Willem Marinus Dudok
| Willem Marinus Dudok | ||
| arsjitekt | ||
| Willem Dudok (1962) | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| echte namme | Willem Marinus Dudok | |
| berne | 6 july 1884 | |
| berteplak | Amsterdam | |
| stoarn | 6 april 1974 | |
| stjerplak | Hilfertsom | |
| wurk | ||
| bekendste wurk(en) | Flietermonumint, Riedhûs fan Hilfertsom | |
| offisjele webside | ||
| www.dudok.org/ | ||



Willem Marinus Dudok (Amsterdam, 6 july 1884 – Hilfertsom, 6 april 1974) wie in Nederlânsk arsjitekt en stêdeboukundige. Hy is ûnderoaren bekend fan syn ûntwerp fan it Flietermonumint op 'e Ofslútdyk en it riedhûs fan Hilfertsom. Hy makke in totaal fan 75 ûntwerpen foar Hilfertsom (guonts binne net útfierd en oaren binne al fuort), in unikum yn de Nederlânske arsjitektuer. Syn namme krige klank yn de hiele wrâld, mar fral yn de FS en Japan.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dudok folge de Hegere Boargerskoalle (hbs) yn Amsterdam, gie dêrnei yn 1900 nei de Kadetteskoalle yn Alkmar, dêr't er twa jier letter nei studearje gie oan 'e Keninklike Militêre Akademy (KMA) yn Breda, dêr't er yn 1905 slagge foar it ofsierseksamen sjeny.
Dudok sette útein mei syn karriêre by it leger op 24 july 1905 as twadde luitenant fan 'e Sjeny en ta syn teloarstelling waard er pleatst by de telegrafistetsjinst fan it Rezjimint Sjenytroepen yn Utert. Hy ûntwurp yn syn frije tiid gebouwen. Hy ward ferheft ta kapitein by de Militêre Stêf fan 'e Sjeny yn Amsterdam, dêr't er him dwaande hold mei fortebou. Yn 1913 waard er plakferfangend direkteur fan 'e gemeentewurken yn Leien, dêr't er guon gebouwen ûntwerpe koe lykas de gemeentlije HBS en yn 1915 waard er direkteur Publike Wurken y Hilfertsom, in fluchwaaksend yndustryplak dy't him ta midgrutte stêd ûntjaan soe. Dudok ûntwurp de measte wiken, skoallen en gemeentlike gebouwen foar Hilfertsom en dêr waard it oansjoch fan 'e stêd mei beskaat, dat wol ta syn libbenswurk neamd wurdt. Om syn omtinken dêr folslein op rjochtsje te kinnen, waard er yn 1928 op fersykjen fan himsels beneamd ta gemeentlik arsjitekt. Dudok tsjinne yn 1946 him te ferantwurdzjen foar de Eareried foar de Arsjitektuer oangeande de Utertse skouboarch mei as útkomst dat er skjin op 'e hûd wie.
Dudok gie yn 1954 mei pensjoen, dochs bleau er by de Hilfertsomske bouwrâld belutsen. Hy ferstoar op 6 april 1974 en waard begroeven op it troch himsels ûntwurpen Noarderbegraafplak yn Hilfertsom. Fan de ûntwerpe dy't er nei syn pensjoen makke, is der gjinien bekend wurden as syn foarkriichsk wurk. In foarbyld dêr is C&A yn Hilfertsom fan yn 1962, dat net fuortendaliks as in gebou fan Dudok werom te kennen is.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hilfertsom
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ien fan Dudok syn meast yn it each springend wurk is it Riedhûs yn Hilfertsom. Al yn 1915 makker er in sketsûntwerp dêrfoar, mar it warad pas boud fan 1928 oant 1931 en skaaimerket gâns syn oeuvre it bêste. Dat gebou waard wrâldferneamd.
Hy ûntwurp ferskate filla's, lykas syn eigen wenhûs De Wikke yn Hilfertsom. Dêr ûntwurp er in grut part fan de stêdeboukundige struktuer en de sosjale wentebou. Yn 2000 waard mei it ophelpen fan de wyk Liebergen úteinset ûnder de namme Dudok Revisited. Yn dat projekt wurdt net allinnich renovearre, mar wurde troch wentekorporaasje Dudok Wonen ek inkelde hûnderten (monumintale) wenten weropboud.
