Tinga-tunnel

Ut Wikipedy
Tunnelbuis fan ôf de Molenkrite (2011)

De Tinga-tunnel is in fuotgongers en fytstunnel ûnder de Rykswei 7 dy't de wiken Tinga en Lemmerwei-West mei elkoar ferbynt.

De tunnel, iepene yn 1991,[1] is om fytsers en fuotgongers de mooglikheid te jaan om feilich de Rykswei 7 yn Snits te passearen. De tunnel leit ûnder de A7 tichtby ôfslach Tinga/Lemmerwei-West.

Ferbouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2011 hat de tunnel inkele moannen ticht west fanwege de oanlis fan de lêste fan de twa houten brêgen by Snits. De brêgen binne lykwols fierstente steil foar wannelers en fytsers, wêrtroch't der in oantal ferwûnen foelen by ûngefallen. Hjirop is ek de tunnelbuis fan de Tinga-tunnel ferlein. Sa moast de útrin fan de tunnel oan de side fan de Lemmerwei-West langer makke wuurde.[2]

Tichtby de tunnel leit de Tolhús-tunnel en de Lemmerweitunnel.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frysk Skipfeartmuseum, FSM001014658
  2. Radio Markant: Tinga fytstunnel yn Snits wer iepene