Ynljochtingetsjinst

Ut Wikipedy
It logo fan 'e CIA yn 'e hal fan it haadkertier fan dy Amerikaanske ynljochtingetsjinst.

In ynljochtingetsjinst is in geheime tsjinst dy't ferantwurdlik is foar it sammeljen, de analyze en de eksploitaasje fan ynformaasje dy't út in breed ferskaat oan boarnen wûn wurdt. It doel is om dêrmei de wetshanthavening, steatsfeilichheid en it politike en militêre regearingsbelied fan it eigen lân te ûnderstypjen. De middels om ynformaasje te sammeljen binne foar in diel iepenbier en foar in diel geheim, en kinne saken omfetsje as spionaazje, kommunikaasje-ûnderskepping, krypto-analyze, gearwurking mei oare ynljochtingetsjinsten, en it hifkjen fan gegevens út iepenbier beskikbere boarnen. It gearstallen fan brokjes ynformaasje út sokke útinoar rinnende boarnen ta koherinte ynljochtings en it trochjaan fan dy ynljochtings oan it eigen regear hjit ynljochtinge-analyze of ynljochtinge-evaluaasje.

Taken fan ynljochtingetsjinsten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynljochtingetsjinsten biede de folgjende tsjinsten oan harren regear:

  • analyze en evaluaasje fan ynljochtings op mêden dy't relevant binne foar de nasjonale feilichheid;
  • it ôfjaan fan warskôgings yn 't foar oangeande krises dy't yn it foarútsjoch lizze;
  • nasjonaal en ynternasjonaal krisismanagement troch te helpen om 'e motiven en bedoelings fan hjoeddeistige en potinsjele tsjinstanners gewaar te wurden;
  • it trochspyljen fan ynformaasje oan 'e striidkrêften foar definsjeplanning en militêre operaasjes;
  • it beskermjen fan gefoelige ynformaasje oangeande harren eigen boarnen en aktiviteiten en dy fan oare oerheidsynstellings;
  • it temûk yngripen om utens om 'e útkomst fan foarfallen yn it foardiel fan 'e nasjonale belangen útfalle te litten;
  • it ferdigenjen fan it eigen lân troch kontraspionaazje tsjin 'e aktiviteiten fan bûtenlânske ynljochtingetsjinsten.

Under 'temûk yngripen om utens' kin falle (mar hoecht net te fallen): it fersprieden fan propaganda, wapenhannel om bûnsgenoaten fan it eigen lân te befoarriedzjen, it fermoardzjen fan politike tsjinstanners fan it eigen lân en/of it plannen en/of útfieren fan steatsgrepen.

Boarnen fan ynljochtingetsjinsten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynljochtingetsjinsten sammelje ynformaasje út in breed ferskaat oan boarnen, dy't út Ingelsktalich gebrûk allegear mei grut skreaune ôfkoartings mei it efterheaksel "-INT" (foar intelligence, "ynljochtings") oantsjut wurde. Dêrby giet it benammen om:

  • OSINT (Open Source Intelligence): ynljochtings út iepenbiere boarnen
  • HUMINT (Human Intelligence): ynljochtings út minsklike boarnen (spionnen)
  • SIGINT (Signals Intelligence): ynljochtings út elektroanyske sinjalen (ôflústerjen)
  • IMINT (Imagery Intelligence): ynljochtings út loftfoto's en satellytbylden
  • GEOINT (Geospatial Intelligence): ynljochtings út lânkaarten
  • CLASSINT (Classified Information Intelligence): ynljochtings út klassifisearre (geheime) ynformaasje fan partnertsjinsten
  • MEDINT (Medical Intelligence): ynljochtings út medyske boarnen
  • FININT (Financial Intelligence): ynljochtings út finansjele boarnen
  • TRAVINT (Travel Intelligence): ynljochtings út reisgegevens

Foarbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarbylden fan ynljochtingestjinsten binne:

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Further reading en References, op dizze side.