Springe nei ynhâld

William Colbeck

Ut Wikipedy
William Colbeck
William Colbeck, kaptein fan de Morning yn 1902
William Colbeck, kaptein fan de Morning yn 1902
persoanlike bysûnderheden
beropSeekaptein
lân Britsk
etnisiteit Ingelsk
berne8 augustus 1871
berteplakKingston upon Hull, Yorkshire
stoarn19 oktober 1930 (59 jier)
stjerplakLonden
famylje
troud meiEdith Robinson
bern4
heitChristopher Colbeck (bakker)
De Discovery, Morning en Terra Nova yn McMurdo Sound (febrewaris 1904)

William Robinson Colbeck (1871–1930) wie in Britske skipskaptein dy't meidie oan twa ekspedysjes nei Antarktika yn it heroyske tiidrek fan Antarktyske ferkenning.

William Colbek, Antarktika, 1899.

Colbeck gie nei de Grammar School yn Hull en folge dêrnei in seis moanne duorjende kursus yn navigaasje. Hy wie learling yn 'e keapfardijfloat tusken 1886 en 1890 en fear op it yn Glasgow basearre skip Loch Torridon yn 'e East-Yndyske hannel. Nei't er yn novimber 1890 yn Kalkutta as navigator kwalifisearre wie, gie er by it yn Londen basearre Avon, dat yn tsjinst wie fan 'e Government Emigrant Service. Hy tsjinne dêr trije jier en helle syn stjoermansertifikaat yn 1892 en syn kapteinsertifikaat yn 1894. Dêrnei wurke er foar Thos. Wilson, Sons & Co. Ltd. yn Hull. Yn 1898 waard er beneamd ta twadde luitenant yn 'e Royal Naval Reserve. [1]

Southern Cross-ekspedysje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1898 waard hy útnoege troch de Noar Carsten Borchgrevink om mei te dwaan oan de Southern Cross-ekspedysje nei Antarktika. Dat soe de earste ekspedysje wêze dy't oerwinterje soe op it Antarktyske kontinint. Colbeck wie ferantwurdlik foar de magnetyske waarnimmings op 'e ekspedysje. As tarieding op 'e Southern Cross-ekspedysje hie Colbeck in kursus magnetisme folge oan it Kew Observatory. [1]

Discovery-ekspedysje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er yn 1900 weromkaam nei Ingelân rjochte Colbeck him al gau wer op it suden. Ein 1902 waard er as kaptein fan it stoomjacht "Morning" stjoerd om de foarrie fan de Discovery-ekspedysje ûnder lieding fan Robert Falcon Scott oan te foljen. Op 25 desimber ûntdutsen se Scott Island, lânen dêr en easken it op foar Brittanje. [2] Scott syn ekspedysjeskip Discovery siet fêst yn it iis yn McMurdo Sound; Colbeck brocht in brief nei Scott mei it fersyk om noch in jier yn it iis te bliuwen. [3] De Morning naam njoggen fan 'e ekspedysjeleden mei nei hûs.

Yn jannewaris 1904 wie er wer werom yn McMurdo Sound mei de Morning. Diskear hie er dúdlike ynstruksjes krigen dat as "Discovery" net gau út it iis kaam, se efterlitten wurde moast en Colbeck Scott en syn selskip nei hûs bringe moast. Yn in race tsjin 'e tiid slaggen se deryn it skip te befrijen, holpen troch in geunstige feroaring yn 'e iisomstannichheden. [4] Mei dy ekspedysje einige Colbeck syn karriêre yn Antarktika.

Kaap Colbeck yn Kening Edward VII-lân is nei him neamd.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Borchgrevink, Carsten (1901). First on the Antarctic Continent. George Newnes Ltd.
  • Crane, David (2005). Scott of the Antarctic. Londen: HarperCollins. ISBN 0-00-715068-7.
  • Headland, Robert K. (2009). A Chronology of Antarctic exploration. Londen: Quaritch. ISBN 978-0-9550852-8-4.
Noaten
  1. 1 2 Borchgrevink, s. 14–15
  2. Headland, s. 236
  3. Crane, s. 23240
  4. Crane, s. 27787