Springe nei ynhâld

Wilmington (Noard-Karolina)

Ut Wikipedy
Wilmington
Emblemen
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Noard-Karolina
County New Hanover County
Sifers
Ynwennertal 120.324 (2022)
Oerflak 137,2 km² (ynkl. wetter)
133,1 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 877,0 / km²
Stêdekloft 255.329 (2020)
Hichte 13 m
Oar
Stifting 1732
Tiidsône UTC –5
Simmertiid UTC –4
Koördinaten 34°12′36″N 77°53′12″W
Offisjele webside
www.wilmingtonnc.gov
Kaart
De lizzing fan Wilmington yn New Hanover County en de steat Noard-Karolina.

Wilmington is in stêd yn 'e Amerikaanske steat Noard-Karolina. It is it haadplak fan it omlizzende New Hanover County. Wilmington leit oan 'e mûning fan 'e rivier de Cape Fear, deunby de Atlantyske kust. De stêd waard yn 1733 stifte en hie neffens in offisjele skatting yn 2022 likernôch 120.000 ynwenners. As stêdekloft, mei alle foarstêden derby, hat Wilmington in befolking fan 255.000 minsken.

Wilmington leit yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Noard-Karolina, oan 'e eastkant fan 'e mûning fan 'e rivier de Cape Fear. It wurdt inkeld fan 'e Atlantyske kust skaat troch de (folle lytsere) baaiplakken oan it strân Fort Fisher, Wrightsville Beach, Carolina Beach en Kure Beach. Wilmington hat in oerflak fan 137,2 km², wêrfan 133,1 km² lân en 4,1 km² oerflaktewetter. De stêd leit oan 'e eastlike útein fan 'e autosnelwei Interstate 40, dy't trochrint oant yn Barstow, oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan yn Kalifornje.

It Michell-Anderson House, dat datearret út 1738, is ien fan 'e âldste gebouwen fan Wilmington.

De krite dêr't Wilmington no leit, waard foarôfgeande oan 'e kolonisaasje troch de blanken al tûzenen jierren bewenne troch ferskate Yndiaanske folken. Yn 'e histoaryske perioade wiene dat stammen dy't Eastsûaanske talen sprieken. De earste Jeropeaan dy't it gebiet oandie, wie yn 'e iere sechstjinde iuw de Italjaanske ûntdekkingsreizger yn Frânske tsjinst Giovanni da Verrazzano. Yn septimber 1732, doe't de krite ta de koloanje Noard-Karolina kommen wie te hearren, dy't in besitting wie fan it Keninkryk Grut-Brittanje, waard troch gûverneur George Burrington in delsetting oan 'e rivier de Cape Fear stifte. It plak krige de namme New Carthage ("Nij-Kartago"), mar waard letter ferskate kearen omneamd, earst ta New London en doe ta Newton. Uteinlik, yn 1740, waard de delsetting ferneamd nei de Ingelske steatsman Spencer Compton, 1e greve fan Wilmington.

Guon fan 'e ierste kolonisten fan Wilmington wiene lju dy't út oare dielen fan Noard-Karolina en út 'e oanbuorjende koloanjes Firginia en Súd-Karolina kamen, mar de measten wiene ôfkomstich út 'e noardlike Britske koloanjes yn Noard-Amearika, de koloanjes yn West-Ynje, de Britske Eilannen en Noardwest-, Midden- en Noard-Jeropa. In protte fan harren wiene kontraktarbeiders dy't by oankomst yn omstannichheden ferkearden dy't yn 'e praktyk slavernij net wanlyk wiene, mei it ferskil dat der in yn 't foar ôfsprutsen eindatum oan dy sitewaasje siet. Troch in ekonomyske oplibbing yn 'e lannen fan oarsprong drûge dy boarne fan goedkeape arbeid lang om let op, wêrnei't wurkjouwers negerslaven út Afrika begûnen yn te fieren. Tsjin 1767 makken dyselden al mear as 62% fan 'e befolking fan Wilmington út. In soad fan harren wurken as havenarbeiders, wylst guon yn 'e skipsbou ynset waarden.

Yn 'e tiid fan 'e Amerikaanske Unôfhinklikensoarloch (17751783) bestie der yn Wilmington gâns ferset tsjin 'e Britten. De stêd spile dêrtroch en troch syn kommersjeel belang as wichtige haven in krúsjale rol yn 'e striid yn Noard-Karolina. Op 27 febrewaris 1776 waard yn 'e neite fan Wilmington de Slach by Moore's Creek Bridge útfochten, wêryn't de Amerikaanske rebellen in oerwinning behellen dy't Noard-Karolina oant 1780 stevich yn Amerikaanske hannen hâlde soe. Yn 1781 waard de stêd beset troch Britske troepen ûnder it befel fan generaal Charles Cornwallis.

It stedhûs fan Wilmington.

