Springe nei ynhâld

Wikipedy oerlis:Wikiprojekt/Fryske amateur fuotbalklups

Page contents not supported in other languages.
Nij mêd
Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wikipedy oerlis:Wikiprojekt/Fryske amateur fuobalklups)
Lêste reäksje: 21 deien lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp FC Boppeslach

Doetiid en kategory

[boarne bewurkje]

@FreyaSport: Nochris: tsjek myn feroarings. De klup wurdt eardere, it skip wurdt earder. Drewes (oerlis) 20 jan 2026, 16.12 (CET)Beäntwurdzje

FC Boppeslach

[boarne bewurkje]

@RomkeHoekstra, Kneppelfreed, Mysha, Ieneach fan 'e Esk, Drewes, Welberry, en Wutsje: Ik bin drok dwaande mei de klups mar FC Boppeslach is net in klup nei't ik juster de brot trochlêzen hie miende ik dat it in klup wie dy't mar koart yn in kompetysje spile hie. Mar dat is it net. It hat nea in klup west mar wie in promoasjeteam om froulju fan de Fryske Amateurklups te presentearjen oan de betelle fuotbal klups. Wat moatte we mei dizze side? FreyaSport (oerlis) 21 jan 2026, 14.01 (CET)Beäntwurdzje

As wy it artikel hâlde wolle, hoege wy allinne de kategory te feroarjen. Mar is it wol wichtich genôch foar in ensyklopedy? Drewes (oerlis) 21 jan 2026, 16.21 (CET)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra, Kneppelfreed, Mysha, Ieneach fan 'e Esk, Drewes, Welberry, en Wutsje: Dêr twifelje ik dus ek oan, is FC Boppeslach wol Wiki weardich. FreyaSport (oerlis) 21 jan 2026, 16.53 (CET)Beäntwurdzje
@FreyaSport, Kneppelfreed, Mysha, Ieneach fan 'e Esk, Drewes, Welberry, en Wutsje: It soe wat wurde, mar it hat net mear west as in promoasjeteam? Yn dat gefal soe ik útstelle om it te wiskjen. Kompliminten trouwens foar hoe't jo dit opset ha Freya! -- net-ûndertekene kommentaar fan Meidogger:RomkeHoekstra
@FreyaSport, Kneppelfreed, Mysha, RomkeHoekstra, en Drewes: Ik haw it ris even trochlêzen, en it liket my ta dat dit yn 2007 miskien wol even in ding wie, mar dat it fan foarbygeand aard wie. It is miskien aardich om te neamen yn bysin yn it artikel oer Sherida Spitse of ien fan 'e oare spylsters, mar as selsstannich artikel hoecht it om my net beholden te wurden. Mar @Mysha: is dejinge dy't it artikel oarspronklik skreaun hat. Wat fynt hy derfan? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 22 jan 2026, 00.32 (CET)Beäntwurdzje
@FreyaSport, @Ieneach fan 'e Esk, @RomkeHoekstra @Mysha en @Drewes, earst mar even ôfwachtsje wat Mysha seit, oars mar wiskje om my. Ik wol FreyaSport ek tige betankje mei de opset. Super!! Kneppelfreed (oerlis) 22 jan 2026, 05.36 (CET)Beäntwurdzje
(Wie nei hûs stjoer om't de toetswike my wat tefolle wurden wie.) Sjoch, om my is in wikipedy as in Brockhaus. (Om't wy dy side noch net hawwe: De Brockhaus hat gâns in protte fan koarte artikels.) De beheining is dat hja dy 300.000 artikels ek allegear byhâlde moatte. Dat oantal siden hawwe wy noch net, mar de beheining hawwe wy al: It is net dat wy dy oars net yn de boekwurken krije kinne (Ik tink 30 banden op it stuit.), mar al dat wy op it ferbân achtsje moatte. Dat wol perfoarst net sizze dat de siden aktuiel bliuwe moatte, mar al dat fan âldere siden dúdlik wêze moat dat dy net resint mear binne. Foar FC Boppeslach komt dat der dan op del dat oan it begjint al stiet wat de tiid wie; net hoenear dy begûn is, mar wat gâns it tiidrek wie. En at wy fine dat it net wier in sportklup is, dan moat dêr in Kategory:Demonstraasjeploech foar optocht wurde. Wat wy net wolle is dat wy, lykas yn in konferânsje te hearren wie, dat immen doe't er jong wie net yn it wurdboek(?) stie, letter doe't er ferneamd waard al, en no, no't er âld wie, net mear. Wy omskriuwe al it minsklik witten, en dêr heart de skiednis ek by. Wy moatte de siden der oan oanpasje dat hja dúdlik skiednis binne, mar at wy skiedenis fuorthelje allinnich om't dy net mear aktuiel mear is, dan meitsje wy it minsklik witten lytser yn stee fan grutter. (Hoe skriuwt men aktuiel)? Mysha (oerlis)
@Mysha, RomkeHoekstra, Kneppelfreed, Ieneach fan 'e Esk, en Drewes: As we de side FC Boppeslach behâlde dan sil dat earder wêze yn de Kategory:Frysk realitytelefyzjeprogramma dan yn in nij optochte kategory. FreyaSport (oerlis) 22 jan 2026, 10.42 (CET)Beäntwurdzje
@Mysha, @FreyaSport, @Ieneach fan 'e Esk, @RomkeHoekstra en @Drewes, Mysha hat dúdlik in punt. Ik tink de kategoryen moatte mar feroare wurde. Kneppelfreed (oerlis) 22 jan 2026, 20.48 (CET)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra, Drewes, Kneppelfreed, Mysha, en FreyaSport: As ik Mysha goed begryp, wol hy dizze side behâlde. Wat my oangiet, is dat ek bêst. Ik stel foar om der dan inkeld de kategory Fuotbal yn Fryslân oan te jaan, dêr liket my yn elts gefal gjin spjeld tusken te krijen. Want in echte organisaasje wie it net, fansels. Miskien ek noch de kategory Barren yn 2007. Dat liket my rom foldwaande. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 jan 2026, 02.20 (CET)Beäntwurdzje
Ja, ik wol dy side behâlde, mar dat wisten jimme al; ik wol altiten leaver in side ferbetterje as dy fuort te smiten. Goed, ik sil sjen at ik it wat bewurkje kin ... Mysha (oerlis)
@Mysha, RomkeHoekstra, Kneppelfreed, Ieneach fan 'e Esk, en Drewes: Wêrom de kategory fuotbal yn Fryslân?. As ik it goed begryp, giet it om in reality programma, as ûnderdiel fan it doetiidske sportprogramma Boppeslach. En net iens echt in op himsels steand programma. FreyaSport (oerlis) 23 jan 2026, 14.28 (CET)Beäntwurdzje
@FreyaSport: Ja, mar it programma wie Boppeslach, net F.C. Boppeslach. Dat wie in gelegenheidsfuotbalploech dy't gearstald waard foar ien beskate ôflevering fan dat programma. Dus je kinne dy ploech net in tillefyzjeprogramma neame. It gie om it spyljen fan in fuotbalwedstryd en it barde yn Fryslân. Dus fuotbal yn Fryslân. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 24 jan 2026, 23.26 (CET)Beäntwurdzje