Wilsterflappen

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

It Wilsterflappen is in fangmetoade wêrby mei help fan in net Wilsters fong wurde.

It wilsterflappen mei netten is al iuwen ald. Op in skilderij fan om 1600 is it wilsterflappen al te sjen, de fangynstallaasje is yn al dy jierren hast neat feroare. In net wurd ûnder spanning op de grûn dellein. De fanger sit efter in skoele en besiket mei fluitsjen de wilsters op it lân neist it net te krijen, wêr't ek in tal lokfûgels delset wurde. Mei in line kin dit net dan omflapt wurde wêrby't de fûgels dy't neist it net sitte by it opfleanen út de loft wei skept wurde.

It Wilsterflappen, it fangen fan Wilsters mei in falnet hat yn guon streken, yn Fryslân meast yn de Súdwesthoeke, lang in berop en byferstjinste west. It waard hjir benammen dien omdat de trekrûte fan de noardlike -, de súdlike - en de lytse wilster oer it gebiet giet. De fûgels giene meast nei de lokale poelier. Yn 1979 is it ferbean, der waarden yn 1969 noch 37 lytse- of bysûndere jachtaktes útrikt. De wilsterflappers wienen sûnt 1909 feriene yn it Fryske Fûgelfangersbelang dat fêstige wie yn Ljouwert. O. Eenshuistra bestudearre omfang en skiednis fan it wilsterflappen en noatearre de fryske terminology yn Goudplevier en wilstervangst (1973).

Tsjintwurdich binne yn Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân noch hyltiten tsientallen wilsterflappers aktyf: sy brûke de tradisjonele fangmetoade as moderne technyk by it ûndersyk nei komôf, trek en ekology fan wilsters.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Jukema, Joop, Theunis Piersma, Jan B. Hulscher, Erik J. Bunskoeke, Anita Koolhaas en Arend Veenstra. Goudplevieren en wilsterflappers, eeuwenoude fascinatie voor trekvogels. Fryske Akademy Ljouwert / KNNV Uitgeverij Utert 2001. Akademy-nûmer 920. ISBN 90-5011-147-5

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: