Springe nei ynhâld

Winter Lost

Ut Wikipedy
Winter Lost
algemiene gegevens
auteurPatricia Briggs
taalIngelsk
foarmroman
sjenrefantasy
1e publikaasje2024, New York
oarspr. útjwr.Ace Books
rige
rigeMercy Thompson
● foarich dielSoul Taken
● folgjend dielnoch net bekend
kodearring
ISBN978-0 35 65 18 329

Winter Lost (letterlik: "Ferdwaald by 't Winter") is it fjirtjinde diel fan 'e Mercy Thompson-rige fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. It is in fantasyroman fan it subsjenre fan 'e urban fantasy, dy't foar in diel skreaun is yn it ik-perspektyf en foar in diel yn it personele perspektyf. It boek ferhellet oer de Amerikaanske monteur Mercedes "Mercy" Thompson, in jonge frou fan heal-Yndiaansk komôf dy't harsels feroarje kin yn in prêrjewolf. Yn Winter Lost ûntdekt se dat immen in flok útsprutsen hat oer har broer Gary. Mei har man Adam, in wearwolf, ferlit se dêrom de Tri-Cities yn Washington om yn in sniestoarm yn Montana op 'e siik te gean nei dejinge dy't dêr ferantwurdlik foar is. Winter Lost waard foar it earst publisearre yn 2024, yn 'e foarm fan in hardcoveredysje, yn 'e Feriene Steaten troch útjouwerij Ace Books en yn it Feriene Keninkryk troch Orbit.

Eftergrûn fan 'e searje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mercedes "Mercy" Thompson is in jonge frou dy't it fermogen om harsels yn in prêrjewolf (coyote) te feroarjen urven hat fan in Yndiaanske heit dy't in ynkarnaasje fan 'e godheid en trickster Coyote wie. Hja hie yn 'e Tri-Cities (Richland-Kennewick-Pasco), yn 'e Amerikaanske steat Washington, as monteur en eigneresse fan in garaazje in relatyf normaal bestean opboud oant se yn 'e foargeande dielen fan 'e searje almar djipper behelle rekke yn 'e oangelegenheden fan 'e pleatslike boppenatuerlike mienskip. Boppedat is se ûnderwilens troud mei har eardere buorman Adam Hauptman, in skieden heit mei in teenagedochter, dy't ek de alfa (lieder) fan 'e pleatslike Columbia-ridel fan wearwolven is.

Mercy hat fan har gedoente mei de Sielenimmer (sjoch: Soul Taken), in moardsuchtich magysk artefakt, in geastlike wûne oerholden dy't har net inkeld oanhâldend pineholle jout, mar ek kwetsber makket foar alderhanne slach mytyske wêzens, mei't har fûnk fan godlike magy, dy't har har boppenatuerlike krêften jout, foar eltsenien bleat kommen is te lizzen. Hja besiket genêzing te finen by al dejingen dy't se fertrout, mar nimmen dy't har helpe kin. Underwilens wurdt se tillefoanysk stalkt troch Iacopo Bonarata, de saneamde 'Hear fan 'e Nacht', in tige machtige fampier dy't de boppenatuerlike fermiddens fan hiel Jeropa oerhearsket. Dyselde hatet har en wol har libben ferrinnewearje om't Mercy him by in eardere konfrontaasje te fluch ôf wie en foar gek stean litten hat (sjoch: Silence Fallen).

Bonarata hie ek de hân yn it loslitten fan 'e Sielenimmer yn Mercy har wenplak, de Tri-Cities yn 'e Amerikaanske steat Washington. By in konfrontaasje tusken him en Mercy har man Adam Hauptman, de alfa fan 'e pleatslike ridel wearwolven, weefde Bonarata handich mei Adam ôf. Sadwaande is Adam, dy't as eardere kommando yn it Amerikaanske Leger dochs ek net de minste wie, sûnder dat Mercy it wit by har freon en âlde baas Zee yn 'e lear gien. Zee, folút Siebold Adelbertsmiter, is eins in oerâlde en tige machtige ierdgeast dy't yn Midsiuwske folksferhalen bekend stiet as Loan Maclibhuin, de Dûnkere Smid fan Drontheim.

