Wikipedy:Haadside-ynfo/Side fan de wike 2015

Ut Wikipedy

Siden fan de wike yn 2015[boarne bewurkje]

Wike 1

Apollo 11 wie in missy yn it ramt fan it Apollo-projekt fan de Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA, wêrby't de earste minsken op 'e moanne set waarden. De trije astronauten Neil Armstrong, Edwin „Buzz” Aldrin en Michael Collins setten op 16 july 1969 ôf fan it Kennedy Space Center yn Floarida mei in Saturnus V-raket, en kamen op 19 july yn in baan om 'e moanne. Ien dei letter giene Armstrong en Aldrin mei it lâningsfartúch, de Eagle, nei de moanne ta, wylst Collins yn 'e kommando-module Columbia yn in baan om 'e moanne bleau. In oermannich letter kaam de Eagle del yn 'e Mare Tranquillitatis, dêr't Armstrong as earste foet op 'e moanne sette, folge troch Aldrin. Nei krapoan 22 oeren op 'e moanne taholden te hawwen, setten de astronauten wer ôf en gongen mei Collins werom nei de ierde, dêr't se op 24 july yn 'e Stille Oseaan delkamen.

Lês fierder


besjen


Wike 2

De Amerikaanske bizon (Latynske namme: Bison bison) is in sûchdier út ít skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), de famylje fan 'e holhoarnigen (Bovidae), de ûnderfamylje fan 'e kobisten (Bovinae) en it skaai fan 'e bizons (Bison), dat lânseigen is yn Noard-Amearika. Dit bist, dat ek gewoan fan bizon en soms fan Amerikaanske buffel neamd wurdt, kaam oant yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw rûnom foar op 'e Grutte Flakten, mar stoar tsjin 1900 hast út troch opsetlike oerbejaging om politike redens. Sûnt it begjin fan 'e tweintichste iuw is de soarte mei in fokprogramma wer by de wâl op holpen, en no binne der wer tsjin 'e 500.000 bizons. Der binne twa ûndersoarten, de flaktebizon (Bison bison bison) en de wâldbizon (Bison bison athabascae).

Lês fierder


besjen


Wike 3

Carroll O'Connor (folút: John Carroll O'Connor; New York, 2 augustus 1924Culver City (Kalifornje), 21 juny 2001), wie in Amerikaansk akteur, komyk, regisseur, tillefyzjeprodusint en senarioskriuwer fan etnysk Iersk komôf. Hy waard fral bekend troch syn rol as de aartskonservative en tsjin alles befoaroardielde Archie Bunker, yn 'e komeedzjesearje All in the Family, út 'e jierren santich. Oan it begjin fan 'e jierren tachtich fertolke er dy rol op 'e nij yn 'e ferfolchsearje Archie Bunker's Place. De earste helte fan 'e njoggentiger jierren wied er te sjen yn syn oare grutte rol, dy fan Bill Gillespie, in plysjekomsaris yn in lyts stedsje yn it Amerikaanske Suden, yn 'e misdie/dramarige In the Heat of the Night.

Lês fierder


besjen


Wike 4

Audulf of Audwulf, (Latynsk: Audulfus) wie in Fryske kening út 'e tiid fan it Grutte Folkeferfarren. Hy moat regearre hawwe fan likernôch 600 oant om-ende-by 630. It is net bekend wa't syn foargonger of opfolger wiene. Dizze kening is net bekend út histoaryske boarnen, mar inkeld fan 'e munten dy't yn syn namme slein waarden, en wêrfan't guon by opgravings weromfûn binne, û.m. yn noardlik Westergoa. It measte dat tsjintwurdich oer Audulf bekend is, berêst sadwaande op oannames en ûnderstellingen.

Lês fierder


besjen


Wike 5

Orlando is in stêd yn 'e súdeastlike Amerikaanske steat Floarida, dy't dêr frij sintraal leit yn it binnenlân fan it skiereilân, likernôch 130 km noardwestlik fan Tampa, en rûchwei healwei Miami en Jacksonville. Orlando is it haadplak fan it omlizzende Orange County en it sintrum fan in stêdekloft dy't fan Grut-Orlando neamd wurdt. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie de stêd doe krapoan 250.000 ynwenners, wêrmei't it yn befolkingsgrutte de fyfde stêd fan Floarida en de 77ste fan 'e Feriene Steaten is. De stêdekloft Grut-Orlando, mei alle foarstêden derby, hie yn 2012 rom 2,2 miljoen ynwenners. Orlando hat as bynamme The City Beautiful ("De Prachtige Stêd"), en stiet bekend om it ferdivedaasjepark Disney World en it dolfinarium SeaWorld Orlando.

Lês fierder


besjen


Wike 6

In taalfamylje is in kloft talen dy't mei-inoar besibbe binne om't se ûntstien binne út in mienskiplike foarâlderlike oertaal, dy't oantsjut wurdt mei it foarheaksel "proto-" (dus de oertaal fan 'e Keltyske talen is bgl. it Proto-Keltysk). De term "famylje" yn it wurd "taalfamylje" ferwiist nei it stambeammodel fan taaloarsprong yn 'e histoaryske taalkunde, dat gebrûk makket fan in metafoar wêrby't talen ferlike wurde mei minsken yn in biologyske famyljestambeam, of oars mei biste- of plantesoarten yn in taksonomyske stambeam dy't de evolúsjonêre skiednis fan dy soarten oanjout. By it tapassen fan sa'n systeem op talen ûntbrekt fansels de komponint fan biologyske ôfstamming, en taalbesibskip stiet dan ek folslein los fan 'e al of net besteande biologyske of rasiale sibskip tusken de sprekkers fan 'e oangeande talen.

