Tsjerke fan Ingelum

Ut Wikipedy
Kristoffeltsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ingelum
adres Tsjerkeleane 4
koördinaten 53° 13' N 5° 42' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Kristoffel
Arsjitektuer
boujier tsjerke: 1773, letter fernijd
toer 13e iuw en yn de 19e iuw bemitsele
Webside
PKN-Bitgum e.o. Stifting Tsjerken Ingelum-Bitgum
Kaart
Tsjerke fan Ingelum (Fryslân)
Tsjerke fan Ingelum

De Tsjerke fan Ingelum is in tsjerkegebou fan de protestanske gemeente, dêr't ek de gemeenten fan Bitgum, Bitgummole en Marsum ûnder falle. De tsjerke is in ryksmonumint.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grêfstien by de toer

De yn de 13e iuw boude midsiuwske tsjerke wie oarspronklik oan de hillige Kristoffel wijd en waard yn 1584 in protestanske tsjerke. Tsjerklik waard Ingelum doe fanwegen brek oan dûmny's by Bitgum foege. Dy gearfoeging hat duorre oant 1674. Fan dy midsiuwske tsjerke stamt nei alle gedachten noch it binnenste diel fan de toer, dy't yn de 19e iuw ommitsele waard. Oant de fernijing fan de toer tsjin it ein fan de 19e iuw hie de toer noch in sealtek ynstee fan in spits. It midsiuwske skip fan de tsjerke waard yn de twadde helte fan de 18e iuw ôfbrutsen en ferfongen en yn 1887 tagelyk mei de toer nochris fernijd.

Op 4 maaie 1975 baarnde de tsjerke foar in grut part út. De tsjerke waard oant 1980 wer restaurearre.

Sûnt 14 desimber 2003 foarmen de herfoarme gemeente fan Marsum, de herfoarme gemeente fan Bitgum en Ingelum en de grifformearde gemeente fan Bitgummole in Samen op Weg-federaasje. Dat rûn op 17 febrewaris 2013 út op in fúzje fan de gemeenten.[1]

Om't it foar de protestanske gemeente jimmeroan dreger waard de fjouwer monumintale tsjerkegebouwen te ûnderhâlden, waard de Ingelumer tsjerke yn 2013 mei dy fan Bitgum en Marsum oerdroegen oan stiftingen. De Ingelumer tsjerke falt tegearre mei de Bitgumer tsjerke ûnder de Stifting Tsjerken Bitgum & Ingelum. Dy stifting hat as doel de tsjerke foar de takomst te behâlden. De protestanske gemeente bliuwt it gebou brûken foar spesjale tsjerketsjinsten.[2][3]

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ynterieur wurdt oerkape troch in houten tonferwulft. De 17e iuwske preekstoel yn it trijesidige koer is fan ryk fykwurk fersjoen. Yn de tsjerke binne de bewenners fan de yn ± 1800 ôfbrutsen Sirtemastins te rêste lein. Under de flier leit in grutte sark fan Grovestins-Asscheberg XVII.

Oargel

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de brân fan 1975 gyng ek it Van Dam-oargel fan de tsjerke ferlern. It hjoeddeiske oargel is boud troch it oargelbedriuw Mense Ruiter. By de bou makke Mense Ruiter gebrûk fan in front en in tal pipen út 1890 fan in ynstrumint fan J.F. Kruse, dat oarspronklik foar de kristlik-grifformearde tsjerke yn Dokkum boud wie en foar de ferfanging fan in nij oargel fan Mense Ruiter ôfbrutsen wie. Foarbyld fan it nije oargel wie it Van Dam-oargel út Warten, dat yn 1874 boud is.[4]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: