Tsjeljabinsk

Ut Wikipedy
Tsjeljabinsk
Челябинск
Trije-ienheidtsjerke fan Tsjeljabinsk
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Tsjeljabinsk
Sifers
Ynwennertal 1.179.288 (2022)
Oerflak 530 km²
Befolkingstichtens 2.351,19 ynw./km²
Stêdekloft 1.600.000
Hichte 200-250 m
Oar
Stifting 1736
Simmertiid (UTC+5)
Koördinaten 55° 09' N 61° 24' E
Webside Side fan de stêd

Tsjeljabinsk (Russysk: Челябинск) is wat ynwenners oanbelanget de sânde stêd (2020) fan de Russyske Federaasje en it bestjoerlike sintrum fan de oblast Tsjeljabinsk. De stêd is ien fan de grutste yndustriële, ekonomyske, kulturele en saaklike sintra fan it lân. De stêd leit op de geologyske grins fan de Oeral en Sibearje yn it Aziatyske diel fan Ruslân. Troch de op de eastlike hellings fan it Oeralgeberchte lizzende stêd streamt de Miass, dy't beskôge wurdt as de grins tusken de Oeral en Sibearje.

Untwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd waard yn 1736 stifte as in fort en ûntwikkele him yn de 19e iuw as ien fan de grutste hannelssintra yn de Oeral. Troch de spoarferbining mei de haadstêd Moskou koe de stêd fanôf 1892 sels ien fan de grutste hannelssintra fan it Russyske Ryk wurde. De stêd wie yn dy tiid it útgongspunt foar de oanlis fan de Transsibearyske Spoarwei. Ek it Stalin's fiifjierrenplan yn de jierren 1930 en wat letter de ferhûzing fan fabriken yn de Twadde Wrâldkriich nei it easten droegen by oan de foarse groei fan de stêd as ien fan de grutste yndustriële sintra fan de Sovjet-Uny. Fanwegen de grutte produksje fan tanks, lykas de T-34, en oar militêr materjeel, lykas de Katûsja-raketsystemen (de saneamde Stalin-oargels), yn de kriichstiid waard de stêd yn de folksmûle "Tankograd" neamd. Oant 1992 wie it hiele oblast Tsjeljabinsk noch sletten foar bûtenlanners.

De ekonomysk drege tiden fan de jierren 1990-2000 makke in ein oan in tal grutte fabriken yn de stêd. Tsjin it ein fan it earste dessinium hie Tsjeljabinsk te krijen mei in soad miljeuproblematyk, benammen de loftfersmoarging. Dat wie de oarsaak fan in grutte úttocht fan bewenners nei oare dielen fan it lân. Oare swierrichheden fan de stêd binne de ôfwêzigens fan foarsjennings en in oantreklike arsjitektuer en in min ûnderholden ynfrastruktuer.

Op 15 febrewaris 2013 ûntplofte in meteoroïde yn de omkriten fan Tsjeljabinsk yn it Russyske Oeralgebiet. Om 09:15 oere lokale tiid waarden dêr ferskate eksploazjes heart en in fjoerbal oan de himel sjoen. Likernôch 1.600 minsken rekken ferwûne en in soad hûzen en gebouwen hiene te krijen mei skea.[1]

Befolkingsûntwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Ynwenners
1897 19.998
1939 273.116
1959 689.049
1970 875.210
1979 1.029.522
1989 1.141.777
2002 1.077.174
2010 1.130.132
2020 1.195.446


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: