Wilhelminatoer (Falkenburch)
Wilhelminatoer Wilhelminatoren | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
Wilhelminatoer (2011) | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
Provinsje | ![]() | |
Gemeente | ![]() | |
plak | Falkenburch | |
koördinaten | 50° 51' N 5° 49' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | útkyktoer | |
boujier | 1906 | |
sloopjier | 2025 | |
arsjitekt | Christiaan Alfons Prevoo | |
boustyl | Histoarisme mei neogoatyske eleminten. | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 507255 | |
oare ynformaasje | ||
hichte | 30 meter | |
tal ferdjippings | 6 | |
kaart | ||
De Wilhelminatoer wie in útkyktoer yn it Súd-Limburchske Falkenburch. It tritich meter hege ryksmonumint út 1906 stiet op de Heunsberch en joech in wiid útsjoch oer it Súd-Limboarchske heuvellân. De toer wie berikber fia in kuierpaad of in kabelbaan út it sintrum fan Falkenburch wei.
De bou fan de toer kaam ta stân op inisjatyf fan it Kurcomité Falcobergia, in yn 1895 oprjochte konkurrearjende feriening foar de tsien jier earder oprjochte Falkenburchkse VVV Het Geuldal. Beide ferienings woene it opkommend toerisme yn Falkenburch befoarderje, mar dêrby spilen ek priveebelangen in rol. Yn 1898 hie De Geuldal al in houten útsjochtoer bouwe litten yn it Rotspark op de Cauberch. Dizze waard yn 1910 alwer ôfbrutsen. De Wilhelminatoer ferriisde yn 1906 op de tsjinoerlizzende Heunsberch, destiids op it grûngebiet fan de gemeente Ald-Falkenburch. It foar in part neogotyske bouwurk fan Limboarchske mergel waard yn opdracht fan it Kurcomité Falcobergia ûntwurpen troch de lokale arsjitekt Christiaan Alfons Prevoo.
Yn 1922 waard de Wilhelminatoer foar in bedrach fan 18.000 gûne eigendom fan de famylje Schetters-Bours, dy't der trije generaasjes lang in kafee-restaurant útbate soe. Der waard wetterlieding, elektrysk ljocht en telefoan oanlein en boppe op de toer waard in houten dak pleatst, sadat men ek by min waar de toer beklimme koe, mar dit dak waaide ferskate kearen fan de toer ôf. Yn 1930 waard op inisjatyf fan pastoar Ad Welters in acht meter heech krús fan beton mei neonbuizen boppe op de toer set.
Yn de Twadde Wrâldkriich moast de ferljochting op it krús op lêst fan de Dútske besetters dôve bliuwe. Yn septimber 1944 rekke it bouwurk troch in granaatinslach skansearre. Yn 1947 waard de toer restaurearre, mar in jier letter, yn de simmer fan 1948, sloech mei in needwaar de bliksem yn it krús. Pas yn 1950 koe de neonvferljochting wersteld wurde, mar dy bleau foar problemen soargjen. Fan 1954 ôf wie de Wilhelminatoer út it sintrum fan Falkenburch wei, mei in kabelbaan te berikken.
Yn 1968 waard it betonnen krús, dat al sûnt 1960 dôve wie, fuorthelle. Yn 1969 is in aksje begûn om in nij krús te bekostigjen. It nije aluminium krús waard op 11 febrewaris 1972 pleatst. Yn 1989 wie der op'e nij in grutte restauraasje fan it hiele gebou. Fan 1997 ôf is it kafee-restaurant, de kabelbaan, en de Wilhelminagroeve, yn hannen fan de famylje Geenen.
Yn de iere moarn fan 16 maart 2025 stoarte de toer yn.[1]
-
Kabelbaan
-
Roadelbaan
-
Yngong wilhelminagroeve
-
Wilhelminatoer yn 1991
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|