Wikipedy:Noaten
Foar noaten, yn it bysûnder fuotnoaten, biedt it Wikipedy-systeem in wize om de noaten oan it stee op de side dêr't dy by hearre te meitsjen. Dit is gaadlike foar it opnimmen fan tafoege ynformaasje, benammen ûnder mear it opnimmen fan boarnemeldings.
It opimmen fan tafoege ynformaasje wurdt yn twa parten dien:
- Ferwizings
- Noaten
Ferwizings
[boarne bewurkje]Op it stee yn de tekst dêr't jo graach in tafoeging hawwe wolle, skriuwe jo daalks efter it rinnende part fan de tekst in ferwizing. Dat giet dan sa: Der komt hjir in stikje tekst dêr't jo graach eat mear bysette wolle, mar wat te wiidweidich wêze soe om it krekt yn de te lêzen tekst op te nimmen.[1] Dat stikje tekst nimt men dêrom op mei <ref> en </ref> deromhinnne. Yn de rinnende tekst stiet dan allinnich de sljochtweihinne ynformaasje, mei in nûmerke derby. As men in wurd healwei in sin oantsjutte wol, mar de sin net brekke wol mei in nûmerke, dan kin dat wurd skeaun printe wurde. Dat nummerke is in keppeling nei it tafoege part, de noat [2]; dy komt dan earst ûnderoan de side: de fuot.
Noaten
[boarne bewurkje]Hast hielendal ûnder oan de side, en ornaris it lêste wat echt sichtber is op de side, binne de noaten. Hjir skriuwt men it berjocht boarnen|boarnefernijing=, dêr't mei oantsjut wurdt op hokfoar stee de noaten byelkoar bondele werjûn wurde. Dêryn komt dan mei {{reflist}}, de list fan noaten. Dat liket yn de tekst fan de wiki dan sa:
{{boarnen|boarnefernijing=
{{reflist}}
}}
Oare noaten
[boarne bewurkje]Oare noaten, faak oare boarnen, kinne ûnder it berjocht {{reflist}} ynfoege wurde. Wês dêr lykwols foarsichtich mei, om't de lêzer oars ôflaat wurdt troch de fernúvering oer wêr't it yn de tekst heart.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|