Lês fierder


Besjen


Wike 7

De FBI, folút: Federal Bureau of Investigation ("Federaal Buro fan Undersyk" of "Federaal Undersyksburo"), is in Amerikaanske oerheidstsjinst ressortearjend ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Justysje. Dizze ynstânsje fungearret as in nasjonale (federale) resjerzje, en teffens as in feilichheidstsjinst op it mêd fan kontraspionaazje, mei foech binnen de lânsgrinzen fan 'e Feriene Steaten. De FBI waard oprjochte yn 1908 en krige syn hjoeddeistige namme en organisatoaryske foarm yn 1935. It haadkertier stiet yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., mar in grut part fan 'e mear spesjalisearre ûnderdielen binne fêstige yn Quantico, yn 'e steat Firginia. Yn 2013 hie de tsjinst krapoan 36.000 wurknimmers, mei dêrûnder hast 14.000 beëdige aginten.

Lês fierder


besjen


Wike 8

Yn it Skaad fan de Wolf (yn it oarspronklike Ingelsk: The Hallowed Hunt) is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan 'e Chalion-syklus, ien fan Bujold har beide fantasysearjes, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los fan 'e oare boeken út dy rige lêzen wurde kin. The Hallowed Hunt, dêr't Bujold mei nominearre waard foar sawol in Mythopoeic Award as in Locus Award, waard foar it earst útjûn yn 2005 en is ûnderwilens oerset yn alve talen, wêrûnder it Frysk. De Fryske fertaling, fan 'e hân fan Willem Sjoerds Janzen, is titele Yn it Skaad fan de Wolf, en kaam yn 2014 út by Utjouwerij Elikser.

Lês fierder


besjen


Wike 9

The General's Daughter is in Amerikaanske detektivefilm út 1999 ûnder rezjy fan Simon West, en mei yn 'e haadrollen John Travolta en Madeleine Stowe. It ferhaal giet oer de riedselige dea fan in froulike legerkaptein, de dochter fan in foaroansteand generaal dy't op it punt stiet om ôf te swaaien en in politike karriêre te begjinnen, mooglik troch him kandidaat te stellen foar it Amerikaanske fise-presidintskip. De film, in produksje fan 'e Amerikaanske filmstudio Paramount Pictures, is basearre op 'e roman The General's Daughter fan skriuwer Nelson DeMille, út 1992. Hoewol't de film yn 'e Feriene Steaten oer it algemien negative kritiken krige, mooglik om't it gefoelige tema fan ferkrêfting yn it leger deryn oansnien waard, makke Paramount der mear as $50 miljoen winst mei.

Lês fierder


besjen


Wike 10

De Ynterfryske Flagge is in mienskiplike flagge dy't symboal stiet foar alle Fryslannen. It idee om sa'n flagge te ûntwerpen, ûntstie foar it earst yn 2004, op it trijejierlikse Ynterfrysk Kongres op it eilân Hilgelân, doe't leden fan 'e Groep fan Auwerk harren begûnen ôf te freegjen wêrom't der eins gjin flagge wie dy't alle Friezen fertsjintwurdige. Men koe it lykwols mar dreech iens wurde oer it ûntwerp fan sa'n "ynterfryske flagge", mei as gefolch dat der no mear as ien yn 'e omgong is. Dat, hoewol't it doel fan it ûntwerpen fan sa'n flagge wie om alle Fryslannen mei-inoar te ferbinen en de gearwurking tusken de Friezen fuort te sterkjen, is it spitigernôch suver mear wat wurden dat harren útinoar dreaun hat.

Lês fierder


besjen


Wike 11

Austraalje (Ingelsk: Australia), offisjeel it Mienebêst Austraalje (Commonwealth of Australia), is in lân dat it hiele kontinint Austraalje beslacht, mei dêropta noch in grut tal oer it algemien lytse eilannen yn 'e seeën deromhinne. It is fierwei it grutste lân fan it wrâlddiel Oseaanje, sawol kwa lânmassa as wat ynwennertal oanbelanget. Neffens in skatting út 2014 hie Austraalje doe in befolking fan goed 23,5 miljoen minsken. Foar't it yn 1901 ûnôfhinklik waard, bestie Austraalje út in seistal ûnderskate Britske koloanjes. Tsjintwurdich is it in heech ûntwikkele lân dat ien fan 'e wichtichste dielen fan 'e Angelsaksyske wrâld foarmet. It hat de demokratyske steatsfoarm fan in federale parlemintêre konstitúsjonele monargy, mei de Britske keninginne Elizabeth II oan it haad.

Lês fierder


besjen


Wike 12

De mients (Latynske namme: Calidris canutus) is in fûgel út it skift fan 'e wilstereftigen (Charadriiformes), de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae) en it skaai fan 'e grillen (Calidris), dy't briedt yn it Arktysk gebiet, mar yn súdliker oarden oerwinteret. Der binne seis ûndersoarten. It is in middelgrutte steltrinner, dy't benammen yn kustkriten tahâldt. Yn Nederlân is de mients in trekfûgel en wintergast, dy't yn it Waadgebiet gauris waarnommen wurde kin. Der bestiet frijwat ferskil tusken it fel oranje-eftige simmerkleed en de saaie griis-mei-wite winterfearren.

Lês fierder


besjen


Wike 13

De Sjajinnen (Ingelsk: Cheyenne) binne in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dat tsjintwurdich benammentlik yn 'e Amerikaanske steaten Montana en Oklahoma wennet. Harren taal, it Sjajinsk, heart ta de Algonkwynske taalfamylje, en hja binne nau besibbe oan guon oare Algonkwynske folken fan 'e Grutte Flakten, de Arapaho en de Gro Wânt (Gros Ventre). Hoewol't de Sjajinnen histoarysk sjoen bûnsgenoaten wiene fan 'e (Sioux) en op kultureel mêd witwat mei dat folk gemien hawwe, benammen fanwegen in wengebiet dat no ienris in gelikense libbenswize ôftwong, binne se net mei harren besibbe.

Lês fierder


besjen


Wike 14

Chely Wright (útspr.: ['ʃɛli rait]; folút: Richell Rene Wright; Kansas City (Missoury), 25 oktober 1970), is in Amerikaansk countrysjongster, lietsjeskriuwster, muzikante en homorjochte-aktiviste. Hja begûn har karriêre yn 1994 en hie hits mei û.m. Sea of Cowboy Hats (1994), Shut Up and Drive (1997), Just Another Heartache (1997), Single White Female (1999) en Never Love You Enough (2001). Yn totaal naam Wright oant 2010 sân studio-albums op by ferskate platelabels, en tsjin datselde jier hie se yn 'e Feriene Steaten allinne al mear as in miljoen cd's ferkocht. Yn maaie 2010 publisearre se in autobiografy en wie se ien fan 'e earste grutte countrystjerren dy't út 'e kast kaam as lesbiënne.

Lês fierder


besjen


Wike 15

It polyteïsme, ek wol meargoaderij neamd, is in foarm fan godstsjinst dy't yn it ferline in tige grutte fersprieding kennen hat en dy't ek hjoed de dei noch in protte foarkomt, bygelyks yn in grut part fan it hindoeïsme, en fierders yn it sjintoïsme en yn in protte natoerreligyen. Yn 'e Westerske wrâld, dêr't it troch de dominante posysje fan it deroan tsjinstelde monoteïsme suver útband wie, komt it de lêste iuw wer werom fia it moderne heidendom.

Lês fierder


besjen


Wike 16

Dronryp, of ek wol De Ryp, is in Frysk doarp dat op 'e grins fan 'e Bouhoeke mei de Greidhoeke leit, ynklamme tusken de autosnelwei A31 (tusken Ljouwert en Frjentsjer) oan 'e noardkant, en it Van Harinxmakanaal oan 'e súdkant. It doarp heart ta de gemeente Menameradiel, dêr't it mei likernôch 3.500 ynwenners (yn 2011) de grutste wenkearn is, noch foàr it haadplak Menaam. Dronryp genietet ek bûten Fryslân in beskate bekendheid as it berteplak fan 'e achttjinde-iuwske astronoom Eise Eisinga en de njoggentjinde-iuwske keunstskilder Lourens Alma-Tadema.

Lês fierder


besjen


Wike 17

Sapfo (yn it Attysk, it Aldgrykske dialekt fan Atene: Σαπφώ, Sappho; yn it Eoalysk, it dialekt fan Lesbos: Ψάπφω, Psappho), ek wol Sapfo fan Lesbos neamd, wie in lyrysk dichteresse út it âlde Grikelân. Hja waard berne op it eilân Lesbos, yn 'e Egeyske See, earne tusken 630 en 612 f.Kr., en neffens de oerlevering soe se stoarn wêze om 570 f.Kr. hinne. Oer har libben kin net folle mei wissichheid sein wurde. Hoewol't har wurk yn 'e Aldheid algemien bekend wie en rûnom bewûndere waard, is hast har hiele oeuvre neitiid troch willensmoedse ferneatiging ferlern gien. Lykwols hawwe har ûnbidige reputaasje en teffens mear as twahûndert fragminten fan har wurk de iuwen trochstien.

Lês fierder


besjen


Wike 18

Sint-Pierre en Miquelon (Frânsk: Saint-Pierre et Miquelon, útspr.: [sɛ̃:'pjɛ:ʁ e mi'klõ]) is in selsbestjoerend oerseesk gebietsdiel fan Frankryk mei de status fan in oerseeske kollektiviteit. It gebiet bestiet út acht lytse eilantsjes yn 'e noardlike Atlantyske Oseaan foar de Kanadeeske kust fan Nijfûnlân, dy't alles binne dat noch restearret fan it ienris sa grutte Frânske koloniale ryk yn Noard-Amearika. Sint-Pierre en Miquelon hie neffens de folkstelling fan 2011 krapoan 6.100 ynwenners.

Lês fierder


besjen


Wike 19

Annie Oakley, wiere namme: Phoebe Ann Moses (North Star (Ohio), 13 augustus 1860Greenville (Ohio), 3 novimber 1926), wie in Amerikaansk skerpsjitster fan etnysk Ingelsk komôf, mei in bjusterbaarlik grut talint. Se waard ferneamd troch de sterke staaltsjes dy't se sjen liet by har optredens yn 'e Wyldwestshow fan Buffalo Bill Cody. Har meast ferneamde trúk wie om in spylkaart ûnderskate kearen efterinoar op 'e râne te reitsjen en dan noch ferskate gatten yn 'e platte kant te sjitten foar't er de grûn rekke – en dat die se mei in gewear, fan in ôfstân fan 90 foet (±27½ m). Hja waard ûnbidige populêr, net inkeld yn 'e Feriene Steaten, mar ek om utens, en sadwaande wurdt hja wol de earste Amerikaanske froulike superstjer neamd. Nei har dea waarden der ferskate toanielstikken, films en tillefyzjesearjes oer har libben makke; de bekendste dêrfan is de musikal Annie, Get Your Gun (bekend fan it nûmer There's No Business Like Show Business), dy't yn 1946 foar it earst op Broadway opfierd waard, en dêr yn 1999 op 'e nij iepene.

Lês fierder


besjen


Wike 20

Grutte Klaas en Lytse Klaas, yn it oarspronklike Deensk: Lille Claus og Store Claus, is in mearke fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst útjûn yn 1835, as ûnderdiel fan 'e samling Eventyr, Fortalte for Børn: Første Hefte ("Mearkes, Ferteld foar Bern: Earste Boek"), yn 'e mande mei trije oare mearkes (De Tonderdoaze, De Prinsesse op 'e Earte en De Blommen fan Lytse Ida). Grutte Klaas en Lytse Klaas is in ferhaal dat suver absurdistysk is yn syn grappigens en nuvere opstigings. It is ien fan Andersen syn minder bekende mearkes, mar waard yn 1943 dochs troch Douwe Tamminga oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e bondel Andersen's Folksforhalen en Mearkes.

Lês fierder


besjen


Wike 21

De grutte boskmûs of gielhalsboskmûs (Latynske namme: Apodemus flavicollis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus), dat yn hast hiel Jeropa foarkomt, en teffens yn dielen fan westlik Aazje. Yn Nederlân hat er in bedrige status en libbet er mar op in pear plakken; yn Fryslân komt er hielendal net foar. De grutte boskmûs is nau besibbe oan 'e (mar justjes lytsere) boskmûs (Apodemus sylvaticus), dêr't er lang mei betize waard. Pas yn 1894 waard er erkend as in aparte soarte.

Lês fierder


besjen


Wike 22

Nine van der Schaaf (folút: Trijntje van der Schaaf; Terherne, 29 april 1882Blommendaal 16 july 1973) wie in yn Frysk ûnderwizeresse, dichteresse, skriuwster en oersetster. Hja wie in sosjaliste, en bleau har hiele libben lang polityk belutsen. Hoewol't se yn it Nederlânsk skreau en it grutste part fan har libben om utens trochbrocht, hat Van der Schaaf yn har romans ek stof oer Fryslân ferwurke.

Lês fierder


besjen


Wike 23

Lier (Sealterfrysk: Lier, Dútsk: Leer) is in stêd yn Nedersaksen, yn 'e Landkreis Lier. De stêd hat sa likernôch 34.000 ynwenners en is dêrmei nei Emden en Auwerk de op twa nei grutste stêd fan Eastfryslân. Lier is oarspronklik ûntstien oan 'e iggen fan 'e rivier de Leda, mar wreide him letter út nei de Iems ta. Sa koene ek skippen fan see de stêd berikke. Troch alle ferkearsferbiningen dy't by Lier gearkomme, wurdt de stêd ek wol de Poarte fan Eastfryslân neamd (Tor Ostfrieslands). Yn 'e lette fjirtjinde en iere fyftjinde iuw wie Lier troch tadwaan fan 'e haadling Fokko Ukena it politike sintrum fan Eastfryslân. Lykwols krige it pas yn it 1823 stedsrjochten. Yn earder tiden wie Lier in flekke, mar it funksjonearre yn 'e praktyk al folle langer as in stêd. De âlde binnenstêd mei syn histoaryske huzen makket Lier ta ien fan 'e moaiste stêden fan 'e regio. Fjouwer boargen, in ferskaat oan monumintale bouwurken, en tsjerken út ferskillende iuwen binne yn 'e stêd werom te finen.

Lês fierder


besjen


Wike 24

It Wylde Westen (of inkeld ek wol it Alde Westen) is in oantsjutting dêr't mei ferwiisd wurdt nei rûchwei de westlike helte fan 'e Feriene Steaten tusken likernôch 1850 en 1900. Yn dy perioade ferkearde dat gebiet noch yn it begjinstadium fan 'e kolonisaasje. It Wylde Westen makket yn 'e Amerikaanske skiednis diel út fan it gruttere tiidrek fan 'e Amerikaanske frontier (1700-1912), oftewol de kolonisaasje fan 'e Noard-Amearika oan 'e foargrins fan 'e "beskaving". Neitiid ûntstie der in hiel literêr en letter ek filmsjenre (ntl. dat fan 'e western), dat it Wylde Westen ferhearlike of alteast romantisearre, mei de feedriuwer te hynder, de cowboy, as ikoanysk symboal fan in ferfleine tiid en in grutdiels útstoarne way of life ("manear fan libjen").

Lês fierder


besjen


Wike 25

Suzanne, yn it Hebriuwsk: שׁוֹשַנָה, Šōšannāh (eins in frouljusnamme dy't fan "leelje" betsjut), is in omstriden tafoeging oan Daniël, in boek dat diel útmakket fan sawol de joadske as de kristlike Bibel. Suzanne fertelt it ferhaal fan 'e frou mei deselde namme, dy't troch twa âldere rjochters ferge wurdt om seksuële omgong mei harren te hawwen, mar wegeret, en krekt op 'e tiid rêden wurdt. De bedoeling fan it ferhaal is om oan te tsjutten dat God ûnskuldigen bystiet dy't trou bliuwe oan syn geboaden. Suzanne is inkeld oerlevere yn it Gryksk.

Lês fierder


besjen


Wike 26

Jimmy Carter (folút: James Earl Carter jr.; Plains (Georgia), 1 oktober 1924), is in Amerikaansk steatsman, skriuwer en minskerjochte-aktivist fan mingd Ulstersk-Ingelsk etnysk komôf. As lid fan 'e Demokratyske Partij wied er fan 1977 oant 1981 de 39ste presidint fan 'e Feriene Steaten, wylst er earder as steatssenator en gûverneur fan Georgia tsjinne hie. As presidint rekke syn reputaasje skansearre troch de Iraanske Gizelderskrisis, en by de ferkiezings fan 1980 waard er ferslein troch syn Republikeinske rivaal Ronald Reagan. Neitiid sette er him fia it troch him oprjochte Carter Center o sa yn foar de minskerjochten en reizge er dêrfoar de wrâld yn 't rûn. Sadwaande waard him yn 2002 de Nobelpriis foar de Frede takend. Carter is de iennichste Amerikaanske presidint dy't dy priis krigen hat nei ôfrin fan syn presidintskip.

Lês fierder


besjen


Wike 27

De Library of Congress ("Kongresbibleteek") is de offisjele neislachbibleteek foar de wetjaande macht fan it regear fan 'e Feriene Steaten, d.w.s. foar it Amerikaanske Kongres. Dêrnjonken is it de facto de nasjonale bibleteek fan 'e Feriene Steaten, dy't fungearret as in steatsargyf, dêr't twa eksimplaren fan alle yn 'e Feriene Steaten útjûne boeken en tydskriften (en in protte fan dêrbûten) opslein wurde. Datoangeande ferfollet de Library of Congress deselde funksje as dy't yn Nederlân de Keninklike Bibleteek yn De Haach hat en yn Fryslân Tresoar. Metten neffens it oantal foarwerpen dat der bewarre wurdt, is de Library of Congress de grutste bibleteek fan 'e wrâld. Hy is fêstige yn trije gebouwen yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. en ien op it plattelân fan Firginia, en is net inkeld tagonklik foar kongresleden, mar ek foar it Amerikaanske publyk. Lykwols kinne allinnich heechpleatste leden fan it Amerikaanske regear der boeken útliene.

Lês fierder


besjen


Wike 28

It Nasjonaal Park Skiermûntseach (Nederlânsk: Nationaal Park Schiermonnikoog) is in natoergebiet dat fierwei it grutste part fan it Fryske Waadeilân Skiermûntseach beslacht en teffens de dielen fan 'e Waadsee en de Noardsee omfiemet dy't dêr lyk foar de kust lizze. Yn totaal hat dit nasjonaal park dêrmei in oerflak fan likernôch 72 km², oftewol 5.400 ha. It Nasjonaal Park Skiermûntseach waard oprjochte yn 1989 en is it âldste nasjonale park fan Nederlân (neffens de moderne definysje fan sa'n natoergebiet dy't om 1970 hinne troch it regear opsteld is). It bestiet út in wiid ferskaat oan lânskippen, en omfettet in grut tal ferskillende soarten planten, fûgels, ynsekten, fisken, sûchdieren en poddestuollen.

Lês fierder


besjen


Wike 29

Johan Scheps (folút: Johannes Hermanus Scheps; De Haach, 13 july 1900Utert, 3 oktober 1993), wie in Nederlânsk politikus, lid fan 'e Twadde Keamer en publisist. Hoewol't er fan berte en komôf út in grifformeard fermidden kaam, briek er letter mei de Grifformearde Tsjerken, en sleat er him oan by de sosjalistyske SDAP. Scheps wie twer fan alle autoritêre streamings, dêr't er de Roomsk-Katolike Tsjerke ek ta rekkene, en joech him ûnder de Twadde Wrâldoarloch by it Nederlânske ferset. Yn Fryslân stiet syn oantins yn it teken fan syn bannen mei de Fryske Beweging.

Lês fierder


besjen


Wike 30

It Pine Ridge Yndianereservaat (Ingelsk: Pine Ridge Indian Reservation; Lakota: Wazí Aháŋhaŋ Oyáŋke, útspr.: [wa'zi: a'hã:hã o'jã:ke]) is it reservaat fan 'e federaal erkende Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota (Oglala Sioux Tribe of the Pine Ridge Reservation of South Dakota). It leit yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, oan 'e noardgrins fan Nebraska. It Pine Ridge Yndianereservaat, dat stifte waard yn 1889, is ien fan 'e earmste gebieten fan 'e Feriene Steaten, dêr't de befolking te kampen hat mei alkoholisme, sûnensswierrichheden en húslik geweld.

Lês fierder


besjen


Wike 31 Jorge Luis Borges (Spaanske útspr.: ['xorxe 'lwis 'borxes]), folút: Jorge Francisco Isidoro Luis Borges (Buenos Aires, 24 augustus 1899Sjenêve, 14 juny 1986) wie in Argentynsk skriuwer fan koarte ferhalen, essayist, dichter en oersetter. Hy wurdt sjoen as de grûnlizzer fan it literêre sjenre fan it magysk reälisme, mar hy droech ek by oan sawol de filosofy as de fantasy- en detektivesjenres. Syn bekendste boeken, Ficciones (1944) en El Aleph (1949), binne bondels ferhalen mei in mienskiplik tema. Borges wie fan berop bibletekaris en waard letter direkteur fan 'e Nasjonale Bibleteek fan Argentynje, en teffens perfester yn 'e literatuer oan 'e Universiteit fan Buenos Aires. Syn wurk waard bekroane mei ferskate prestizjeuze prizen, mar net mei troch him sa begeare Nobelpriis foar de Literatuer. Borges spriek in ferskaat oan talen floeiend, en sette wurken út it Ingelsk, Frânsk, Dútsk, Aldingelsk en Aldnoarsk oer yn it Spaansk. Geandewei syn libben seach er almar minder, en úteinlik waard er blyn. Men wol wol hawwe dat dat alteast foar in part de grûnslach foarme fan syn ynnovative literêre symbolyk. Hy stoar oan leverkanker yn 'e âlderdom fan 87 jier.

Lês fierder


besjen


Wike 32

Ynferno, yn it oarspronklike Ingelsk: Inferno, is in roman fan 'e hân fan 'e tige súksesfolle Amerikaanske skriuwer Dan Brown (1964). It is in skriller yn 'e foarm fan in detektiveferhaal mei yn 'e haadrol Robert Langdon, in heechlearaar keunstskiednis en symbolyk, dy't ek al de haadpersoan wie yn Brown syn eardere boeken Angels & Demons (2000), The Da Vinci Code (2003) en The Lost Symbol (2009). Diskear wurdt Langdon wekker yn in sikehûs yn it Italjaanske Florâns, sûnder dat er in idee hat hoe't er dêr bedarre is. As er op 'e sneup giet om antwurden te krijen, komt er yn in dûzeljend aventoer telâne. Krekt as Brown syn foargeande boeken wie ek Inferno wer in daverjend súkses, en kaam it binnen de koartste kearen boppe-oan op 'e ynternasjonale bestsellerlisten te stean. It waard op 14 maaie 2013 tagelyk yn it Ingelsk en it Nederlânsk (en oare talen) publisearre. Utjouwerij Luitingh-Sijthoff naam it inisjatyf om in Fryske oersetting op 'e merk te bringen, makke troch Abe de Vries, dy't ein 2013 ferskynde.

Lês fierder


besjen


Wike 33

It Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel (Gryksk: Οἰκουμενικὸν Πατριαρχεῖον Κωνσταντινουπόλεως, Oikoumenikon Patriarcheion Konstantinoupoleos), is in kristlike tsjerke fan eastersk-otterdokse synjatuer. Dizze tsjerke ferkeart yn kommuny mei de oare eastersk-otterdokse tsjerken en stiet ûnder it bewâld fan 'e aartsbiskop fan Konstantinopel-Nij-Rome en oekumenysk patriarch, waans sit fan âlds yn Konstantinopel (it hjoeddeiske Istanbûl, yn Turkije) fêstige is. Troch syn lokaasje yn it hert en de haadstêd fan it âlde Byzantynske Ryk is it feitliks de memmetsjerke fan alle eastersk-otterdokse tsjerken, en histoarysk sjoen de wichtichste fan 'e ûnderskate Gryksk-otterdokse tsjerken.

Lês fierder


besjen


Wike 34

De Slach by Barrahûs wie in fjildslach yn it tiidrek fan 'e Fryske boargeroarloch tusken de Skieringers en de Fetkeapers. Dit wapene treffen fûn plak by Barrahûs, ûnder Wurdum, op 10 oktober 1492. De striid gie tusken in legerke fan 'e Skieringer haadling Bocka Harinxma en de Snitsers tsjin 'e Fetkeaperske Ljouwerters, dy't stipe waarden troch harren bûnsmaten, de Grinzers. De slach waard troch wûn troch de Fetkeapers.

Lês fierder


besjen


Wike 35

Ontario is ien fan 'e tsien provinsjes fan Kanada. It leit yn it eastlike part fan it middensuden fan it lân, en is wat oerflak oanbelanget de op ien nei grutste provinsje (nei Kebek), mei 10,8% fan it Kanadeeske grûngebiet. As de trije territoaria meirekkene wurde, is Ontario it op trije nei grutste Kanadeeske gewest, mei't ek de Noardwestlike Territoaria en Nûnavût grutter binne. Ontario foarmet it sintrum fan Kanada, dêr't sawol de grutste stêd fan it lân, Toronto, dat ek de provinsjale haadstêd is, as de federale haadstêd Ottawa lizze. De provinsje heart ta de regio's Sintraal Kanada en Eastlik Kanada. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie Ontario doe hast 12,9 miljoen ynwenners, wat delkomt op hast 40% fan 'e totale Kanadeeske befolking.

Lês fierder


besjen


Wike 36

Ursula K. Le Guin (folút: Ursula Kroeber Le Guin, útspr. ['œɹsələ 'kɹoʊbəɹ lə ɡwɪn]; Berkeley (Kalifornje), 21 oktober 1929), is in Amerikaansk skriuwster, dichteresse, essayiste en oersetster, dy't in grut oeuvre oan fantasy- en science fiction-literatuer, mar ek berneboeken, gedichten en essay's op har namme stean hat. Hja is ien fan 'e meast foaroansteande Amerikaanske auteurs fan har sjenre, en hat troch de jierren hinne withoefolle prizen wûn, wêrûnder ferskate Hugo Awards, Nebula Awards en World Fantasy Awards en mar leafst 21 Locus Awards. Ek hat se in National Book Award wûn en hat se twaris nominearre west foar in Pulitzer Prize. Le Guin har boeken binne oerset yn in grut tal ferskillende talen, wêrûnder it Nederlânsk.

Lês fierder


besjen


Wike 37

De seepoddestoel of blomkoalkwab (Latynske namme: Rhizostoma pulmo) is in netteldier út 'e klasse fan 'e skiifkwabben (Scyphozoa), de famylje fan 'e blomkoalkwabben (Rhizostomatidae) en it skaai fan 'e echte blomkoalkwabben (Rhizostoma). Dizze soarte komt benammen foar yn it noardeastlike part fan 'e Atlantyske Oseaan, en spielt ek geregeldwei oan op 'e Fryske Waadeilannen. It is in kwab sûnder netteltentakels, dy't foar de minske ûngefaarlik is. Syn namme tanket er oan syn likenis mei in poddestoel.

Lês fierder


besjen


Wike 38

Xena: Warrior Princess ("Xena: Krigerprinsesse") wie in tige súksesfolle Amerikaanske tillefyzjesearje dy't seis seizoenen rûn, fan 4 septimber 1995 oant 18 juny 2001, en dy't yn withoefolle lannen útstjoerd is. It wie in saneamde spin-off fan in oare searje, Hercules: The Legendary Journeys, en gie oer de heldinne Xena, spile troch de Nijseelânske aktrise Lucy Lawless, dy't tegearre mei har selskipsfrou Gabrielle (Renee O'Connor) yn it Grikelân sa't dat min ofte mear beskreaun wurdt yn 'e Grykske mytology alderhanne aventoeren belibbe.

Lês fierder


besjen


Wike 39

Ron Jeremy, echte namme: Ronald Jeremy Hyatt (12 maart 1953), is in Amerikaansk pornoakteur en -regisseur en mainstream-akteur fan etnysk Joadsk komôf, dy't yn it ferline as akteur ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen R.J., Ronald Jeremy, Ron Jeremey, David Elliot en David Elliott. Ron Jeremy is ien fan meast werkenbere figueren út 'e Amerikaanske pornoyndustry, en fan alle manlike pornoakteurs is er wierskynlik it measte en it fierste trochkrongen yn mainstream-films en -tillefyzje. Syn bynamme is The Hedgehog ("De Stikelbaarch"). Op 'e ranglist dy't AVN, it toanoanjaande tydskrift oer de Amerikaanske pornoyndustry, gearstalde fan 'e top 50 pornostjerren aller tiden, stie hy op it earste plak.

Lês fierder


besjen


Wike 40

It Biltsk (Biltsk: Bildts) is in Hollânsk-Fryske mingtaal dy't sprutsen wurdt yn 'e ta de provinsje Fryslân hearrende gemeente It Bilt. It is ûntstien doe't Joaris mei it Burd, de soan fan Albrecht fan Saksen, yn 1505 lju út súdlik Hollân hellen om 'e mûning fan 'e eardere Middelsee drûch te lizzen. De Hollanners setten har neitiid op it nije lân nei wenjen en trouden mei Friezen út 'e omlizzende kontreien yninoar om. Mei rekke ek har Hollânske spraak fermongen mei it Frysk, en sûnt hat dy in ûntjouwing kend dy't fierhinne parallel opgien is mei de taalûntwikkeling fan it Frysk. It doarp Minnertsgea, dat op it "âlde lân" lei en pas by de gemeentlike weryndieling fan 1984 by it Bilt kommen is, heart net ta it Biltske taalgebiet.

Lês fierder


besjen


Wike 41

El Paso (wat Spaansk is foar "de pas", yn 'e sin fan "berchingte") is in stêd yn 'e uterste westpunt fan 'e Amerikaanske steat Teksas, oan 'e rivier de Rio Grande (yn it Spaansk de Río Bravo del Norte), dy't de grins foarmet mei Meksiko. El Paso is it haadplak fan El Paso County, en hie neffens in offisjele skatting út 2012 doe rom 672.000 ynwenners. De stêdekloft dêr't de stêd ta heart, hat in befolking fan rom 1 miljoen minsken, en omfiemet hiele El Paso County en it oangrinzgjende Hudspeth County en teffens de stêd Las Cruces, yn 'e oanswettende steat Nij-Meksiko. As it Meksikaanske Ciudad Juárez, oare kant de Rio Grande, ek noch meirekkene wurdt, komt men út om rom 3 miljoen minsken. El Paso is de grutste Amerikaanske stêd mei in Spaansktalige mearderheid fan 'e befolking.

Lês fierder


besjen


Wike 42

It modern heidendom of Westersk heidendom, ek wol kontemporên heidendom, hjoeddeistich heidendom of neopaganisme neamd, is in oerkoepeljende term foar alle ûnderskate tsjintwurdige godstsjinsten yn 'e Westerske wrâld dy't weromgripe (of sizze werom te gripen) op 'e prekristlike, heidenske leauwensoertsjûgings fan Jeropa, it Heine Easten en in grut part fan 'e eardere Sovjet-Uny. Dy religyen foarmje in grut ferskaat en komme inkeld yn 'e meast algemiene sin mei-inoar oerien. It modern heidendom is wol omskreaun as "in synteze fan histoaryske ynspiraasje en hjoeddeistige kreätiviteit", en de oanhingers fan 'e religyen dy't derta rekkene wurde, stypje yn ferskillende mjitte op prekristlike folkloristyske en etnografyske boarnen.

Lês fierder


besjen


Wike 43

De Keapman fan Feneesje, yn it oarspronklike Ingelsk: The Merchant of Venice (folút: The Most Excellent History of the Merchant of Venice), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in komeedzje dy't lykwols fral bekendstiet om 'e mear dramatyske passaazjes, en ferhellet oer de joad Shylock, dy't besiket wraak te nimmen op 'e antysemityske keapman út 'e titel. It stiet fêst dat it stik yn Shakespeare syn judeofobyske tiid hiel oars begrepen waard as tsjintwurdich; doe waard Shylock as in gemiene smjunt sjoen, dy't de keapman Antonio op wrede wize lytsman besocht te meitsjen, wylst it hjoeddeiske publyk perfoarst mei Shylock sympatisearje sil. De antysemityske ûndertoan hat makke dat De Keapman fan Feneesje iuwenlang (mis)brûkt is troch joadehaters (bgl. yn nazy-Dútslân) as anty-joadske propaganda. It stik is nei alle gedachten skreaun tusken 1596 en 1598, en it waard foar it earst publisearre yn 1600. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1962.

Lês fierder


besjen


Wike 44

De bever (Latynske namme: Castor fiber), ek wol de Jeraziatyske bever of de gewoane bever neamd, ta ûnderskie fan 'e nau besibbe Kanadeeske bever (Castor canadensis), is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e bevereftigen (Castoridae), de lyknammige ûnderfamylje fan 'e bevereftigen (Castorinae) en it skaai fan 'e bevers (Castro). Dizze soarte kaam ienris rûnom foar yn hast hiel Jeropa, mar waard om syn pels en kastoreüm bejage oant er suver útstoarn wie. Yn 1900 wiene der noch mar sa'n 1.200 oer. Sûnt is er troch beskerming wer oanwûn en de lêste fearnsiuw is er op in soad plakken dêr't er earder útstoarn wie, lykas yn Nederlân, wer yn it wyld útset. Yn augustus 2014 waard foar it earst yn mear as twahûndert jier wer in bever yn Fryslân waarnommen, yn 'e omkriten fan Wâldsein.

Lês fierder


besjen


Wike 45

Rein-yn-'t-Gesicht (Lakota: Ité Omáǧažu, útspr.: [i'te: o'ma:ʁaʒu]; Ingelske oersetting: Rain-in-the-Face; ±183515 septimber 1905), wie in opperhaad fan 'e Hûnkpapa-substamme fan 'e Lakota- (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy wie ien fan 'e lieders fan 'e Lakota yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, en focht û.m. mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't de Yndianen it Amerikaanske leger in ferpletterjende nederlaach tabrochten. Bekendheid krige er lykwols pas troch it gedicht The Revenge of Rain in the Face, dat de Amerikaanske dichter Longfellow neitiid oer him makke.

Lês fierder


besjen


Wike 46

Kneppelfreed is de beneaming fan in opskuor dy't op freed 16 novimber 1951 op it Saailân yn Ljouwert plakfûn. Dat barren hong nau gear mei de lytsachtsjende opstelling dy't alteast in diel fan 'e rjochterlike macht yn it Fryslân fan nei de Twadde Wrâldoarloch foar de Fryske taal oer oannaam. Yn 'e saken tsjin twa molktapers út Aldeboarn en in bistedokter fan De Lemmer waarden de beklagen, doe't dy oanjoegen har memmetaal sprekke te wollen, op in misledigjende wize behannele troch de rjochter. Yn reäksje skreaune Fedde Schurer en Tsjebbe de Jong skerp stelde stikken yn 'e regionale kranten, mei as gefolch dat sy sels foar de rjochter dage waarden foar kwealaster. In gearrin fan omstannichheden late op 'e dei dat harren saak foarkomme moast ta in grutte tarin fan folk yn 'e stêd, wêrby't de mannichte troch de dwersferkearde hâlding fan 'e plysje yn in lulke kliber feroare. It treffen dat dêrop folge, spile in wichtige rol yn 'e striid foar de emansipaasje fan 'e Fryske taal en late der úteinlik ta dat it Frysk yn 'e provinsje Fryslân in offisjele status krige.

