Tongerfûgel (mytology)

Ut Wikipedy
Tongerfûgel
(Thunderbird)
persoanlike bysûnderheden
religy Yndiaanske natoerreligyen
domein tonger, wjerljocht, wyn, rein
famyljerelaasjes en oare besibskip
ekwifalint Coyote e.o.
attributen
bist grutte rôffûgel

De Tongerfûgel (Ingelsk: Thunderbird) is yn 'e mytology fan in grut tal Yndiaanske natoerreligyen fan Noard-Amearika in mytysk wêzen en/of in godheid yn 'e foarm fan in ûnbidich grutte rôffûgel mei boppenatuerlike macht en krêften. Hy nimt fral in tige wichtich plak yn yn 'e kultueren fan 'e folken fan it Amerikaanske Noardwesten, de kust fan Britsk-Kolumbia en de Alaska Panhandle, dêr't er gauris ôfbylde wurdt yn keunst, lieten en de mûnlinge oerlevering. Dêrnjonken komt de Tongerfûgel ek yn ferskate farianten foar mank de folken fan it Amerikaanske Súdwesten, de Grutte Flakten en it gebiet fan 'e Grutte Marren. De namme 'Tongerfûgel' wurdt faak brûkt om ien unyk yndividu mei oan te tsjutten, mar soms ek wol as in kategory- of rasnamme. De leginden oer de Tongerfûgel hawwe in protte wei fan 'e ferhalen oer de rok, in oare mytyske rôffûgel, út gebiet fan 'e Yndyske Oseaan. Men giet derfan út dat de Tongerfûgel basearre is op in wier besteande fûgel, nammentlik de Amerikaanske see-earn (Haliaeetus leucocephalus).

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme fan de Tongerfûgel komt fuort út it leauwe dat it slaan fan syn ûnbidich grutte wjukken tonger en hurde wyn feroarsaket. De Lakota, fan de noardlike Grutte Flakten, neame him Wakíŋyaŋ, fan wakhaŋ ("hillich") en kiŋyaŋ ("wjukt"). De Kwakiûtl, fan 'e súdwestkust fan Britsk-Kolumbia, hawwe in grut tal ferskillende nammen foar de Tongerfûgel, en de Nûtka, fan Vancouvereilân, neame him Kw-Unhnx-Wa. Mank de Odjibwe, út it gebiet fan de Grutte Marren, hjit er Animikii, in wurd dat nau besibbe is oan it Odjibwe-wurd foar tonger.

Eigenskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't de myten oer de Tongerfûgel oer in grut gebiet ferspraat binne, hat er yn in protte Yndiaanske kultueren deselde eigenskippen beholden. Hy wurdt beskreaun as in grutte rôffûgel, dy't it tongerje lit as er mei de wjukken slacht, en stoarmen feroarsaakje kin as er dat wol. Wolkens wurde gearlutsen as er fljocht, de wjerljocht komt fuort út it knipperjen fan syn eagen en yndividuële wjerljochtslaggen binne de gloedzjende slangen dy't er yn syn kloeren meidraacht. Maskers dy't de Tongerfûgel ôfbyldzje, binne mannichkleurich, en soms foarsjoen fan twa kroljende hoarnen en/of tosken yn de snabel. Ofhinklik fan 'e kulturele tradysje sprekt men fan 'de Tongerfûgel' as in yndividuële entiteit, of fan 'tongerfûgels' as in ras fan mytyske wêzens. Yn beide gefallen is de Tongerfûgel yntelligint, machtich en maklik lulk te krijen. Alle leginden binne it deroer iens dat men út alle macht besykje moat en kom foar dat de Tongerfûgel grimmitich wurdt.

In dûbelkoppige Tongerfûgel (Haida-ôfbylding út 1880).

Myten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De yndividuële Tongerfûgel, sa't dy bygelyks foarkomt yn 'e ferhalen fan 'e Nûtka (Nootka) fan Vancouvereilân, soe de tsjinner fan 'e Grutte Geast wêze en op in berchtop wenje, dêr't er sizzenskip hie oer it fallen fan 'e rein. Mearfâldige foarmen fan tongerfûgels, sa't dy besteane yn 'e myten fan 'e Kwakiûtl (Kwakiutl) en de Kouwytsjan (Cowichan) fan Britsk-Kolumbia, kinne in minsklik stal oannimme troch harren snabels as in soarte fan masker omheech te skowen en harren fearrekleed ôf te smiten as wie it in tekken.

Der besteane ferhalen fan tongerfûgels dy't yn minsklike foarm yn minsklike famyljes yntrouwe, en guon famyljes trasearje har ôfstamming ek hjoed de dei noch werom nei sa'n legindarysk foarfal. Famyljes fan tongerfûgels dy't har net mei minsken bemuoiden mar wol as minsken libben, soene de noardlike punt fan Vancouvereilân bewenne hawwe. Neffens it ferhaal fergeaten de oare bewenners fan it eilân al gau dat se net mei wiere minsken fan dwaan hiene, en doe't guon lju de tongerfûgels ta slaven besochten te meitsjen, skoden de tongerfûgels harren snabels nei ûnderen ta en pakten se har fearrekleden wer op en namen se op in ferskriklike wize wraak op 'e dwaze oanfallers.

Neffens de myten fan de (Sioux), fan 'e Grutte Flakten, rûgen de tongerfûgels yn prehistoaryske tiden de unktehila út, in ras fan gefaarlike reptylske meunsters. De leginden fan 'e Menominy (Menominee), fan Wiskonsin, wolle hawwe dat de tongerfûgels op in grutte berch wenje dy't yn it westen yn 'e loft sweeft. Dêrwei soene se har dwaande hâlde mei de behearsking fan rein en hagel en it ferrjochtsjen fan heldedieden. Se binne de fijannen fan 'e grutte hoarne slangen, de misikinubik, en hawwe tsjinkeard dat dy de wrâld feroverje en de minskheid fersline. Neffens de Menominy binne de tongerfûgels boadskippers fan 'e Grutte Sinne sels.

Ek de Odjibwe (Ojibwe of Chippewa), út it gebiet fan de Grutte Marren, hawwe in grut tal ferhalen oer tongerfûgels, dy't in wichtige rol spylje by de seremoanje fan 'e sinnedûns. Ek de krite fan 'e Tongerbaai en de stêd Thunder Bay, yn Ontario, hat in konneksje mei de Odjibwe-leginden oer tongerfûgels. Mank de Winnebago, ek út it gebiet fan de Grutte Marren, wurdt sein dat in man dy't ûnder it fêstjen in fizioen fan in tongerfûgel kriget, oarlochsopperhaad wurde sil.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.