Wetterfûgels

Ut Wikipedy
Wetterfûgels
In wytkapalbatros (Thalassarche cauta)
In wytkapalbatros (Thalassarche cauta)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang: wetterfûgels (Aequornithes)
Mayr, 2004

De wetterfûgels (Latynske namme: Aequornithes) foarmje in noch rangleaze taksonomyske groep fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae) en it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves). Ta dizze groep hearre seis skiften fûgels, wêrûnder de eiberteftigen (Ciconiiformes), lykas de earrebarre; de ginteftigen (Suliformes), lykas de ielskolfer; de pilekaaneftigen (Pelecaniformes), lykas de ielreager; de seedûkereftigen (Gaviiformes), lykas de bûnte seedûker; en de pinguineftigen (Sphenisciformes). As takson steane de wetterfûgels op ien rang mei trije soartgelikense groepen binnen de nije fûgels, nammentlik de trapfoarmigen (Otidimorphae) de hegere fûgels (Metaves) en de lânfûgels (Telluraves).

Groepsopbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References op dizze side.