Springe nei ynhâld

William Jardine (natuerwittenskipper)

Ut Wikipedy
Jardine om 1870 hinne, in yllustraasje by syn deaberjocht yn de Illustrated London News

William Jardine, 7de Baronet of Applegarth (Edinburgh, 23 febrewaris 1800 - Sandown, Wight, 21 novimber 1874) wie in Skotsk natuerûndersiker, soölooch (foaral ornitolooch) en redakteur fan dierkundige publikaasjes.

Jardine waard op 23 febrewaris 1800 berne op 28 North Hanover Street [1] yn Edinburgh as soan fan Sir Alexander Jardine, 6e baronet fan Applegarth en syn frou Jane Maule. Hy krige syn oplieding yn York en Edinburgh en studearre dêrnei medisinen oan de Universiteit fan Edinburgh.

Doe't er noch mar 25 jier âld wie, waard er ferkeazen ta fellow fan de Royal Society of Edinburgh, foardroegen troch Sir David Brewster. [2]

Hy wie mei-oprjochter fan de Berwickshire Naturalist' Club en droech by oan de oprjochting fan de Ray Society. [3]

Hoewol't ornitology syn grutste passy wie, bestudearre er ek ichtyology, plantkunde en geology. Syn boek oer fossile hoalen en spoaren, de Ichnology of Annandale, befette fossilen fan syn foarâlderlik lângoed. Hy wie de earste dy't de term ichnology munte, en dat wie it earste boek dat oer it ûnderwerp skreaun waard. Syn privee natuerhistoarysk museum en bibleteek soene it moaiste fan Grut-Brittannië west hawwe. [4]

Jardine wie de redakteur fan The Naturalist's Library, in searje boeken dy't by alle rangen en stannen fan it fiktoriaansk tiidrek populêr wie. Yn dizze út 40 dielen besteande rige wurde ûnder oare behannele: fûgels (14 dielen), sûchdieren (13 dielen), ynsekten (7 dielen) en fisken (6 dielen). Eltse diergroep waard troch in bekende spesjalist fersoarge.

Fierder wie er de redakteur fan ûnder oare in edysje fan Gilbert White syn The Natural History of Selborne, Illustrations of Ornithology (1825 – 43) en in goedkeape edysje fan Alexander Wilson's Birds of America. Hy wie ek de auteur fan The Ichnology of Annandale or illustrations of footmarks ympressed on the New Red Sandstone of Corncockle Muir (1853).

Jardine wie (meastal tegearre mei Prideaux John Selby) de skriuwer fan acht skaaien en 49 soarten fûgels dy't anno 2023 op de IOC World Bird List as sadanich erkend wurde. [5]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Edinburgh and Leith Post Office Directory 1800-1801
  2. Biographical Index of Former Fellows of the Royal Society of Edinburgh 1783–2002. The Royal Society of Edinburgh. July 2006. ISBN 0-902-198-84-X.
  3. Osbert Salvin (Editor), Ibis, Quarterly Journal of Ornithology, Vol.V, 1875, s. 522
  4. Jackson and Davis, 2001.
  5. (in) Gill, F, D Donsker, and P Rasmussen (Eds). 2023. IOC World Bird List (v 13.1). Doi 10.14344/IOC.ML.13.1. IOC World Bird Names (version 13.1)