Lês fierder


besjen


Wike 47

Sable (Ingelsk: Sable Island; Frânsk: Île de Sable) is in Kanadeesk eilân yn 'e Atlantyske Oseaan, dat op 43°57′0″ noarderbreedte by 59°54′57″ westerlingte leit, op likernôch 175 km súdeastlik fan 'e provinsje Nij-Skotlân. It is bestjoerlik yndield by de Regionale Gemeente Halifax, dêr't it likernôch 300 km fanôf leit. Sable wurdt mar amper bewenne en stiet fral bekend om 'e withoefolle skipsrampen dy't har der yn it ferline foardien hawwe, en om 'e populaasje ferwyldere hynders dy't der libbet.

Lês fierder


besjen


Wike 48

De Vorkosigan-kroniken (Ingelsk: Vorkosigan Saga) binne in omfangrike searje fan science fiction-romans en -novellen fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold, dy't yn in mienskiplik fiksjoneel takomstich hielal spylje, mar allegearre los faninoar lêzen wurde kinne. Bujold har oanpak by it skriuwen fariëarret, mei in miks fan spanning, aventoer, romantyk, komeedzje en tragyk dy't per boek ferskilt. Harren namme tankje de Vorkosigan-kroniken oan 'e lichaamlik hendikepte ealman, spion, admiraal en ryksauditeur Miles Vorkosigan, dy't yn it grutste part fan 'e searje de haadrol spilet. De Vorkosigan-kroniken hawwe in grut tal prizen wûn, mei dêrûnder fjouwer Hugo Awards, twa Nebula Awards en twa Locus Awards. Boeken út 'e searje binne oerset yn teminsten njoggentjin talen, wêrûnder twa yn it Nederlânsk.

Lês fierder


besjen


Wike 49

It Bloedbad fan Sand Creek (Ingelsk: Sand Creek Massacre) wie in oarlochsmisdie dy't plakfûn as ûnderdiel fan 'e Yndiaanske oarloggen yn it Wylde Westen. Dêrby waard op 29 novimber 1864 it freedsume doarp fan 'e Súdlike Sjajinnen fan opperhaad Swarte Tsjettel (dêr't ek guon Súdlike Arapho oanwêzich wiene) op ferriedlike wize oerfallen en útmoarde troch in 700 man sterke Amerikaanske miltêre ienheid fan 'e territoriale milysje fan Kolorado, ûnder lieding fan kolonel John M. Chivington. Skattings fan eachtsjûgen oangeande it tal Yndiaanske deaden rûnen útinoar fan 70 oant 163, mar yn elts gefal gie it dêrby foar twatrêde part om froulju en bern, wa har lichems oft letter troch de soldaten skeind waarden. Sels doedestiden al rôp dit barren sels ûnder blanke Amerikanen poerlulke reäksjes op, mar de trije offisjele ûndersiken dy't dernei ynsteld waarden, laten net ta ferfolging fan 'e ferantwurdliken. Hjoed de dei is it stee fan it Bloedbad fan Sand Creek in national historic site.

Lês fierder


besjen


Wike 50

It alpineskyen ûnderskiedt him fan it skyen op de Noardske manier trochdat by it alpineskyen de hiele foet fêstklamme is oan 'e sky. By Noardsk skyen is allinne de foarfoet oan 'e sky befêstige en binne de hakken frij. It alpineskyen is tsjintwurdich net mear foarbeholden oan de Alpenlânnen. It wurdt oer de hiele wrâld beoefene, sels yn 'e Noardske lannen. Dat is foaral te tankjen oan 'e ûntwikkeling fan skyliften, dêr't it makliker mei waard om op 'e hegere bergen te kommen om der dan yn "alpine" styl by del te glydzjen.

Lês fierder


besjen


Wike 51

De skiednis fan Snits begûn mei de prehistoaryske bewenning fan 'e krite dêr't letter de stêd komme soe te lizzen. Yn 'e iere histoaryske perioade late dy bewenning ta de stifting fan in feandoarpke dat úteinlik ta Snits útgroeie soe. de stêd ûntjoech him yn 'e Midsiuwen ta in wichtige hannelsdelsetting, al krige it formeel pas healwei de fjirtjinde iuw stedsrjochten. Ek yn 'e Renêssânse en de Moderne Tiid groeide de stêd troch, wat fral nei 1900 grutte útwreiding fan 'e beboude kom ta gefolch hie. Nei't it sûnt minskewitten in selsstannige gemeente west hie, gie Snits yn 2011 op yn 'e nije gemeente Súdwest-Fryslân, dêr't it de haadstêd fan waard.

Lês fierder


besjen


Wike 52

All I Want for Christmas Is You is in liet dat oarspronklik songen waard troch de Amerikaanske sjongster en lietsjeskriuwster Mariah Carey. Hja brocht it op 1 novimber 1994 út as de lead-single fan har fjirde studio-album, Merry Christmas, publisearre troch Columbia Records. It is in krystliet, dat skreaun en produsearre waard troch Carey sels yn gearwurking mei Walter Afanasieff. All I Want for Christmas Is You is in romantysk leafdesliet mei in flot tempo, wêrfan't de tekst ferkundiget dat de sjongster neat jout om krystpresintsjes, mar inkeld de feestdagen trochbringe wol mei har frijer.

Lês fierder


besjen


Wike 53

It Australysk Antarktysk Territoarium (Ingelsk: Australian Antarctic Territory), gauris ôfkoarte ta AAT, is in gebietsoanspraak op Antarktika mei mar tige beheinde ynternasjonale erkenning, dy't troch Austraalje bestjoerd wurdt as in ekstern territoarium ûnder direkt bewâld fan it Australyske federale regear. It territoarium bestiet út twa "taartpunten" oan wjerskanten fan 'e Frânske gebietsoanspraak, mei in mienskiplik oerflak fan krapoan 5,9 miljoen km². De iennichste minsken dy't yn it gebiet tahâlde, binne wittenskippers; it AAT hat gjin permaninte bewenners.

Lês fierder


besjen