Bûten Hilfertsom
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ien fan syn meast út it each springende ûntwerpen is filla Sevensteyn foar de famylje Van Erk yn park Zorgvliet yn De Haach (1919-1921). It ynterieur dêrfoar waard ûntwurpen troch Hendrik Wouda. Tagelyk mei syn ûntwerp fan it Riedhûs fan Hilfertsom út 1926 makke er it ûntwerp fan it Collège néerlandais yn Parys, dat yn 1938 reekaam. Dudok waard yn gâns Nederlân in arsjitekt dy't in soad frege waad. Hy ûntwurp monuminten, lykas it Flietermonumint op 'e Ofslútdyk (1933). Ien fan syn hichtepunten yn syn wurk wie it gebou fan warehûs De Bijenkorf yn Rotterdam. By de iepening yn 1930 wiene der 70.000 taskôgers. Dat gebou rekke by it bombardemint op Rotterdam op 14 maaie 1940 swier skansearre. It oerbliuwend part waard yn 1960 ôfbrutsen. Dudok syn ûntwerp foar de Beurs waard nea útfierd. It foar in part ferwoastge gebou fan de Hollandsche bankunie oan 'e Coolsingel, nei in ûntwerp út 1938/39, waard tusken 1953 en 1955 weropboud. Dat gebou stiet hjoed-de-dei bekend as it Erasmushûs. Ut datselde tiidrek komt de Stedsskouboarch fan Utert (1937, foltôge yn 1941).
Yn 1939 waard yn Eindhoven foar personiel fan Philips it Wite Doarp boud, dat alhiel troch Dudok ûntwurpen waard. Ferlykjende pannen wiene it jiers dêrfoar yn Tilburch boud.
Nei de kriich hie Dudok as stêdeboukundige de lieding oer it weropbouwen fan De Haach, yn 'e foarm fan it weropbouplan Sportlaan-Zorgvliet. De ferwoastge wiken waarden nei syn plan weropboud en dêrnjonken makke er it struktuerplan foar de útwreidingswiken. Guon oare opdrachten dy't yn 'e neikriichske jierren útfierd waarden, wiene de gebouwen fan Hoogovens, it riedhûs fan Felsen (1949-1965), it havengebou fan Amsterdam (1957-1965) en de Julianaflat yn Bilthoven (1955-1958).
Tankstasjons
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1953 ûntwurp Dudok de karakteristike tankstasjons foar esso. Dêr waarden 112 fan soksoarte stasjons yn Nederlân boud, mar allinnich mar twa geboukes hawwe it oerlibbe yn 'e rin fan 'e tiid. Ien stiet yn Grins oan 'e Turfsingel en it oare is fan Rykswei 2 ôf oerbrocht nei it museum Autotron yn Rosmalen.
Styl
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dudok hearde net ta in beskate streaming mar stie iepen foar it bêste itjinge de ferskate streamings him beane.
Ynearsten folge Dudok de rasjonalistyske styl fan Berlage, mar al rillegau filde er dêr tefolle troch beheind en gie eksperimintearjen mei ûnder oaren it ekspresjonisme. Yn it Hilfertsomske riedhûs is dúdlik de ynfloed fan Frank Lloyd Wright te sjen. Yn eigen lân waard soks net altyd wurdearre, dochs yn it bûtenlân wurdt Dudok noch hieltyd sjoen as de ideale gearfoeging fan 'e Nederlânske arsjitektuerstreamings út it begjin fan 'e 20e iuw.
Wurken (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Riedhûs fan [[Hilfertsom, 1928–1931
- De Bijenkorf yn Rotterdam, 1930 (ferwoastge yn 'e Twadde Wrâldkriich)
- Flietermonumint op 'e Ofslútdyk, 1933
- Lighthouse Cinema, Kolkata, Yndia, 1936
- Cité Universitaire, Collège néerlandais Parys, Frankryk, 1939
- Stedsskouboarch fan Utert, 1941
- Esso tankstasjons, Nederlân, 1953
- Stedsskouboarch Utert (1941)
- Guon fan 'e Hilfertsomske skoallen ûntwurpen troch Dudok
- Julianaflat, Bilthoven (1955-1958)
- Tankstasjon yn Grins (1953)
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
