Toppenhuzen

Ut Wikipedy
Toppenhuzen
Tsjerkebuorren
Tsjerkebuorren
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Súdwest Fryslân
Sifers
Ynwennertal 1.055 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 4,55 km², wêrfan:
- lân: 3,95 km²
- wetter 0,60 km²
Befolkingsticht. 273 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 00' N 5° 41' E
Offisjele webside
topentwelonline.nl
Kaart
Toppenhuzen (Fryslân)
Toppenhuzen

Toppenhuzen is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It leit súdeast fan Snits besuden it yndustryterrein Houkesloot II. Mei Twellingea (ek Twellegea) foarmet Toppenhuzen in twillingdoarp, dat bekend stiet as Top en Twel.

Toppenhuzen hat 1.055 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferfier gie eartiids in soad oer it wetter.

Aldere nammen fan it doarp binne 'Opmanhusen' (1328), 'Opmanhwsum' (1491), 'Opmannahwsum' en 'Oppenhuysim' (1505). It doarp waard lâns It Ges boud, dat in ferbining hat mei de Houkesleat en it Prinses Margrietkanaal. De bewenners libben fan de feehâlderij, fiskerij en de boatebou. De Broersleat ferbynt it doarp mei de Wite Brekken. Foar de boeren wie it wetter wichtich om mei preamen by harren healannen te kommen.

De midsiuwske tsjerke fan Toppenhuzen wie oan Jehannes de Doper wijd. De tsjerke hearde by de Johanniter kommanderij fan Snits.[3] Grytman D.G. van Burmania joech yn 1695 opdracht ta de ferfanging fan de midsiuwske tsjerke. De hjoeddeiske toer fan de tsjerke datearret fan 1817 en yn 1834 waard de tsjerke renovearre. Yn 1893 krige it doarp oan de Tsjerkebuorren (51) ek in grifformearde tsjerke, dy't yn 1998 sletten en dêrnei ôfbrutsen waard.[4]

Oant fier yn de 19e iuw bleaune Top en Twel isolearre plakken, dêr't de sleatten de belangrykste ferkearsieren wiene. Yn augustus 1866 waard útein set mei it ferhurdzjen fan de wei troch de twa doarpen, mar oars as Twellingea dêr't in lytse doarpskom ûntstie, bleau Toppenhuzen him as in lintdoarp ûntwikkeljen. Yn 'e jierren 1880 kamen de doarpen oan de tramline tusken Snits en 'e Jouwer te lizzen. Mei de oanlis fan de Rykswei 43 waard sûnt 1939 by Snits útein set en nei de iepening dêrfan gie it trochgeande ferkear langer net troch de doarpen Top en Twel.

In diel fan Toppenhuzen dat ein jierren 1970 oan it Snitser yndustryterrein ferlern gie.

Sûnt it lêste fearn fan de 20e iuw is der in soad feroare yn Toppenhuzen. Parallel oan de Rykwei waard healwei de jierren 1970 de A7 oanlein. Troch útwreiding fan it Snitser yndustryterrein is der fan de eardere iepen romte tusken de stêd en Toppenhuzen hast neat mear oer; oant 1986 stiene dêr noch in pear pleatsen mei in spinnekopmole. Yn 'e jierren 1980 krige it doarp yn de iepen romte tusken it âlde lintdoarp en de Rykswei 43 in soad nijbou.

Yn Top en Twel bestie yn 'e jierren 1970 fûl ferset tsjin de anneksaasjeplannen fan de stêd Snits. Oant de opheffing fan de gemeente Wymbritseradiel yn 2011 bleaune de doarpen ûnderdiel fan dy gemeente. Sûnt datjier hearre Top en Twel by de gemeente Súdwest-Fryslân.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Top en Twel hawwe sûnt 1918 in mienskiplike feriening foar doarpsbelang. Yn de buorren stiet it Multyfunksjonele Sintrum 'It Harspit'; it is tagelyk skoalle en sporthal. Der binne ek geregeld toanielfoarstellings of sportwedstriden.

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Jehannestsjerke (Toppenhuzen).
Jehannestsjerke

Skoalle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Ges

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerkebuorren 45

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de hiemside fan Top en Twel. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op dy hiemside)

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1973 2004
Ynwenners 354 717 759 776 771 716 1170
Jier 2015 2020
Ynwenners 1071 1071

(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2015 en 2020: Alle Cijfers)

Tsjerkebuorren 13

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oars[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op de hoeke fan de Ferbiningswei en de Sjaardawei stiet yn Toppenhuzen it keunstwurk De Trije Bruorren, yn 1996 makke troch Hennie de Boer, yn opdracht fan de Kulturele Rie Wymbritseradiel. It byldet it reuzeteltsje De Trije Bruorren út.

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De strjitten fan Top-en-Twel

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • R. Steensma "It Bestek fan de yn 1695 nij to bouwen tsjerke yn Toppenhuzen(1969)"
  • O. Santema "Ta de Skiednis fan Toppenhuzen en Twellegea (1939)"
  • J. van der Bij "Pastoars, dûmnys en tsjerkefolk yn Top & Twel"
  • Sjirk Wybenga en Jan de Jong "De Streek fan Toppenhuzen en Twellegea bylâns" (1984)
  • Doarpsbelang "Mei groetnis fan de Twilling (1994)" - útjûn yn it ramt fan it 75-jierrich bestean fan Doarpsbelang

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
wizigje