pearkes dy't meastentiids harren hiele libben byinoar bliuwe. It briedseizoen rint fan maaie oant july en de soarte briedt yn koloanjes op steile kliffen, mar soms binne der ek koloanjes op 'e grûn op eilannen. De jongen dy't berne wurde yn in koloanje op in klif binne feiliger foar natuerlike fijannen as dyjingen dy't op 'e grûn grutbrocht wurde.

Nêsten fan winterkobben.

It wyfke leit ien oant trije brune aaien mei donkere plakjes fan likernôch seis sintimeter grut yn in nêst dat it pear tegearre bout fan grûn, modder en plantedielen. It materiaal wurdt dêrnei ta in dridzige massa fertrape, dêr't de fûgel yn rôlet om in nêstkom te foarmjen. Sa wurdt der in râne om it nêst makke en as de modder útdrûget, wurdt it nêst tige hurd. Beide âlden soargje foar de jongen, dy't nei fiif oant acht wiken útfleane kinne. Trochstrings libje noch 24 fan de 100 jongen as se geslachtsryp wurde. De meast foarkommende iere deadsoarsaken binne stoarmen, dy't kinne de fûgels útputte, en brek oan iten of ferwûnings troch bygelyks oaljelekkaazjes.

It iten bestiet út lytse fiskjes, hjerrings, kreeften, garnalen, wjirms en ies. Simmerdeis fangt er ek ynsekten. Hy folget fiskersboaten en yt by gelegenheid ek fiskôfeart.

De populaasjegrutte waard yn 2016 op 15 miljoen fûgels rûsd, mar de oantallen nimme rap ôf en de soarte wurdt dêrom as kwetsber op 'e Reade list fan 'e IUCN neamd. De bedrigingen foar de soarte binne klimaatferoaring wêrtroch der minder proaien binne. Dêrnjonken binne it oerfiskjen, de oaljefersmoarging en de wynmûneparken op see in bedriging.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: