Westerpark (Ljouwert)

Ut Wikipedy
De Fokseparkwyk mei it Westerpark yn grien
It Westerpark

It Westerpark is in stedspark yn de stêd Ljouwert en leit yn de Fokseparkwyk/Westerparkwyk. It park wurdt yn de folksmûle ek wol "Foksepark(je)" neamd. De namme komt fan de eigener fan de eardere mûne It Laam, Hermanus Albertus Vosman (1862-1922)[1]. It park wurdt oan de eastkant begrinzge troch de Westersingel, oan de súdkant troch de Fonteinstrjitte, oan de westkant troch de Westerparkstrjitte en oan de noardkant de Mûnestrjitte.

Yn 1872 waard troch de gemeente in drinkwetterfiver oanlein. De grûn fan de fiver waard troch túnarsjitekt Gerrit Vlaskamp brûkt om ôfrinnendehellings te meitsjen foar in park yn lânskipstyl[2]. Yn 1926 waard it park fannijs ynrjochte.

Foar tsien Joadske slachtoffers út Ljouwert yn de Twadde Wrâldkriich, waard op snein 28 april 2019 yn it park in ynformaasjepaniel ûntbleate[3].

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Mûne It Laam fan Vosman 't Kleine Krantsje 1 oktober 1989, side 39
  2. Westerpark op gerrit-vlaskamp.nl
  3. Gedenksteen eerste Joodse martelaren van Leeuwarden Ljouwerter Krante 19 april 2019
Parken yn de stêd Ljouwert
AbbingaparkDr. ZamenhofparkEasterfiverparkJulianaparkLieuwenburgseamNoarderplantaazjePrinsetúnRengersparkWesterpark