Under har wurk yn har garaazje wurdt Mercy opskille troch Mary Jo, ien fan 'e trije froulike wearwolven út 'e ridel, dy't har freget om har dy jûns te moetsjen yn 'e bar fan omke Mike, de stamkroech fan 'e pleatslike boppenatuerlike mienskip. Mercy is dêr bliid mei, want lang net alle wearwolven akseptearren har daliks doe't se in relaasje mei Adam krige, en Mary Jo wie lange tiid de liedster fan it ferset. Wannear't Mercy nei har wurk nei de bar fan omke Mike giet, sjocht se dêr yn 'e krystbeam in sulveren spin dy't har suver hypnotisearret. Omke Mike, in griene man, moat har mei sêfte oantrún by de beam wei helje. Mary Jo blykt it útmakke te hawwen mei har frijer Alexander "Renny" Renton, in helpsheriff sûnder ek mar in greintsje fan it boppenatuerlike yn him. Hy hie Mary Jo in houliksoansiik dien, mar sy wie fierstente bang dat sa'n formele bân mei har him ta doelwyt fan 'e fijannen fan 'e ridel meitsje soe. Fan Mercy wol se witte hoe't sy en Adam mei sokke dingen omgien binne, mei't Mercy ek safolle kwetsberder is as Adam. Mercy antwurdet dat de leafde tusken har en Adam sa grut is dat der nea sprake fan wie dat sy inoar gewurde litte koene. Se riedt Mary Jo oan om nochris goed oer it spul nei te tinken.

Mercy rekket frij hommels nei hûs as se berjocht kriget fan Adam dat har broer Gary delkommen is. Gary Laughingdog is eins Mercy har healbroer en in soan fan Coyote. Hy is yn syn pick-uptruck alhiel út Montana kommen, mar hy liket nimmen werom te kennen en hy kin ek net kommunisearje; as er wat besiket te sizzen, komt der inkeld wartaal út. Mercy-en-dy helje Honey derby, in froulike wearwolf op wa't Gary fereale is en mei wa't er geregeldwei kontakt ûnderholden hat fia e-mail. Dat helpt, want har liket er oan har rook werom te kennen. Mercy wurdt om Gary hinne magy gewaar, dat se freget Zee om help. De âlde ierdgeast stelt fêst dat in jötunn (meartal: jötnar), in iisreus, in flok oer Gary lein hat. Zee kin de flok sels net brekke, mar der libbet yn 'e Tri-Cities in iisreus dy't Ymir hjit. Zee en dy syn soan Tad warskôgje Mercy dat Ymir ûnberekkenber is, en Honey fertelt dat de jötnar it fermogen hawwe om wolven, wearwolven ynbegrepen, ta har te roppen en har wil op te lizzen. Mar Mercy beslút it te weagjen en freegje Ymir om help.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dat blykt gjin goed idee te wêzen. Ymir is net inkeld ûnberekkenber, mar planút falsk. Hy befêstiget dat Gary ferflokt is troch in oare iisreus, mar seit dat hy de flok net opheffe kin, hoewol't Mercy mei de oergefoeligens dy't de Sielenimmer har jûn hat, fernimt dat dat in leagen is. Ta oermjitte fan ramp blykt Ymir in lid fan 'e ridel, Mary Jo, yn 'e macht te hawwen en hy besiket Mercy deryn rinne te litten troch har ynstimme te litten mei in ruil wêrby't er har tinke lit dat er it oer wat oars hat, wylst er yn wurklikheid besiket om har ôfstân dwaan te litten fan 'e oanspraken fan 'e ridel op Mary Jo. Zee stekt dêr lykwols in stokje foar troch derop te wizen dat hy dejinge is dy't Ymir frege hat om del te kommen, en dat in ruil, as dêr al sprake fan is, tusken hìm en Ymir plakfynt ynstee fan tusken Mercy en Ymir. De iisreus wol syn wearwolf net opjaan, en om't er by Adam en Mercy yn 'e hûs te gast is, kinne se him net fysyk oanfalle. Dat soe nammers it gasterjocht geweld oandwaan, dat de ierdgeasten allegearre hiel heech hawwe. Mar Adam brûkt de mystike bannen tusken de leden fan syn ridel om Mary Jo fan binnenút skjin te baarnen fan 'e ynfloed fan Ymir mei de tsjoenderij fan Sherwood Post (sjoch: Soul Taken), it fjoer fan Joel Arocha (sjoch: Night Broken) en de godlike fûnk fan Mercy. De iisreus jout him lulk ôf.

