Will Shortz
| Will Shortz | ||
| Shortz yn maart 2023 | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 26 augustus 1952 | |
| berteplak | Crawfordsville (Indiana) | |
| offisjele webside | ||
| http://willshortz.com/ | ||
William F. Shortz (Crawfordsville (Indiana), 26 augustus 1952) is in Amerikaanske puzelbetinker, redakteur en krúswurdûntwerper foar The New York Times' Crossword Puzzle. Hy is ek de skriuwer of redakteur fan mear as 150 boeken oer puzels.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Will Shortz groeide op op in pleats mei Arabyske hynders yn Crawfordsville, Indiana. Fan jongs ôf wie er fassinearre troch wurdboarterijen. Op syn trettjinde skreau er in brief oan Dmitri Borgmann, de skriuwer fan Language on Vacation. Will frege om advys oer hoe't jo in puzelmakker wurde koene. Hy studearre ôf oan de Universiteit fan Indiana yn 1974. [1] Hy waard dêrmei de hâlder fan 'e ienige universitêre graad yn 'e wrâld yn 'Enigmatology', de stúdzje fan puzels. Syn proefskrift foar syn BA-graad oan 'e Universiteit fan Indiana yn 1974 hie de titel The History of American Word Puzzles before 1860. [2]
Shortz begon syn karriêre by Penny Press. Sûnt 1978 hat er it jierlikse American Crossword Puzzle Tournament organisearre. Dielnimmers meitsje acht orizjinele krúswurdpuzels. De skoares binne basearre op krektens en snelheid. Der binne prizen te winnen yn mear as 20 kategoryen, ynklusyf in grutte priis fan $5.000. [3] Sûnt de oprjochting yn 1987 is er de puzellieder fan it radioprogramma 'Weekend Edition Sunday'. Dizze puzelkompetysje wie it ûnderwerp fan 'e priiswinnende dokumintêre film Wordplay yn 2006. Dêrnei wurke er 15 jier foar it tydskrift Games, de lêste fjouwer jier as redakteur (1989-1993).
Yn 1992 organisearre Shortz it Wrâldkampioenskip Puzeljen yn New York. Puzelders út ferskate lannen konkurrearren op in likens spylfjild. Earder wie de Ynternasjonale Krúswurd Maraton de wichtichste ynternasjonale wedstryd foar it oplossen fan puzels. Shortz hie dêr alle jierren by west, mar om't de dielnimmers harren eigen taal- en krúswurdregels brûkten, wie it net in goede basis om puzelfeardigens tusken lannen te fergelykjen. Dit toernoai waard sûnttiidalle jierren organisearre troch ferskate lannen oer de hiele wrâld.
Sûnt 1993 is er de krúswurdredakteur fan The New York Times (de fjirde yn 'e skiednis fan 'e krante, nei Eugene Thomas Maleska). De puzelswierrichheid fan dy puzels nimt oan 'e ein fan 'e wike ta, de sneinspuzels binne it dreechst. Will Shortz makket de Times krúswurd net sels. De puzels wurde fersoarge troch oaren. Shortz levere de puzelbeskriuwings dy't The Riddler (Jim Carrey) foar Batman (Val Kilmer) efterlit yn 'e film Batman Forever. [4]
Yn 2009 wie hy belutsen by de yntroduksje fan kenken-puzels (in siferpuzel) yn de New York Times.
Shortz is de skriuwer of redakteur fan mear as hûndert boeken. Syn bibleteek bestiet út mear as 20.000 puzelboeken en tydskriften. Dizze kolleksje, dy 't weromgiet oant 1545, soe de grutste priveebibleteek fan 'e wrâld op dit mêd wêze. Shortz is lid fan 'e National Puzzlers' League.
Op syn fyftichste jierdei krige Shortz in persoanlike brief fan de eardere Amerikaanske presidint Bill Clinton, dy't in fan is fan krúswurdpuzels fan The New York Times. Yn 2013 wurke er as puzelmakker en redakteur by de nije twamoannepublikaasje Will Shortz' WordPlay, útjûn troch Penny Publications.

Yn maaie 2010 krige Shortz in earedoktoraat fan it Wabash College yn Indiana.
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As akteur en kameraman wurke hy oan Wordplay (2006) en A Year of Ping Pong (2015). Yn ôfleverings fan The Simpsons en How I Met Your Mother spile hy himsels. [5]
Tafeltennis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn leafde foar tafeltennis late ta de iepening fan it Westchester Tafeltennissintrum yn 2011.[6] Shortz is de eigner en direkteur fan it Westchester Tafeltennissintrum yn Pleasantville, de grutste tafeltennisfoarsjenning yn 'e Feriene Steaten.
Bibliografy (seleksje)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Will Shortz Presents School's Out Sudoku: 200 Puzzles to Keep Your Mind Sharp (2017)
- The New York Times Will Shortz Presents the Crossword Bible; útjouwerij Van Ditmar (2015) ISBN 9781250063359
- Will Shortz Presents Killer Sudoku; útjouwerij: St Martin’s Press (2014) ISBN/ISBN13 9781250044969
- Will's Best: Celebrating the 20th Anniversary of The New York Times Puzzlemaster: 400 Crossword Puzzles and Introduction (2013) ISBN 9781250025319
- Will Shortz's Puzzlemaster Workout (2012), tegearre mei Wei-Hwa Huan
- The New York Times Will Shortz Picks His Favorite Puzzles, útjouwerij New York Times (2011) ISBN 9780312645502
- Will Shortz Presents Mild Sudoku - 200 Easy to Hard Puzzles; útjouwerij Griffin (2010) ISBN 9780312565411
- Outrageously Evil Sudoku; útjouwerij: St Martin’s Press (2010), ISBN 9780312641443
- NPR Sunday Puzzles (2009) ISBN 9781598878936
- The Little Gift Book of KenKen: 250 Logic Puzzles That Make ... (2008)
- Will Shortz, Peter Ritmeester - Will Shortz Presents the Jungle Book of Sudoku for Kids, (2007) ISBN 9780312370312
- The New York Times Crosswords For A Lazy Day: 130 Fun, Easy Puzzles (2006)
- Will Shortz Presents the Monster Book of Sudoku 300 Wordless Crossword Puzzles (2006), ISBN 9780312362690
- The Puzzlemaster Presents, Volume 2: Will Shortz's Best Puzzles from NPR (2004)
- The New York Times Supersized Books of Sunday Crosswords (2003)
- The New York Times Monday Through Friday Easy to Tough Crossword Puzzles: 50 Puzzles from the Pages of The New York Times (New York Times Crossword Puzzles) (2002)
- Will Shortz Presents Sleepless with Sudoku; útjouwerij Griffin Publishing (2000) ISBN 9780312378394
- The Puzzlemaster Presents 200 Mind-bending Challenges: From NPR (1996)
- The New York Times Will Shortz's Wittiest, Wackiest Crosswords: 225 Puzzles from the Will Shortz Crossword Collection Earste edysje troch The New York Times (1994)
- Games Magazine Presents Will Shortz's Best Brain Busters (1991) ISBN 9780812919523
- American Championship Crosswords (1990)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Referinsjes
|