Yn it Antebellum bestie de grutte mearderheid fan 'e ynwenners fan Wilmington út swarten. De measten fan harren wiene slaven, mar der libbe yn 'e stêd ek in mienskip fan frije kleurlingen, dy't winkels hiene of de kost fertsjinnen as ambachtslju. Foarôfgeande oan 'e Rebûlje fan Nat Turner, in slave-opstân yn 1831 yn súdeastlik Firginia, hiene dy lju stimrjocht en wie it harren tastien om fjoerwapens te besitten en yn 'e pleatslike milysje te tsjinjen. Nei de rebûlje, wêrby't 55 blanken deade waarden, rûn yn it Amerikaanske Suden de eangst fan blanken foar swarten sa heech op dat it Steatskongres fan Noard-Karolina de frije kleurlingen frijwol alle rjochten ûntnaam.

Yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch (18611865) makke Noard-Karolina diel út fan 'e separatistyske Konfederearre Steaten fan Amearika. Yn dy tiid stelde it Noarden in seeblokkade yn tsjin 'e opstannige Súdlike steaten, dy't útfierd waard troch de Amerikaanske Marine. De haven fan Wilmington waard doe in wichtige basis foar saneamde 'blokkadebrekkers', flugge lytse skipkes dy't tusken de Noardlike marineskippen troch gloepen om wapens en lúkseguod út Jeropa te heljen. Yn augustus 1862 hie Wilmington te lijen ûnder in epidemy fan 'e giele koarts, dêr't 654 minsken by omkamen. Koart foar de ein fan 'e boargeroarloch waard de stêd by de Slach om Wilmington, dy't duorre fan 11 oant en mei 22 febrewaris 1865, ferovere troch Noardlike troepen ûnder lieding fan generaal-majoar John M. Schofield.

Op it Nasjonaal Begraafplak Wilmington rêste Amerikaanske militêren dy't sneuvelen yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch, de Amerikaanske Boargeroarloch en lettere konflikten.

Yn it Tiidrek fan 'e Weropbou, dat op 'e nederlaach fan 'e Konfederaasje en de ein fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch folge, wie Wilmington de grutste stêd fan Noard-Karolina en it ekonomysk sintrum fan 'e hiele steat. Yn dy tiid makken swarten yn Wilmington 55% fan 'e befolking út. Mei't presidint Abraham Lincoln de slavernij ôfskaft hie, wiene se doe allegearre frij, en alle beheinende wetten oangeande swarten wiene opheft troch it nije Republikeinske steatsregear. Fan gefolgen wiene yn Wilmington trije gemeenteriedsleden swart, en teffens wiene der swarte rjochters, patologen-anatomen, plysjes en postrinners. Oare swarten wurken as timmerlju, fervers, leadjitters, hoefsmidden, mitselders, weintsjers, skroarren, skuonmakkers, hierknippers, juweliers en restauranteigners. De Wilmington Daily Record wie ien fan 'e mar in pear kranten yn it hiele lân dy't swarte eigners hie.

Nei't de Noardlike militêre besetting fan Noard-Karolina yn 1868 opheft wie, wisten de Demokraten by de ferkiezings fan 1870 troch geweld en yntimidaasje it bestjoer fan 'e steat werom te winnen. Sadree't se wer oan 'e macht wiene, furdigen se wetten út dy't de swarten wer ta twadderangs boargers degradearje soene. De sterke maatskiplike posysje fan 'e swarten yn Wilmington kaam lykwols foar dat dy stêd meigie yn dy beweging. By gemeenteriedsferkiezings yn 1898 waard der in blanke Republikein ta boargemaster keazen, wylst de gemeenterie opmakke wie út blanken en swarten. De foarstanners fan blanke supremasy wegeren har dêr lykwols by del te lizzen. Twa dagen nei de ferkiezings fûn de saneamde Rebûlje fan Wilmington plak.

Wilmington omtrint 1898.

Dat wie eins in pleatslike steatsgreep, wêrby't in kliber fan 1.500 blanken ûnder lieding fan Alfred M. Waddell mei geweld it demokratysk keazen stedsbestjoer ûnder fuotten helle. De Republikeinske regearingsfunksjonarissen, boargemaster Silas P. Wright ynbegrepen, waarden ûnder bedriging mei fjoerwapens twongen om formeel harren ûntslach yn te tsjinjen. Dêrnei waarden se mei alle oare Republikeinske foaroanlju en foaroansteande swarte boargers út 'e stêd ferballe. Ek waarden der 60 oant mooglik 300 swarten (mar gjin blanken) fermoarde by wat útdraaide op in rasistyske pogrom. De redaksje fan 'e Wilmington Daily Record waard platbaarnd. Yn totaal ferlear de stêd mear as 2.100 swarte boargers: behalven dejingen dy't aktyf ferjage waarden ek fral lju dy't út in gefoel fan ûnfeiligens de stêd sels ûntflechten. Dêrtroch hie Wilmington fan doe ôf oan in blanke mearderheid. De Rebûlje fan Wilmington is unyk yn 'e Amerikaanske skiednis; op oare plakken yn it suden namen blanke Demokraten wol de macht oer, mar net troch in wapene steatsgreep.