Adam jout Gary en Mary Jo op 'e noed fan Honey, draacht de swierrichheden fan syn befeiligingsbedriuw yn Nij-Meksiko, dêr't er op it punt stie hinne te reizgjen, oer oan syn bêtawolf Daryl Zao en dy syn frou Auriele, en lit de ridel yn 'e Tri-Cities efter ûnder de lieding fan Warren Smith en Sherwood Post, dy't trêde en fjirde yn rang binne. Sels set er hommels mei Mercy ôf om genêzing te sykjen foar Gary. Se reizgje nei Montana, dêr't Gary de winter oer oppasser fan in hynsteranch wie, wylst de eigners yn Kalifornje oerwinteren.

Dwers troch in oanboazjende sniestoarm dy't hiel Montana stil leit en dy't neffens Mercy net natuerlik is, wrakselje Mercy en Adam harren in wei nei dy ranch ta. Dêr wurde se opwachte troch de iisreus Hrímnir, de broer fan Ymir. Dyselde beskuldiget Gary derfan dat er in magysk artefakt, in liere, fan him stellen hat. Hy soe dat muzykynstrumint deunby ferburgen hawwe yn in resort mei waarmwetterboarnen dêr't it foar Hrímnir ûnberikber is om't dat in hillich plak is dat beskerme wurdt troch in lânseigen manitou (geast fan it lân), dy't assosjearre is mei it elemint fjoer, dat de antyteze is fan 'e iis en snie fan in iisreus. Hrímnir is sa opsternaat dat er swart om 'e sniestoarm, dy't syn wurk is, geande te hâlden oant eltsenien yn it resort omkommen is. Mercy redendielt mei him en freget him hoe't dat him helpe soe om syn liere werom te krijen. Hja stelt foar dat Hrímnir har en Adam trochlit, sadat sy syn liere foar him weromhelje kinne, wêrnei't Hrímnir yn ruil dêrfoar de flok opheffe sil dy't er Gary oplein hat. Hrímnir, dy't in reedliker iisreus is as syn broer, giet akkoart mei dat kompromis, dat Mercy en Adam sette nei it resort Looking Glass Hot Springs ta.

Dêr arrivearje se te neare nacht. De stêf fan it resort leit dan fansels mei it fel oer de eagen, mar Mercy en Adam moetsje de fampier Elyna Gray út Chicago (sjoch: Gray), dy't yn it resort is foar in trouwerij te Midwinter. Elyna is de (oannommen) muoike fan 'e breid, Tammy Vanderstaat. Hja is mei Tammy, har heit Peter en in stikmannich fan Peter syn maten, allegearre plysjes by it Chicago Police Department, yn 'e auto nei Montana reizge om't ferfier per fleantúch problematysk is foar fampieren. By har is ek har man Jack O'Malley, dy't al krapoan in iuw in spûk is sûnt Elyna him by fersin deade nei't hja krekt ta fampier makke wie (sjoch: Gray). Mercy sjocht yn it resort ek de sulverne spin werom, dy't se earder yn 'e bar fan omke Mike sjoen hat. Sa't se earder daliks al foar it ferstân hie, is it gjin gewoane spin. As de sulverne spin Jack oanfalt en syn enerzjy opsûcht sadat it spûk begjint te ferdizenjen, fielt Mercy har troch de panyk fan Elyna twongen om Jack te helpen en him in stevigere gryp op 'e fysike wrâld te jaan. Neitiid hat se it gefoel dat de spin har dêrta manipulearre hat.

Mei de help fan Elyna diele Mercy en Adam de oanwêzigen yn it resort op yn fjouwer groepkes:

Wannear't se dyselden de oare moarns by it brea-iten moetsje, merkt Mercy op dat Dylis Heddar in ierdgeast is, wylst har man lang lyn ek in ierdgeast mank syn foarâlden hân hawwe moat. Liam Fellows is in griene man, krekt as omke Mike, en de Morgans binne eardsken.

