Springe nei ynhâld

Wimpel

Ut Wikipedy
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


In wimpel is in lange smelle flagge. Wimpels wurde hyst as tafoeging op flaggefertoan, mar hja kinne ek los hyst wurde.

In wimpel kin hyst wurde as in tafoeging by in flagge. Sa kin foar in yn flagge dy't út in flaggefinster fierd wurdt, in wimpel meihyst wurden om it krekte doel fan it flaggefertoan te ferdúdlikjen. Itselde jildt foar in flagge dy't toant wurdt op in auto, dêr't ek de romte net is. Oarsom kin in wimpel hyst wurde sûnder flagge, dat de flaggemêst net leech liket, en dat it hûs net ferlitten liket.

Dat wimpels yn Nederlân in hegere flecht naam hawwe as yn buorlannen hat grif te krijen mei de Frânske tiid, doe't Frankryk it Blau-Wyt-Rea ynfierde, wat dan ek in Nederlân jilde moast. [boarne nedich] Om nei dy tiid te fieren dat Nederlân in kening hie, makke in ûnderskie foar it Rea-Wyt-Blau nedich. Grif hat dat holpen en meitsje it meihisen fan en oranjewimpel populêr.[boarne nedich] Yn Nederlân hawwe alle provinsjes in eigen wimpel krigen; yn Fryslân hat de Fryske Rie foar Heraldyk foar alle gemeenten, dy't dat woene, in eigen gemeentewimpel fêststeld.

In wimpel mei mar fjouwer pompeblêden is net goed op achte.

In wimpel is oan minder regels bûn as in flagge. Sa mei in flagge neidat de sinne ûnder is net mear úthingje, wylst dit mei in wimpel wol mei. Lykwols moat in wimpel fansels al ûnderhâlden bliuwe; it hâldt gjin pas as in wimpel ferslyt. By in protte wimpels komt dat sa presys net, om't de flecht fan in wimpel gauris gjin fierdere betsjutting hat. By de Fryske wimpel is dat lykwols oars, om't de flecht de sân pompeblêden út de flagge toant. Dat as in wimpel sá lang hinget dat der in pompeblêd te min is, dan hie de wimpel ferfongen wurde moatten.

Flaggen kinne meifierd wurde, yn de striid dat elst de eigen minsken fine kin, as yn in stoet de eigen troep. Wimpels binne mear lykas heraldyske wapens eat dêr't allinnich in fêst punt mei oantsjut wurde kin. Mar dat fêste punt kin fansels ek de top fan in skip wêze: In flegel.

Foarbylden fan wimpels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Provinsewimpels yn Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]