Springe nei ynhâld

Wikipedy:Betsjuttings

Ut Wikipedy

Betsjuttings-siden, binne siden dy't brûkt wurde om ûnderskate betsjuttings fan in wurd/namme te beskriuwen. In foarbyld wie Westerein, dat ûnderskie makket tusken mear as fiif ûnderskieden wenplakken, dy't oars allegear byelkoar op de side Westerein komme soeden.

Opdieling

[boarne bewurkje]

At wy tinke dat alle betsjuttings allegear likernôch like faak opfrege wurde, dan krijt elts fan de begripen mei deselde namme in tafoeging tusken twa heakjes (). Dat wurde dan Westerein (Droegeham) en Westerein (Nyegea). Fansels, at út de kontekst al dúdlik is hokfoar Westerein miend wurdt, dan kin yn de tekst ienfâldich Westerein te lêzen wêze, wylst yn de tekst fan de side dan [[Westerein (Terwispel)|Westerein]] stiet.

Oarsom kin it wêze dat ien betsjuttings folle faker opfrege wurde sil as de oaren. Yn dat gefal dan krijt dy side de namme Easterein op himsels, en de rige fan oare betsjuttings komt op in side mei de tafoeging "(betsjuttings)", dat Easterein (betsjuttings).

Yndieling

[boarne bewurkje]

Om it even of de oarspronklike side brûkt wurdt foar it oersjoch fan de betsjuttings, of dat dêr in aparte betsjuttings-side foar is: yn beide gefallen wurdt der in list fan betsjuttings jûn. Boppe de list komt it berjocht Foarbetsjuttings: - "Sûnderein" hat yn de Wikipedy ferskate betsjuttings: -.

Derûnder komt fan de list fan de nammen folút fan de ferskate siden, sa dien dat immen sjen kin wêr't in side mei keppele wurde moat dat dy de oare kear daalks op de krekte side útkomt. It hoecht ek net sa te wêzen dat al dy siden krekt de namme Easterein (ien as oar) hat; it kin wêze dat de Wikipedy keazen hat foar in oare namme, lykas de side Aasterein. Lykwols kòè in lêzer besykje dy te finen op Easterein, en it is dêrom dat dy yn de list opnaam is.

Perslot komt ûnder de list it berjocht Neibetsjuttings: -

Dit is in betsjuttingsside, bedoeld om ûnderskied te meitsjen tusken ferskillende siden mei de namme Sûnderein.

Op dizze side stean koarte beskriuwings fan de ferskate siden, mei keppelings dêrhinne. At jo hjir belâne binne fia in side op de Wikipedy, dan kinne jo dêr de ferwizing nei dizze side oanpasse, dat takomstige lêzers fuort op de goede side telâne komme.

-. Dêrmei kin de lêzer sjen wat it idee fan de side is. Dat berjocht regelt ek dat de side opnaam wurdt yn de Kategory:Trochferwiissiden.

De oare helte

[boarne bewurkje]

Dit is hoe de lêzer fan de betsjuttingsside op de ferskate siden mei betsjuttings komt. Mar fansels moat immen dy't by de ferkearde side útkomt, ek in keppeling hawwe om by de betsjuttingsside te kommen. Dat wurdt dien troch boppeoan elts fan dy losse siden in berjocht op te nimmen foar: Oar -

Dizze side giet oer {{{1}}}. Foar oare betsjuttings, sjoch: [[{{{2}}}]].

-, dêr't de gearhing mei oanjûn wurde kin.