Foarsichtich ûndersyk nei de lokaasje fan 'e liere smyt net folle op. Adam fertinkt de Morgans derfan dat sy dejingen binne dy't de liere ferbergje, mar Mercy is dêr noch net sa wis fan. Se beslút Liam yn fertrouwen te nimmen oer wat sy en Adam by de ein hawwe, en Liam leit op syn beurt út dat hjir mear geande is as wat op it earste each liket. De trouwerij op Midwinterdei is bedoeld, sa leit er út, om 'e wrâld te rêden fan Ragnarök, de Ein fan 'e Tiden sa't dy yn 'e Noardske mytology foarsteld wurdt. Eltse 144 jier moat nammentlik in telch út 'e famylje Heddar mei Midwinter op in hillich plak trouwe om 'e dêrmei de Grutte Tsjoen te fernijen dy't de hellehûn Garmr bûn hâldt. It loskommen fan Garmr soe nammentlik it earste barren wêze yn in net te kearen keatling fan foarfallen dy't ta de ferneatiging fan 'e wrâld liede soene. Nei wat Mercy en Adam him ferteld hawwe, mient Liam dat immen mei opsetsin de liere fan Hrímnir stellen hat om 'e iisreus sa lulk te meitsjen dat er mei syn sniestoarm Looking Glass Hot Springs ûnberikber makke foar de brêgeman en sa de trouwerij tsjinhâldt mei Ragnarök as gefolch.

Mercy set middeis nei de ranch ta dêr't Gary wurke, yn 'e hope dat se Hrímnir treffe sil. Dat bart yndie. Wannear't se de iisreus de teory fan Liam foarleit, befêstiget Hrímnir dat it skoan sa wêze kinne soe. It docht bliken dat Hrímnir sels de tsjoender is dy't de Grutte Tsjoen makke hat en dat syn liere de kaai ta de betsjoening is. De iisreus is lykwols sa'n oerâld wêzen, dat er de tel fan 'e jierren kwytrekke wie en der gjin aan fan hie dat der alwer 144 jier om wiene. Hy fertinkt syn broer Ymir derfan dat dy efter de sabotaazje fan 'e Grutte Tsjoen sit. Mar om't Hrímnir in eed sward hat, kin er no net mear werom en bêdzje de sniestoarm del. Wol kin er Mercy tasizze dat er alles yn syn macht dwaan sil om har te helpen en fyn foar Midwinter de liere werom.

Underweis werom nei Looking Glass Hot Springs wurdt Mercy oanfallen troch de hellehûn Garmr, dy't foar it meastepart geast blykt te wêzen. Syn byt rint Mercy lichaamlik amper wat fan op, mar har geast rekket der nammenste mear skansearre fan. Adam, dy't troch Jack warskôge wurdt, hastiget him yn syn wearwolvefoarm nei it plak fan 'e oanfal en wit Garmr in ein te ferdriuwen, oant der ynienen in reuseftige wite hartebok ferskynt, dy't de spektrale hellehûn op 'e hoarnen nimt en lek pript, wêrnei't er leechrint en weiwurdt. De hartebok feroaret yn in kreaze jongeman, dy't de brêgeman Zane Heddar blykt te wêzen. Hy is út Chicago mei in priveefleantúch oerkommen nei Spokane, yn Washington, en hat syn selskipslju efterlitten yn Bonner's Ferry, yn Idaho. Dêrwei is er yn syn hartefoarm dwers troch de wyldernis (en de sniestoarm) nei Looking Glass Hot Springs draaft, om dêr mar op 'e tiid foar Midwinter te wêzen.

Wannear't Mercy letter op bêd yn har hotelkeamer wer by besleur komt, beseft se dat de oanfal fan Garmr gjin tafal wie. Hrímnir, dy't Garmr yn syn macht hat, hie tasein alles dwaan te sillen om har te helpen de liere foar Midwinter werom te finen. En dat is krekt wat er dien hat troch har troch Garmr oanfalle te litten, wêrby't de hellehûn de dochs al slimme skea oan har geast noch minder makke hat. Har geastlike oergefoeligens is no noch helte slimmer, mei as resultaat dat se krekt wit wa't de liere yn besit hat. Adam, Liam en Zane hâlde har alle trije selskip, mar as Emily del komt mei it nijs dat se Able en Victoria Morgan deasketten oantroffen hat yn harren keamer, sette de mannen dy kant út om 'e boel te ûndersykjen. Mercy bliuwt allinnich efter, krekt sa't se hope.

