Willem van Haren (diplomaat)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Willem fan Haren

Willem fan Haren (Ljouwert, 17 oktober 1626 - Ljouwert, 15 april 1708) wie in grytman fan It Bilt, rintmaster fan de domeinen, steatsman, diplomaat en kurator fan de Universiteit fan Frjentsjer. Hy ferfolde ferskate misjes, ûnder mear nei Denemark, Sweden, Keulen en Ingelân. Hy wie belutsen by de Frede fan Nymwegen. Hy besoarge de jurist Gerard Noodt in oanstelling by de Hegeskoalle fan Frjentsjer. Karel XI fan Sweden wie befreone mei Willem fan Haren, de bouhear fan de yn 1683 boude, en nei him neamde tsjerke yn Sint Anne. Karel XI skonk swiere koperen doarren foar de grêfkapel.

Fan Haren bewenne in grut pân yn Ljouwert, dat tsjintwurdich brûkt wurdt as it Keramykmuseum It Princessehof.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]