William Elford Leach
| William Elford Leach | ||
| William Elford Leach yn 1835 | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 2 febrewaris 1791 | |
| berteplak | Plymouth, Devon | |
| stoarn | 25 augustus 1836 (45 jier) | |
| stjerplak | San Sebastiano Curone, Itaalje | |
| wurkpaad | ||
| berop/amt | dokter, soölooch, biolooch | |
William Elford Leach (Hoe Gate, Plymouth, 2 febrewaris 1791 - San Sebastiano Curone, 25 augustus 1836) wie in Britsk dokter, soölooch en marine biolooch.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Elford Leach waard berne yn Hoe Gate, Plymouth, as soan fan in abbekaat. [1] Doe't er tolve wie krige er in learlingeplak yn it Devonshire and Exeter Hospital, dêr't er anatomy en skiekunde studearre. Doe sammele er al seedieren út de Plymouth Sound en lâns de kust fan Devon. Mei santjin jier sette er útein mei in stúdzje hy medisinen yn it St Bartholomew's Hospital yn Londen, en einige syn oplieding oan 'e Universiteit fan Edinburgh foardat hy ôfstudearre oan 'e Universiteit fan St Andrews (dêr't er nea studearre hie).
Hy waard gjin praktisearjend dokter; syn wiere ynteresse lei by de natuerwittenskippen. Hy waard assistint-bibliotekaris oan de soölogyske ôfdieling fan it British Museum. Hy oardre en sortearre de samlingen dy't, sûnt se troch Hans Sloane oan it museum skonken wiene, foar in grut part fertutearze wiene. Hy waard letter assistint-konservator fan de natuerhistoaryske ôfdieling fan it museum. Hy ûntjoech him ta in ekspert op it mêd fan skaaldieren en weakdieren, mar publisearre ek oer ynsekten, spinnen, tûzenpoatigen, sûchdieren en fûgels.
Hy wie yn 1809 lid wurden fan de Linnean Society of London. Yn 1817 waard er keazen ta fellow of the Royal Society.
Leach wurke sa hurd dat syn sûnens derfan te lijen hie. Yn 1821 krige er in senuwynsinking. Hy naam it folgjende jier ûntslach by it Britsk Museum. Om oan te sterkjen naam syn âldere suster him mei op reis troch Europa. Se reizgen troch Frankryk, Grikelân en Italië.
Leach stoar yn de âldens fan 45 jier oan goalera yn Noard-Italië yn 1836.
Wurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it koart skoft dat er by it British Museum skreau er ûnder oaren:
- The zoological miscellany : being descriptions of new, or interesting animals (1814–1817)
- Monograph on the British Crabs, Lobsters, Prawns and other Crustacea with pedunculated eyes (1815–1817)
- Systematic catalogue of the Specimens of the Indigenous Mammalia and Birds that are preserved at the British Museum (1816)
- Synopsis of the Mollusca of Great Britain (noch net klear yn 1820 en postúm publisearre yn 1852, foltôge troch John Edward Gray)
- Characters of a new Genus of Coleopterous Insects of the Family Byrrhidae yn Transactions of The Linnean Society of London (1821)
Nammejouwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Leach stiet bekend om syn eigensinnige en soms eksintrike nammejouwing fan nije taksons. Hy neamde bygelyks sânentweintich ferskillende soarten nei syn freon John Cranch (1758-1816), ûnder oaren:
- De Ebalia cranchii
- Chrysichthys cranchii
- Cirolana cranchi
- Eualus cranchii
- Pandarus cranchii
Fierder joech er oan njoggen geslachten fan stienkrobben (Isopoda) nammen dy't in anagram binne fan Caroline of Carolina: Anilocra, Canolira, Cirolana, Conilera, Nelocira, Nerocila, Olencira, Rocinela en Lironeca (no Livoneca). It is net bekend oft dy ferwiisden nei in besteande Caroline of gewoan fantasywurden binne.[2]
Om Leach te earjen waard de blauwjukkûkaburra (Dacelo leachii) nei him neamd.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|