Transkaukaazje

Ut Wikipedy
Steatkundige lânkaart fan 'e Kaukasusregio, mei de trije Transkaukazyske lannen yn 'e midden.

Transkaukaazje, ek wol de Súd-Kaukasus neamd, is in geopolitike regio dy't it diel fan 'e eardere Sovjet-Uny beslacht dat yn 'e grutte delling fan it Kaukasusberchtme leit. Tsjintwurdich bestiet dat gebiet út 'e ûnôfhinklike lannen Armeenje, Azerbeidzjan en Georgje. Mei't de Kaukasus de grins tusken de wrâlddielen Jeropa en Aazje foarmet, makket Transkaukaazje strikt sprutsen ûnderdiel fan Aazje út. Fanwegen beskate kulturele aspekten (benammen de dominante posysje fan it kristendom yn Armeenje en Georgje), dy't meitsje dat dizze kontreien dreech ûnder it súdlik derfan leine Midden-Easten beflapt wurde kinne, wurdt Transkaukaazje lykwols gauris ta Jeropa rekkene.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Geografysk sjoen leit Transkaukaazje op in lâningte tusken de Swarte See yn it westen en de Kaspyske See yn it easten. De noardgrins wurdt foarme troch de Grutte Kaukasus, de heechste berchrêch fan 'e Kaukasus, dy't ek de grinzen fan Georgje (yn it noardwesten) en Azerbeidzjan (yn it noardeasten) mei Ruslân foarmet. Oan 'e súdkant wurde de trije Transkaukazyske lannen fan Turkije (yn it súdwesten) en Iraan (yn it suden) ôfskifte troch de Lytse Kaukasus, in berchrêch dy't in bytsje leger en smeller is. Binnen de Transkaukazyske regio beslacht Georgje it noardwestlike, Azerbeidzjan it eastlike en Armeenje it súdlike diel. Armeenje is it iennichste fan 'e trije lannen dat gjin kustline of direkte grins mei Ruslân hat.

Politike sitewaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Armeenje en Georgje binne demokrasyen. Azerbeidzjan, dat in diktatuer is, bestiet út twa dielen: it "haadlân", dat oan 'e kust fan 'e Kaspyske See leit, en de folle lytsere eksklave Nachitsjevan, dy't ynklamme leit tusken Armeenje yn it noarden en easten en Turkije en Iraan yn it westen en suden. Yn teory hat Nachitsjevan autonomy, mar yn 'e praktyk is dêr net folle fan te merken. Njonken de trije algemien erkende lannen lizze yn Transkaukaazje ek noch trije net algemien erkende steatsjes. Yn noardlik en noardwestlik Georgje hawwe de gebieten Súd-Osseesje en Abgaazje har yn 1991, resp. 1992 ôfskaat. Dy beide republykjes wiene ûnder it Sovjet-bestjoer autonoom, mar drigen nei de Georgyske ûnôfhinklikens, yn 1991, har selsbestjoer ferliezen. Yn 2008 besocht it Georgyske leger Súd-Osseesje te weroverjen, mar waard weromslein troch Russyske troepen, dy't it minysteatsje te help kamen. Neitiid erkenden Ruslân en trije oare lannen de ûnôfhinklikheid fan sawol Súd-Osseesje as Abgaazje.

Fierder súdlik rôp yn 1991 ek Nagorno-Karabach de ûnôfhinklikheid út. Dat wie earder in etnysk Armeenske eksklave mei beheind selsbestjoer yn westlik Azerbeidzjan, mar Armeenje en Azerbeidzjan wiene dêr al oer yn oarloch rekke noch foar't de Sovjet-Uny goed en wol útinoar fallen wie. Nei 1991 feroveren de Armenen net inkeld Nagorno-Karabach, mar ek it diel fan Azerbeidzjan dat de eksklave fan it Armeenske memmelân skate. Dat gebiet waard lykwols yn 'e Twadde Nagorno-Karabachoarloch fan 2020 troch Azerbeidzjan weromferovere. Yn septimber 2023 waard by in nij Azerbeidzjaansk offinsyf it Armeenske ferset yn 'e selsútroppen Republyk Artsach ûnder de foet rûn, wêrnei't de hiele 120.000 minsken tellende etnysk Armeenske befolking fan Nagorno-Karabach nei Armeenje flechte by wat in de facto etnyske suvering wie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.