Tsjerke fan Longerhou

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Longerhou
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Longerhou
adres Buorren 6
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier Tsjerke: 1757; toer: 13e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39362
offisjele webside
Facebook PKN-gemeente

De Tsjerke fan Longerhou oan de Buorren 6 yn Longerhou is in ryksmonumint. It is ien fan de trije tsjerken fan de protestantske gemeente Skettens-Skraard-Longerhou.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanwegen de fynst fan in tufstiennen fûnemint fan it alter yn it koer wurdt oannommen dat der al yn de 11e iuw in tsjerke yn Longerhou stien hat. Yn 1757 waard in midsiuwske tsjerke út de 13e iuw ferfongen troch de tsjintwurdige sealtsjerke mei in fiifsidich koer. De âlde sealtektoer bleau doe stean en stamt noch út de 13e iuw.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It troch in tonferwulft oerkape ynterieur besit in preekstoel út it boujier fan de tsjerke. Op de kûp binne yn in rococo-kader Bibelske foarstellings út it libben fan Jezus te sjen (de berte, de krusiging, opstanning, himelfeart en it lêste oardiel).[1]

By de restauraasje yn de jierren 1980 waarden ûnder de flier dielen fûn fan de 14e-iuwske tsjerkeflier. De flier waard yn in mozaïekpatroan lein en guon gruttere tegels drage foarstellings fan in hert, in earn, in ridder op it hynder, in leelje, in roazet en in gesicht. Oer de moaiste dielen is glês lein, sadat besikers de tegels noch sjen kinne. Ek binne by dy restauraasje in tal sarken út de 17e, 18e en begjin 19e iuw foar it ljocht helle.

De twa buorden yn it koer mei de Tsien Geboaden en in tekst yn dichtfoarm nei oanlieding fan Romeinen 6:23 stamme út 1757. De buorden hongen oarspronklik yn de tsjerke fan Longerhou, mar waarden yn de tsjerke fan Skettens achter it oargel werom fûn. Nei de restauraasje krigen de buorden wer in plak oan de muorre yn it koer fan de tsjerke fan Longerhou. Nei alle gedachten stamt it tekstboerd oer de ferkundiging oan de skieppehoeders achter it oargel út deselde tiid.

De banken binne ôfkomstich út in Grinslânske tsjerke dy't sletten is.

Yn de toer hinget in klok, dy't yn 1742 troch Joan Nicolaus Derck fan Hoarn getten is.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel yn de tsjerke waard yn 1868 troch L. van Dam & Soannen út Ljouwert boud. It ynstrumint wachtet op in restauraasje en by de tsjerke stiet in meter mei it yntusken ynsammele bedrach.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Friese Preekstoelen, S. ten Hoeve, side 47