Wim van Krimpen

Ut Wikipedy
Wim van Krimpen, 2009-2011

Wim van Krimpen (Grins, 2 maart 1941) is in Nederlânske keunsthistoarikus en bestjoerder, earder galeryhâlder en direkteur fan de Keunsthal yn Rotterdam, it Frysk Museum yn Ljouwert en it Gemeentemuseum yn De Haach. Krige yn 1998 de Fryske Parsepriis.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Krimpen begjint syn wurksume libben mei in galery yn Amsterdam. Hy is ek inisjatyfnimmer fan de KunstRai yn Amsterdam yn 1982.

Fan 1988 oant 1994 is Van Krimpen interim-direkteur fan de Keunsthal yn Rotterdam, en oant 2000 direkteur. Sûnt 1 maart 1998 is hy tagelyk ek direkteur fan it Frysk Museum yn Ljouwert. Yn beide musea hat hy fernijende ideeën tapast. Per 1 jannewaris 2001 wurdt hy direkteur fan it Gemeentemuseum De Haach yn De Haach. Op 1 jannewaris 2009 nimt Van Krimpen ôfskied as direkteur fan it museum,[1] dêr't hy opfolge wurdt troch de jonge keunsthistorikus Benno Tempel (1972).[2]

Yn Rotterdam wie Van Krimpen ek lid fan it 'Welstandscollege Rotterdam' en fan 1990 - 1992 lid fan it Quality Team Kop fan Súd. Dêrneist hat hy ferskate bestjoerlike funksjes beklaaid, lykas fan de Mondriaan Stichting, fan de Foundation European Art Manifestation, fan Stichting Nederlân Wrâldtentoanstellingen en Stichting Noordkunst.[3]

Yn it jier 2000 by syn ôfskiedsfeest yn de Kunsthal krige hy twa ûnderskiedings, in keninklike en in gemeentlike, foar syn fertsjinsten yn de Nederlânske kultuerwrâld. Hy waard beneamd ta Ridder fan de Oarder fan Oranje-Nassau. Nammens de gemeente krige hy de Wolfert van Borselenpeinje. Yn 2006 krige hy syn tredde bûtenlânske ûnderskieding, ûntfongen fan de ambassadeur fan Eastenryk yn De Haach, de hear Erwin Kubesch.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frysk Museum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Krimpen fynt dat it museum him beheine moat ta syn eigen taken en fiert inkele reorganisaasjes troch dy't him net botte populêr meitsje. Sa ûntnimt hy de provinsjale museumkonsulint syn kantoarromte yn it museum en stjit hy twa gebouwen ôf dy't troch it museum ûnderholden wurde: it midsiuwske tsjerkje fan Jannum en Fogelsanghstate. Van Krimpen reorganisearret ek de yndieling fan it museum. It âlde sulver út de kelder wurdt nei boppen helle. De dikke foardoar fan Gunnar Daan út de 90-er jierren wurdt troch glês ferfongen sadat it museum ynsjoen wurde kin. Van Krimpen hat in hûs yn Warkum.

Gemeentemuseum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2006 rekket Van Krimpen yn opspraak nei oanlieding fan de ferkeap op Sotheby's fan it stillibben 'lânskip mei stêd' fan de Russyske skilder Ilja Masjkov. It ôfstjitten fan it skilderij blykt inkele miljoenen mear op te bringen as ferwachte.[4]

Yn desimber 2007 beslút it Gemeentemuseum foto's fan de Iraanske keunstenaresse Sooreh Hera net te toanen dêr't de profeet Mohammed yn ferbân brocht wurdt mei homoseksualiteit. MuseumgoudA ferklearret him ree it wurk wól te eksposearjen.[5]

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wim van Krimpen hat meiwurke oan ferskate publikaasjes, wêrûnder:

  • 1992. Logo's voor de Kunsthal Rotterdam = Logos for the Kunsthal Rotterdam; yn gearwurking mei Wim van Sinderen en John Rudge. ISBN 90-74514-02-2
  • 2000. 200 in 2000 : acht jaar Kunsthal Rotterdam; gearst. Wim van Sinderen & Tessa Baars. Utjefte by gelegenheid fan it feestlik ôfskied fan Kunsthal-direkteur Wim van Krimpen op 2 septimber 2000. ISBN 90-400-9522-1
  • 2005. Veron Urdarianu; yn de mande mei Rudi Fuchs ISBN 90-9018720-0
  • 2006. Lucide domeinen = Lucid domains; yn de mande mei. B.C. Epker ISBN 90-810414-1-X
  • 2008. XXste eeuw; gearst. yn de mande mei Hans Janssen, Laura Stamps ISBN 978-90-400-8577-2

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Van Krimpen verlaat Haags museum Volkskrant 07 april 2008]
  2. Kunstbeeld : Benno Tempel nieuwe directeur Gemeentemuseum Den Haag
  3. Wim van Krimpen yn DOSSIER KUNSTBEELD.NL NR 11 2006.
  4. NRC: meevaller
  5. NOS: Standpunt i.z. Mohammed