Springe nei ynhâld

Windsor Davies

Ut Wikipedy
Windsor Davies
akteur
Susie Silvey, Donald Sinden en Windsor Davies (rj.)
Susie Silvey, Donald Sinden en Windsor Davies (rj.)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Britsk
berne 28 augustus 1930
berteplak Canning Town, Londen
stoarn 17 jannewaris 2019 (88 jier)
etnisiteit Welsk
jierren aktyf 1962-2004
offisjele webside
(in) Davies, IMDb-profyl

Windsor Davies (Canning Town, East-Londen, 28 augustus 1930 - Súd-Frankryk, 17 jannewaris 2019) wie in Britsk akteur fan Welsk komôf, dy't yn 't foarste plak bekend waard troch syn rol as 'Sergeant Major Shut Up Williams' yn de komeedzjesearje It Ain't Half Hot Mum (yn Nederlân útstjoerd ûnder de titel Oh moeder, wat is het heet).
Davies wie film- en telefyzje-akteur en liende syn stim foar reklamefilmkes en voice-overs.

Davies waard berne yn Canning Town, Esseks, as soan fan Welske âlden, dy't yn 1940 werom giene nei harren berteplak Nant-y-Moel. Davies studdearre oan de Ogmore Grammar School en it Bangor Teacher Training College. Hy wurke yn in koalemyn en as ûnderwizer oan de Mountside School for Boys yn Leek (Staffordshire) en tsjinne as militêr yn Lybië en Egypte mei it East Surrey Regiment tusken 1950-1952 ear't er beslette om akteur te wurden. Davies troude op 3 jannewaris 1957 mei Eluned (Lynne) Evans. Sy stoar yn 2018. Se hiene fiif bern. Casting director Jane Davies is in dochter fan Windsor Davies.

Hy wenne ôfwikseljend yn Ingelân en Frankryk.

Telefyzjerollen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Davies syn meast bekende rol wie dy fan Battery Sergeant Major Williams yn de Britske sitcom It Ain't Half Hot Mum (1974–1981), dy't sawat alles wat him net oanstie fan syn minderen ôfdie mei in ferskuorrend lûd "Shut Up!!". In oare fraze fan him wie Oh dear, how sad, never mind, brocht op in drûch-iroanyske wize, at oaren fan betinken wiene dat se it dreech hiene. Davies en mei-akteur Don Estelle hienen in nûmer ien-hit yn it FK yn 1975 mei in heal-komyske fariant fan Whispering Grass.

Oare rollen op telefyzje wiene dy fan matroas Taffy yn de BBC-searje The Onedin Line (1971), in special branch detektive yn Callan (1972) en de antykkeapman Oliver Smallbridge yn Never the Twain (1981–1991), mei ûnder mear Donald Sinden. Yn 1967 hie er in rol yn de scien fiction telefyzjerige Doctor Who, ôflevering The Evil of the Daleks as Toby.

Oan him waard yn 1976 it programma This Is Your Life wijd.

Davies spile ek de rol fan Lord Mayor yn de BBC komedy-sitcom, Oh, Doctor Beeching! skreaun troch David Croft en Richard Spendlove yn 1997.

Davies hie grutte rollen yn twa Carry On films, Carry On Behind (1975) en Carry On England (1976) – yn de lêste wie er wer in sersjant-majoar. Hy spile Mog yn de Welske rugbyfilm Grand Slam (1978) en wie in sersjant yn it Highland Regiment yn Adolf Hitler: My Part in His Downfall (1973) mei Jim Dale en Spike Milligan.

Davies wie te sjen yn de folgjende films:

Nei syn pinsjoen wenne Davies yn Súd-Frankryk. Hy stoar op 17 jannewaris 2019 yn de âldens fan 88 jier, fjouwer moannen nei de dea fan syn frou Eluned.

  • 1975: Sing Lofty (mei Don Estelle)
  • 1978: Bless You for Being an Angel (mei Don Estelle)

Mei Don Estelle:

  • 1975: Whispering Grass
  • 1975: Paper Doll
  • 1976: I Don’t Want to Set the World on Fire
  • 1976: Nagasaki
  • 1978: Java Jive
  • 1979: Cool Water

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en referinsjes, sjoch ûnder: en:Windsor Davies