Springe nei ynhâld

Winchelliisfûgel

Ut Wikipedy
winchelliisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaitodysnaffeliisfûgels (Todiramphus)
soarte
Todiramphus winchelli
Sharpe, 1877
kwetsber

De winchelliisfûgel of Winchells iisfûgel (Todiramphus winchelli) is in fûgelsoarte fan it skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

De middelgrutte iisfûgel fan likernôch 25 sm lang hat donkerblauwe boppedielen en is wyt (by mantsjes) fan ûnder oant bêzje-oranje (by mantsjes). De fûgel is djipblau ûnder de krún, hat in swarte snaffel mei ljochte dielen op 'e ûndersnaffel en efter it noasgat in oranje plak. Se ha in wite kraach, dy't efter yn 'e nekke op oranje oergiet, in turkwaze stút en in donkerblauwe sturt. Wyfkes ha mear oranje, dat him somtiden oant it oer boarst ferspraat. De fûgel hat in soad fan 'e wytkraachiisfûgel, mar de Winchelliisfûgel is djipper blau en hat oranje efter yn 'e nekke.

De soarte is endemysk op 'e Filipinen, dêr't er op in grut oantal eilannen libbet.

Fan 'e soarte wurde fiif ûndersoarten erkend:

  • Todiramphus winchelli nigrorum: it sintrale en eastlik-sintrale diel fan 'e Filipinen.
  • Todiramphus winchelli nesydrionetes noardlik-sintraal Filipinen.
  • Todiramphus winchelli mindanensis: Mindanao.
  • Todiramphus winchelli winchelli: Basilan.
  • Todiramphus winchelli alfredi: Sûlû-eilannen.

De ûndersoarten ferskille fan inoar troch de mannichte bêzje oan 'e ûnderkant en blau oan 'e boppekant.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Winchelliisfûgel yt wringeleaze dieren en lytse wringedieren.

De populaasjegrutte wurdt rûchwei op 2.500 - 10.000 folwoeksen fûgels rûsd (1999) en de oantallen nimme troch de ferneatiging fan bosken ôf. De IUCN klassifisearret de fûgelsoarte op 'e Reade list as kwetsber (VU, 2016).

De wittenskiplike namme fan 'e fûgel ferwiist nei Newton Horace Winchell (1839-1914), in Amerikaanske geolooch en archeolooch.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: