William W. Cooke

Ut Wikipedy
William W. Cooke
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút William Winer Cooke
nasjonaliteit Kanadeesk
Amerikaansk
berne 29 maaie 1846
berteplak Mount Pleasant (Ontario)
stoarn 25 juny 1876
stjerplak oan 'e Little Bighorn (Montana)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
tsjinsttiid 18631876
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang luitenant-kolonel (1865)
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
Yellowstone-ekspedysje
Ekspedysje nei de Black Hills
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
treffen(s) Belis fan Petersburg
Slach by Sayler's Creek
Bloedbad oan de Washita
Slach oan de Little Bighorn

William W. Cooke (folút: William Winer Cooke; Mount Pleasant (Ontario), 29 maaie 1846 – oan 'e rivier de Little Bighorn (Montana), 25 juny 1876) wie in Kanadeesk-Amerikaansk militêr dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch en de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 focht. Hy tsjinne by it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint en wie de adjudant fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Cooke sneuvele mei Custer yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, en wie dejinge dy't de lêste bekende befel fan Custer opskreau om oerbrocht te wurden.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cooke waard yn 1846 berne yn Mount Pleasant, yn Brantford Township, yn 'e Britske koloanje Opper-Kanada, dy't yn 1867 ûnder de namme Ontario in provinsje fan Kanada wurde soe. Hy wie de soan fan Alexander Hardy Cooke en Angeline Augusta Winer (1824-1903), en hie twa jongere bruorren: John Masson Cooke (1849-1917) en George Brega Cooke (1855-1895). Cooke genoat syn oplieding oan 'e Brantford Collegiate School en de Central School yn Hamilton. Yn 1850 ferfear er mei fjirtjin jier nei Buffalo, yn 'e Amerikaanske steat New York, om dêr fierder te learen.

Tsjinst ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er syn oplieding ôfrûne hie, naam Cooke yn 1863 yn Niagara Falls mei santjin jier tsjinst yn it Noardlike Leger om yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1863) tsjin 'e Konfederaasje te fjochtsjen. Nei't er in hoart as rekrutearringsofsier tsjinne hie, waard Cooke op 26 jannewaris 1864 oansteld as twadde luitenant, en op 14 desimber fan dat jier waard er befoardere ta de rang fan earste luitenant. Dêrby tsjinne er by it 24e Frijwillige Kavaleryrezjimint fan New York, dat diel útmakke fan it Noardlike IXe Korps fan generaal Ambrose Burnside.

Yn juny 1864 rekke Cooke ferwûne ûnder it Belis fan Petersburg, yn Firginia. Yn maart 1865 focht er ûnder de Appomattoxkampanje yn 'e Slach by it Gerjochtsgebou fan Dinwiddie en yn april fan dat jier naam er diel oan 'e Slach by Sayler's Creek. Yn 1867 soe Cooke mei weromwurkjende krêft ta kaptein befoardere wurde foar syn aksjes by Petersburg, ta majoar foar syn ynset by it Gerjochtsgebou fan Dinwiddie en ta luitenant-kolonel foar syn dielname oan 'e striid by Sayler's Creek. Dy promoasjes wiene lykwols inkeld titulêr en nea effektyf, en gouwen mar oant er nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch, op 24 juny 1865, út tsjinst ûntslein waard.

Nei-oarlochske tsjinst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neitiid naam Cooke daliks op 'e nij tsjinst naam by it Provysjonele 1e Frijwillige Kavaleryrezjimint fan New York en frege oerpleatsing oan nei it reguliere Amerikaanske Leger. Op 28 july 1866 waard er as twadde luitenant tafoege oan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, dat legere wie yn Fort Riley, yn Kansas. Op 31 july 1867 waard er befoardere ta earste luitenant. Yn 1868 naam er diel oan it Bloedbad oan de Washita, wêrby't it 7e Kavaleryrezjimint it winterkamp fan it opperhaad Swarte Tsjettel fan 'e Súdlike Sjajinnen oanfoel en foar in diel útmoarde.

Op 1 jannewaris 1871 waard Cooke oansteld as de adjudant fan 'e fjildkommandant fan it rezjimint, luitenant-kolonel George Armstrong Custer, in posysje dy't er oan syn dea ta behâlde soe. Hy wie goed befreone mei kaptein Tom Custer, de jongere broer fan 'e luitenant-kolonel, dy't ek by de 7e Kavalery tsjinne, en wie in lid fan 'e saneamde 'Custer-klyk', in groep famyljeleden en freonen fan George Armstrong Custer dy't yn it 7e Kavaleryrezjimint de tsjinst útmakken. Cooke stie bekend om syn saneamde dundrearies oftewol lange bakkeburden. Hy wie in earsten skerpskutter en ien fan 'e fluchste dravers fan it rezjimint. Guon fan 'e sljochtwei soldaten mochten him net lije en neamden him the Queen's Own, los fertaald: "de Keninginneman" (in ferwizing nei syn Kanadeesk komôf en in skelnamme ûnder de fûleindich anty-monargistyske Amerikanen fan dy tiid).

Nei't it rezjimint yn 1873 oerpleatst wie nei Fort Abraham Lincoln, yn 'e Dakota's, naam Cooke datselde jiers diel oan 'e Yellowstone Ekspedysje en yn 1874 oan 'e kontroversjele Ekspedysje nei de Black Hills, dêr't goud fûn waard yn in krite dy't hillich wie foar de Lakota. Dat joech oanlieding ta de Goudkoarts fan de Black Hills, dy't wer de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 feroarsake.

De Slach oan de Little Bighorn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Grutte Sû-Oarloch tsjin 'e Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho, focht Cooke op 25 juny 1876 mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn súdlik Montana. Foarôfgeande oan 'e fjildslach dielde Custer syn rezjimint yn fjouwer parten op: trije kompanjyen ûnder majoar Marcus Reno soene de Yndianen út it suden wei oanfalle, trije kompanjyen ûnder kaptein Frederick Benteen riden nei it súdwesten ta om in ferwachte flecht fan 'e Yndianen yn dy rjochting ôf te snijen, ien kompanjy ûnder kaptein Thomas McDougall waard efterholden as reserve en om 'e bagaazjetrein fan it rezjimint te beskermjen, en de oare fiif kompanjyen ûnder Custer sels rieden om en soene de Yndianen út it noarden wei oanfalle. Dy oanfal waard lykwols ôfslein en nei in gaoatyske flecht rekken de oerlibbenen fan 'e fiif kompanjyen op in heuveltop ynsletten dy't letter Custer Hill neamd waard. Dêr waarden se oan 'e lêste man ta útrûge troch de Yndiaanske krigers. As adjudant fan Custer bleau Cooke ûnder de slach oan 'e side fan syn kommandant en kaam er mei Custer om op Custer Hill.

It lêste berjocht fan Custer syn detasjemint waard foarme troch skreaune oarders dy't troch trompetter John Martin oerbrocht waarden oan kaptein Benteen: "Kom... grut doarp, opsjitte... bring pakken." ("Pakken" ferwiisde nei de reservemunysje fan 'e bagaazjetrein.) Dit boadskip wie skreaun troch Cooke. Doe't Benteen mei syn troepen lykwols it slachfjild benei kaam, berikte him de Krieske ferkenner Heal Giel Gesicht, dy't him opmerksum makke op 'e sitewaasje dêr't it detasjemint fan majoar Reno doe yn ferkearde. Reno syn oanfal wie nammentlik ôfslein, en hy waard no troch de Yndianen belegere op in klif boppe de rivier. Om't Benteen derfan oertsjûge wie dat Custer syn oarders oan him op selsmoard delkamen fanwegen it ûnferwachts grutte nûmerike oermacht fan 'e fijân, keas er der doe foar om it befel te negearjen en Reno syn oansleine troepen op it klif te fersterkjen. Dêrmei wie it lot fan Custer-en-dy besegele.

Neisleep[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei ôfrin fan 'e slach waard it stoflik omskot fan Cooke deunby dat fan Custer sels weromfûn. Hy wie twaris skalpearre, wêrby't de twadde kears ien fan syn lange bakkeburden mei hûd en al ôfsnien wie. Hy waard provisoarysk op Custer Hill begroeven, mar yn juny 1877 wer opdobbe en seremonieel werbegroeven op it begraafplak fan it Nasjonaal Monumint Slachfjild fan de Little Bighorn. Neitiid waard er yn augustus fan dat jier op 'e nij opgroeven en op oanfraach fan syn famylje nei Ontario ta oerbrocht, dêr't er syn lêste rêstplak krige yn it famyljegrêf op it begraafplak fan Hamilton.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.