Wolkjimmer

Ut Wikipedy

In wolkjimmer is in âld ambacht. Lju dy't dat útoefenen, brûkten in wolkaam om de fizels fan wol út te raffeljen en lykop rinnend te lizzen, sadat der in tried fan spûn wurde koe. Ik bekende wolkjimmer wie Eise Eisinga, dy't yn 'e achttjinde iuw bekendheid krige as amateur-astronoom.

Yn de meganyske spinderij is de wolkjimmer in masine dy't de fizels út de tiis hellet en tariedt. Fan de fizels wurdt in fel foarme dat dêrnei ta in tsjokke bundel fizels, de lont, gearfoege wurdt.