Yn 1910 waard Wilmington as grutste stêd fan Noard-Karolina ynhelle troch Charlotte. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch spile de stêd in wichtige rol op it mêd fan 'e skipsbou, mei't de werven fan 'e North Carolina Shipbuilding Company der fêstige wiene. Dêr waarden yn fiif jier tiid 243 oarlochsskippen foar de Amerikaanske Marine boud. Fan febrewaris 1944 oant en mei april 1946 wiene der yn 'e stêd trije kriichsfinzenekampen, dêr't 550 nazy-Dútske kriichsfinzenen fêstholden waarden. Mids tweintichste iuw sette it krewearjen útein om 'e histoaryske eleminten fan Wilmington foar it neislachte te behâlden. Sadwaande waarden in protte gebouwen yn 'e stêd opnommen yn it Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken, de Amerikaanske monumintelist.

De eardere EUE/Screen Gems Studios, no Cinespace Wilmington. Dit is in studiokompleks dêr't in protte films en tillefyzjesearjes opnommen wurde.

De ekonomy fan Wilmington stipet foar in wichtich part op yndustry dy't elektroanika, telekommunikaasje- en medyske apparatuer, klean, itenswaren, papier en farmaseutika produsearret. De stêd is dêrnjonken it sintrum fan ûnderwiis, sûnenssoarch en oerheidstsjinsten yn it súdeasten fan Noard-Karolina, mei û.o. de Universiteit fan Noard-Karolina te Wilmington (UNCW). As havenstêd is der ek in beskate mjitte fan oerslach foar ferfier fan en nei it efterlân.

Yn Wilmington is fierders Cinespace Wilmington fêstige, dat it grutste film- en tillefyzjestudiokompleks fan 'e Feriene Steaten is as Kalifornje bûten beskôging litten wurdt. Produksjes dy't dêr opnommen waarden, binne û.o. de jeugddramasearje Dawson's Creek (19982003), de superheldefilm Iron Man 3 (2013), de komeedzjefilm We're the Millers (2013) en de horrorfilm Scream (2022).

Ta ein beslút spilet ek it toerisme foar de ekonomy fan Wilmington in rol fan belang. Besjensweardichheden yn 'e stêd binne û.o. de histoaryske binnenstêd mei syn monumintale gebouwen, it Cape Fear Museum fan Skiednis en Wittenskip en de USS North Carolina, in slachskip út 'e Twadde Wrâldoarloch dat no as tinkteken en museum yn 'e haven ôfmarre leit.

It slachskip de USS North Carolina út 'e Twadde Wrâldoarloch is no in museum yn 'e haven fan Wilmington.

De grutste wurkjouwers yn Wilmington wiene yn 2014 it New Hanover Health Network, in koepelorganisaasje foar de sûnenssoarch; de New Hanover County Schools, in koepelorganisaasje foar it basisûnderwiis en it middelber ûnderwiis, nutsbedriuw General Electric, de Universiteit fan Noard-Karolina te Wilmington en de oerheid fan New Hanover County.

Wilmington hat fjouwer susterstêden, hjirûnder werjûn op folchoarder fan it oangean fan 'e stêdebân.

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2020 hie Wilmington yn 2022 in befolking fan 120.324 minsken. De befolkingstichtens bedroech 877 minsken de km². As stêdekloft, mei alle foarstêden meirekkene, kaam Wilmington anno 2020 út op in befolking fan 255.329 minsken. De groei fan 'e befolking is yn Wilmington fral in ferskynsel dat him sûnt 1980 oppenearre hat. De histoaryske befolkingsgroei fan 'e stêd ferrûn sa:

jier 1800 1820 1840 1860 1880 1900 1920 1940 1960 1980 2000 2020
ynwenners 1.689 2.633 5.335 9.552 17.350 20.976 33.372 33.407 44.013 44.000 75.838 115.451

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Wilmington 15,3% âlder as 65 jier en 18,4% jonger as 18 jier. Fierders bestie 49,5% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 19,6% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.

It Alton Lennon Federal Building and Courthouse yn Wilmington waard yn 'e 1980-er jierren brûkt as setting foar de rjochtbankdramasearje Matlock.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2020 sa: 66,9% blanken; 18,4% swarten; 8,3% Latino's; 1,6% Aziaten; 0,3% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 4,4% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Op religieus mêd bestiet 52,7% fan 'e befolking fan Wilmington út ateïsten en agnosten. Fan 'e 47,3% leauwenden heart de grutte mearderheid ta it kristendom, mei as grutste denominaasjes baptisten (14,7%), metodisten (8,3%), roomsen (7,4%), presbyterianen (3,2%), episkopalen (2,3%), pinksterkristenen (1,6%), lutheranen (1,3%) en mormoanen (0,9%). Oare religyen yn Wilmington binne de islaam (0,5%), it joadendom (0,3%) en Yndyske religyen lykas it hindoeïsme en it boedisme (mei-inoar 0,04%).

Berne yn Wilmington

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wilmington hat in subtropysk klimaat, mei neare simmers en mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 32,2 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 14,0 °C. Rekôrtemperatueren wiene 40,0 °C op 27 juny 1952 en –18 °C op 25 desimber 1899. Wilmington kriget jiers trochinoar 1.528 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 2,3 sm snie. De stêd hat jiers yn trochsneed mear as 2.816 oeren sinneskyn.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.