Wikipedy oerlis:Haadside-ynfo/Wisten jo dat 2010

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Alle 'wisten jo datsjes' hawwe no trije stikjes. Is it ek wat om it wurd dêr't it plaatsje by de 'wisten jo dat' oer giet fet te meitsje? Bygelyks dat by de wisten jo dat fan dizze wike 'sinsfertsjustering' fet makke is? Dan wurdt it wat dúdliker wêr't it plaatsje oer giet.--J'88 17 nov 2009, 22.31 (CET)[beäntwurdzje]

Dan noch efkes wat. Kin der ek al in side foar 2011 makke wurde? As ien dan wat yn it sin hat dan kin dy dat dan fuort opskriuwe.--J'88 17 nov 2009, 22.33 (CET)[beäntwurdzje]
Doch mar fleur de boel mar op. Ik fyn it al in hiele prestaasje dat wy safolle wistenjodatsje makke hawwe. Wy soenen dy alle jierren wol wer brûke kinne. Tink net dat wy foar 2011 wer nije betinke moatte. Ik bin yn alle gefallen aardich útpoept wat ideeën oangiet. Mar ast noch leuke hast en de fynst dat er in mindere bysit, kinst dizze altyd omwissele. --Geoffrey 17 nov 2009, 22.56 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw de lêste dagen goed fjirtich Wisten jo datsjes by elkoar sammele. Kin ik sa nei wiken oanmeitsje en dy der dan bysette?--J'88 7 jan 2010, 16.40 (CET)[beäntwurdzje]
Neffens my stean hjir no wol guons dûbel yn. --Geoffrey 11 jan 2010, 23.22 (CET)[beäntwurdzje]
Ik sil se efkes by del gean. Dy oer it fierljeppen is yndied dûbel.--J'88 12 jan 2010, 08.42 (CET)[beäntwurdzje]
Sa moat it goed wêze. Ik haw wike 67 wer fuorthelle. Moat dy side noch wol efkes ferwidere wurde tinkt my?--J'88 12 jan 2010, 09.04 (CET)[beäntwurdzje]
Set der mar in wiskwarskôging by en fermeld it op de list--Geoffrey 12 jan 2010, 09.22 (CET)[beäntwurdzje]