Al rillegau giet de doar wer iepen en komt Hugo deryn, de hantsjemuoisfeint. Mercy begrypt no dat de man net geastlik beheind is, mar apart oerkomt om't er hielendal gjin minske is, mar in persona dy't Garmr de hellehûn foar himsels makke hat om in skoft as minske te libjen. Sa't soks giet mei sokke ynkarnaasjes is Hugo in eigen libben begûn te lieden. Hy begrypt net folle fan wat der geande is, mar wol dat hy stjerre sil as de trouwerij fan Zane en Tammy trochgiet. Op oantrúnjen fan Mercy befêstiget er dat er de liere hat, dy't oan him yn bewarring jûn is troch Gary. Able en Victoria wiene dieven stjoerd troch Ymir om 'e liere fan Hrímnir te stellen, mar Gary wie harren foar. (Mercy sjocht yn dy gong fan saken hiel dúdlik de hân fan Coyote.) Yn it resort spoarden de beide eardsken úteinlings de liere op, en Hugo seit dat er harren deasketten hat doe't se it ynstrumint fan him besochten te stellen. No is er fan doel om ek Mercy dea te sjitten, mei't sy de iennichste is dy't foar it ferstân hat wêr't de foarke fêstsit. Mar Mercy is him te fluch ôf en sjit him dea mei it pistoal dat se Adam ûntfytmanne hat foar't er fuortgie.

As de doar wer iepengiet, ferwachtet Mercy dat it Adam wêze sil, dy't op it lûd fan it skot ôfkommen is, mar dejinge dy't deryn komt is in âlde Yndiaanske frou. Mercy is der no min oan ta, mar de frou nimt har pine wei mei in wiuw fan har hân. Dan beseft Mercy dat de frou deselde is as de sulverne spin. De frou befêstiget dat en seit dat Mercy har Asibikaashi of Beppe Spin neame mei. Beppe Spin ropt Garmr by har, dy't no wer sawol geastlik as lichaamlik in oergrutte hûn is, en freget him de liere nei syn baas Hrímnir te bringen. Dêrnei troait se Mercy mei nei de waarmwetterboarnen, dêr't sy en de manitou fan dat hillige plak gearwurkje om Mercy har geast te genêzen. Beppe Spin makket har gjin yllúzjes dat eltsenien, sysels net útsûndere, manipulearre is troch Coyote. Dy âld trickster wie al dwaande om Ymir foar it lapke te hâlden, doe't er in kâns seach om Mercy yn 'e barrens by de Looking Glass Hot Springs te yntrodusearjen, sadat se dêre genêzing fine koe.

Mei de liere wer yn 'e hannen fan Hrímnir en de brêgeman op it juste plak kin de trouwerij op Midwinterdei dochs noch trochgean. Yn oanwêzigens fan 'e famylje fan 'e breid, de âldelju fan 'e brêgeman, Adam, Mercy en Emily wurdt it houlik fan Zane en Tammy ynseinge troch Liam. Gary wurdt ferlost fan 'e flok, Daryl en Auriele hawwe ûnderwilens de swierrichheden yn Nij-Meksiko oplost en Sherwood en Warren hawwe inoar net deamakke by harren mienskiplik liederskip oer de wearwolveridel.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Mercy Thompson (romansearje)
Silver* Fairy Gifts* Gray* Moon Called The Star of David* Blood Bound Iron Kissed Bone Crossed Roses in Winter* Silver Borne In Red, with Pearls* River Marked Frost Burned Redemption* Night Broken Hollow* Fire Touched Silence Fallen Storm Cursed Smoke Bitten Soul Taken Winter Lost
Alpha and Omega (romansearje)
Seeing Eye* Alpha and Omega* Cry Wolf Hunting Ground Fair Game Dead Heat Burn Bright Wild Sign Unappreciated Gifts** Must Love Cats: Aftermath** Asil and the Not-Date** Dating Terrors** Scheherazade**
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows; **) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Blind Date with a Werewolf