Zwaanwijck

Ut Wikipedy
Zwaanwijck
Zwaanwijck

Zwaanwijck is in monumintale filla en lângoed oan de Klompwei nrs. 46 o/m 72 yn Nigtevecht, gemeente Stichtske Fecht. Yn de filla sitte no seis apparteminten. It lângoed is 7 ha grut en bestiet út in park, dat oanlein is yn lânskiplike styl. Neist in bûtenhûs stiet der in grut koetshûs, in gernierswenning, in skiepskoai en in prieel.

It hjoeddeiske hûs komt út 1897 en stiet op it steed fan in earder hûs. Neidat it 65 jier eigendom wie fan de famylje Brants, wikselt it dêrnei troch ferkeap faak fan eigener.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • - 1718 Jan Pieter Oostwaard
  • 1718 - Quirinus Brants
  • 1735 - 1755 Mr. Johan Brants
  • 1755 - 1775 Mr. Jan Brants
  • 1775 - 1783 Jan Jacob Brants
  • 1783 - 1788 Jonathan Jeremias Haverkamp (keap)
  • 1788 - 1809 Nicolaas Jacobus Fabius (keap)
  • 1809 - 1845 Jacobus Kramer jr. (keap)
  • 1845 - 1854 Jan Jacob Bijsterus Heemskerk (keap)
  • 1854 - 1861 Wouter van Dompselaar (keap)
  • 1861 - 1879 Adrianus Hendrik Hagedoorn (keap)
  • 1879 - 1893 Marinus Nicolaas de Pré, troud mei Johanna Theunissen (keap)
  • 1893 - 1899 Johanna Theunissen
  • 1899 - 1976 De Pré-Theunissen Stichting
  • 1976 - 1980 Peter Beerents (keap)
  • 1980 6 apparteminten

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Kastielen yn Utert:Zwaanwijck
  • E. Munning Schmidt en A.J.A.M. Lisman, mei tekeningen fan Chr. Schut, Plaatsen aan de Vecht en de Angstel, Historische beschrijvingen en afbeeldingen van kastelen, buitenplaatsen, stads- en dorpsgezichten aan de Vecht van Zuilen tot Muiden, Alphen aan den Rijn, Canaletto, 1985, 262 siden, 2e printinge