Trije-ienheidskateraal (Verchotoerje)

Ut Wikipedy
Trije-ienheidskateraal

Троицкий собор

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Sverdlovsk
plak Verchotoerje
koördinaten 58° 51' N 60° 48' E
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1703-1712
boustyl Narysjkin-barok
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 6610067004
offisjele webside
Side fan de katedraal

De barokke Trije-ienheidskateraal (Russysk: Троицкий собор; Troitski Sobor) is in otterdokse katedraal yn Verchotoerje yn Ruslân. Sûnt 1960 is de tsjerke in monumint.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Muorredekoraasje

Mei de bou fan de stiennen katedraal, dy't in âldere houten tsjerke út 1598 ferfange moast, waard yn 1703 yn opdracht fan tsaar Peter I útein set. De wijing fan it gebou fûn plak yn 1709, mar de foltôging duorre noch oant 1712. It is de âldste stiennen tsjerke fan de oblast Sverdlovsk.

De bolsjewiken lieten de katedraal yn 1932 slute foar de tsjinsten en stadichoan ferfoel de katedraal. Nei ynternasjonaal omtinken en it setten fan de tsjerke op de monumintelist folgen der repraasjes en yn 1991 nei de ûntbining fan de Sovjet-Uny waard de katedraal oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke werom jûn.

Sûnt 1992 wurdt de tsjerke wer brûkt foar de earetsjinst.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal is in geef foarbyld fan de Narysjkin-barok en stie foar in soad oare tsjerken yn 'e Oeral en Sibearje model. De tsjerke hat in fjouwerkant oerflak, dy't heger yn in achthoeke oergiet en bekroand is mei fiif koepels, en in fiifsidige apsis. De gevel is tige ryk fersierd en de motiven binne bysûnder wat de foarm oanbelanget. De hege toer hat in tintedak en in klokkestoel mei njoggen klokken.

Oars[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op ynternet wurdt in soad ornearre dat de tsjerke yn 1959 UNESCO wrâlderfgoed waard, itjinge net kloppet. De tsjerke stie yn dat jier op in ynternasjonale konferinsje yn De Haach yn 'e belangstelling en dêr komt it ferhaal wei dat de tsjerke op de list fan it wrâlderfgoed stiet. It opstellen fan in list fan kultureel en natuerlik erfgoed is lykwols sûnt de jierren 1970 pas fan krêft. Wol hat yn 1997 UNESCO-direkteur Federico Mayor Zaragoza it plak besocht en de mooglikheid bepraat om foar de katedraal de status fan wrâlderfgoed oan te freegjen, mar dêr is fierder neat fan telâne kommen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Троицкий собор (Верхотурье)