Wim Gerritsma
| Wim Gerritsma | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 26 desimber 1913 | |
| berteplak | Hamburch | |
| stoarn | 21 oktober 1984 | |
| wurkpaad | ||
| wurksum as | grafikus, keunstskilder | |
| offisjele webside | ||
| RKD-profyl | ||
Wilhelmus Cornelis (Wim) Gerritsma (Hamburg, 26 desimber 1913 – 21 oktober 1984) wie in Nederlânske grafikus en keunstskilder.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gerritsma waard oplaat oan de Willem de Kooning Akademy yn Rotterdam (1926-1927) en De Haach (1928-1929), oan de Akademy Minerva yn de stêd Grins (1930-1934) en as lêste oan de Akademy fan Byldzjende Keunsten yn De Haach (1937-1938). Hy krige les fan ûnder oaren Dirk Harting en Willem Valk. Begjin fyftiger jierren wied er in skoft yn Yndonezië, yn Soerabaja. Fan 1958 oant 1965 wie er lid fan Ars Aemula Naturae yn Leien. Yn 1964 iepene er in keunsthannel yn Drachten, dêr't yn it earste jier Charles Eyck eksposearre.
Gerritsma skildere en tekene benammen neakenfigueren en hynders. Oare wurken fan him binne ûnder mear in brûnzen plakette fan wethâlder J.G. de Boer yn âldereinsintrum Rispinge (1957), in muorremozayk foar in legere skoalle yn De Wylgen (1961), in glês-yn-leadrút foar de nutssparbank yn Drachten (1965) en in smei-izeren gevelfersiering foar in beukerskoalle yn Bakkefean (1966).
Gerritsma stoar yn 1984 yn'e âldens fan 70 jier.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |