Willem Wilman

Ut Wikipedy

Willem Wilman (Wierum, 17 novimber 1906 - Ljouwert, 24 april 1974) wie in teolooch, dûmny en dichter fan It Hearrenfean. Hy wie troud mei Geertje de Bruin út Polsbroek.

As boeresoan gie er nei de iepenbiere skoalle fan Wierum. Yn de tritiger jierren leart er foar teolooch oan de Grinzer universiteit nei't er yn Doetinchem op kostskoalle west hie. Hy waard dûmny yn Lettelbert, Lollum, Aldskoat en Gaast en kaam yn de kunde mei Fedde Schurer. It wie in eigensinnich man dy't minsken mei namme en tanamme neamde. Neamde himsels "Sinte Wilman" omdat er útfûn hie dat eltsenien hillich is. Paulus begjint ommers it brief oan Korinte: “Oan de Hillige fan Korinte”. Mei oare wurden: eltsenien wie dêr hillich, dat ek hy wie hillich. It wie in opmerklik man, sa droech er altiten in rabinehoed. Koartswyl lei by him altiten njonken earnst. Sa skreau er ek syn gedichten, meast poëzij mei in religieuze ynslach. Sa skreau er de limmerik:

In âlderling fan Aldwâlde
Hâlde him prinsipieel by it âlde
Mar seach in famke
Sa'n derten lamke,
Dan koe er him by syn âlde
net hâlde

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kar:

  • Sinneljocht yn 't tsjuster (1978)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]