Springe nei ynhâld

William Swainson

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan William John Swainson)
William Swainson
Swainson oan't wurk (1830)
Swainson oan't wurk (1830)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Britsk
berne8 oktober 1789
stoarn6 desimber 1855 (66 jier)
wurkpaad
aktyf asornitolooch, malakolooch, entomolooch, skriuwer en grafikus
reden
  bekendheid
Ryk yllustrearre wurken oer natuerhistoarje. Bekend Quinarian.

William Swainson FLS, FRS (folút: William John Swainson; Newington (Londen), 8 oktober 1789Lower Hutt, Nij-Seelân, 6 desimber 1855) wie in Britske ornitolooch, malakolooch, entomolooch, skriuwer en grafikus.

Swainson wie de soan fan John Timothy Swainson, in hege funksjonaris by de Britske belestingtsjinst en dûane en ek in bekend samler fan ynsekten en skulpen en dêrom ien fan de earste leden fan de yn 1788 oprjochte Linnean Society of London. Doe't William 14 jier wie krige er in baantsje as klerk by de dûane en letter yn it Britske leger dêr't er stasjonearre waard op Malta en op Sisylje. Op Sisylje wijde er him oan it bestudearjen fan fisken. Yn 1815 waard er om reden fan sûnens pensjonearre; hy behold de helte fan syn salaris en kearde werom nei London. Hy waard, yn de fuotleasten fan syn heit, lid fan de Linnean Society of London.

Fan 1816 oant 1818 makke Swainson in sammelreis nei Brazilië en kaam werom mei 20.000 spesimens fan ynsekten en 1200 planten, 120 tekeningen fan fisken en likernôch 760 fan fûgels. Hy waard oanmoedige troch syn freon William Elford Leach (wurksum by de ôfdieling dierkunde fan it Britsk Museum) om lito's te meitsjen en te publisearjen. Wat er doe ek die. Yn 1820 waard er keazen ta lid fan de Royal Society.

Yn 1823 troude er mei Mary Parkes. Se krigen fjouwer soannen en in dochter. Mary ferstoar yn 1835 en Swainson troude yn 1840 fannijs mei Ann Grasby. In jier letter emigrearre it pear nei Nij-Seelân dêr't Swainson boer wurde woe. Dat mislearre lykwols troch de konkurrinsje mei de lokale Maorys. Tusken 1851 en 1854 wenne er yn Australië dêr't er in funksje hie as boskboukundich ûndersiker by de oerheid yn Victoria. Dat wie gjin sukses. Hy hie totaal gjin ferstân fan de dendrology fan dat wrâlddiel.
Dêrom gied er yn 1854 werom nei Nij-Seelân dêr't er koart dêrnei stoar yn de âldens fan 66 jier.

Bibliografy (net folslein)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel of in eardere ferzje dêrfan is in (parsjele) oersetting fan it artikel en:William Swainson. Sjoch de bewurkingsskiednis dêre.