Wilhelminatoer (Faals)
Wilhelminatoer Wilhelminatoren | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
Wilhelminatoer (2016) | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
Provinsje | ![]() | |
Gemeente | ![]() | |
plak | Faals | |
koördinaten | 50° 45' N 6° 1' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | útkyktoer | |
boujier | 1905 (1ste toer) 1951 (2e toer) 2011 (3e toer) | |
sloopjier | 1945 (1ste toer) 2010 (2e toer) | |
arsjitekt | Ruimtemakers Architectengroep (3e toer) | |
oare ynformaasje | ||
hichte | 20 meter (2e toer) 35 meter (3e toer) | |
kaart | ||
De Wilhelminatoer is in útsjochtoer op de Faalserberch yn de Nederlânske gemeente Faals. De toer stiet net fier fan it trijelannepunt Nederlân-Belgje-Dútslân mei it heechste punt fan Nederlân (322,4 meter boppe N.A.P.).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1905 waard der troch de feriening "Neerlands Hoogste Berg" in houten útsjochtoer boud mei derby in blommetún en restaurant. Dizze earste toer waard ferneamd nei de doetiidske keninginne Wilhelmina fan de Nederlannen. Yn de Earste Wrâldkriich soarge in stoarm foar slimme skea oan de toer, wêrtroch't de boppeste twa ferdjippingen fan de toer ôfbrutsen wurde moasten. Yn 1944 soarge Dútske artilleryfjoer foar flinke skea oan de toer. Ek in tongerynslach die de toer gjin goed. Mei de befrijing oan de ein fan de kriich waard it ynterieur fan it restaurant folslein fernield. Yn 1945 waard op't lêst alles ôfbrutsen.
De twadde Wilhelminatoer waard op 11 augustus 1951 iepene. Dizze houten toer wie 20 meter heech mei derby in restaurant, iiskar, sûvenirwinkel en boarterstún. Yn 1957 waard de 45 ton swiere toer mei swier transport ferpleatst oer 60 meter, sadat er njonken it nije restaurant mei panoramaterras kaam te stean.
Troch de tiid hinne hawwe se om nostalgyske redenen de ûnderhâldsgefoelige houten toer hieltyd wer opknapt en yn stân hâlden. Yn de winter fan 2010-2011 is de 65 jier âlde Wilhelminatoer dochs sloopt om't er yn minne steat wie. Trije fan de fjouwer poaten wiene al ris ferfongen, lykas de balustrades en it treppehûs. Doe't de fjirde poat oan ferfanging ta wie en ien fan de platfoarms ôfsletten wurde moast, besleat men om de âlde toer te slopen en te ferfangen troch nijbou.
De nije Wilhelminatoer waard yn juny 2011 oplevere. De útsjochtoer is in ûntwerp fan Ruimtemakers Architectengroep yn Maastricht. Dizze moderne toer is 35 meter heech en hat in glêzen "skywalk" in punt op de toer dêr't de besiker troch it glês nei ûnderen sjen kin, ek is de toer foarsjoen fan in lift, sadat ek minsken mei in beheining nei boppe kinne.
-
Loftfoto fan de 1ste Wilhelminatoer
-
2e Wilhelminatoer
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|