Tuskenbeiden wâld

Ut Wikipedy
Tuskenbeiden leafwâld.

Tuskenbeiden wâld is wâld dat groeit yn 'e tuskenbeiden sône, tusken de tropen en de taiga yn. It is it op ien nei grutste wâldbiotoop op 'e Ierde, dat sa'n 25% fan alle boskgebiet op 'e wrâld beslacht en dêrmei inkeld ûnderdocht foar boreaal wâld (yn 'e taiga), dat sa'n 33% beslacht. Tuskenbeiden wâlden komme foar op sawol it noardlik as it súdlik healrûn, fan likernôch 25° oant 50° noarder- en suderbreedte. Sokke wâlden wuolje har sadwaande as twa bannen om 'e Ierde hinne, krekt sa't boreaal wâld en tropysk wâld dat ek dogge. Der besteane ferskate typen tuskenbeiden wâld.

Soarten tuskenbeiden wâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane fjouwer soarten tuskenbeiden wâld, wêrfan't trije bepaald wurde troch it soarte beammen:

Dêropta ûnderskiedt men noch:

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It klimaat fan ferskillende tuskenbeiden wâlden kin sterk útinoar rinne, mei't it ôfhinget fan 'e lokaasje fan it wâld. Om in foarbyld te jaan: sawol Los Angeles, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, as Vancouver, yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, lizze yn 'e tuskenbeiden sône. De wâlden by Los Angeles groeie lykwols yn in subtropysk klimaat, wylst de wâlden by Vancouver út reinwâld besteane. Op 'e measte plakken, lykwols, groeie tuskenbeiden wâlden yn in klimaatsône dêr't it winterdeis friest (of alteast frieze kin). Ornaris is it dêrom sa dat yn tuskenbeiden leafwâld de beammen hjerstmis har blêden ferlieze. Dat jildt lykwols net foar subtropyske kriten lykas Los Angeles en foar oare gebieten mei in tige myld klimaat (lykas Vancouver), dêr't de leafbeammen it hiele jier troch blêdhâldend binne.

Effekten fan minsklike aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tuskenbeiden wâlden groeie yn 'e middelste breedtegraden, itselde gebiet dêr't it meastepart fan 'e wrâldbefolking wennet. Sadwaande begûn de minske al yn 'e prehistoarje mei it kapjen fan 'e wâlden om romte te meitsjen foar lânbougrûn, benammen yn Jeropa, Sina, Koreä en Japan. Ek yn resinter tiid binne sokke wâlden romme, bygelyks om romte te kreëarjen en oan materiaal (hout) te kommen om stêden as Sint-Petersburch, Omsk, Irkûtsk, New York, Toronto, Seattle en Hobart te bouwen. Behalven oan houtkap hawwe tuskenbeiden wâlden ek bleatstien oan oare foarmen fan ûntbosking en habitatferlies, û.m. fanwegen mynbou, jacht en miljeufersmoarging.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.