Thomas Weir (Amerikaansk militêr)

Ut Wikipedy
Thomas Weir
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Thomas Benton Weir
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 28 septimber 1838
berteplak Nashville (Ohio)
stoarn 9 desimber 1876
stjerplak New York (New York)
etnisiteit Skotsk
wurkpaad
tsjinsttiid 18611876
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang kaptein (sûnt 1862)
befel D Komp./Am. 7e Kav.reg.
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
treffen(s) Slach oan de Little Bighorn

Thomas Weir (folút: Thomas Benton Weir; Nashville (Ohio), 28 septimber 1838New York, 9 desimber 1876) wie in Amerikaansk militêr fan etnysk Skotsk komôf, dy't in beskate bekendheid krige troch syn rol yn 'e ferneamde Slach oan 'e Little Bighorn, yn 1876, wêrby't in koälysje fan Yndiaanske folken de Amerikaanske kavalery in ferpletterjende nederlaach tabrocht. Weir joech lieding oan in besykjen om syn superieur, luitenant-kolonel George Armstrong Custer, te help te kommen, mar koe him troch de nûmerike oermacht fan 'e Yndianen net berikke. Op it slachfjild oan de Little Bighorn is in hichte, Weir Ridge (of ek wol Weir Point), dy't it fierste punt fan syn opmars oanjout, nei him ferneamd.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en tsjinst ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Weir waard yn 1838 berne yn Nashville, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, en studearre yn juny 1861 ôf oan 'e Universiteit fan Michigan. Tsjin dy tiid wie de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) útbrutsen, dat op 27 augustus fan dat jier naam Weir as sljochtwei soldaat tsjinst by B Kompanjy fan it 3e Kavaleryrezjimint fan Michigan. Al rillegau waard er befoardere ta sersjant, wêrnei't er yn oktober 1861 fierder promovearre waard ta twadde luitenant, en yn juny 1862 ta earste luitenant. Koart dêrnei waard Weir kriichsfinzen nommen troch de Súdliken. Under de sân moanne dy't er yn finzenskip trochbrocht, waard er befoardere ta kaptein. Nei syn frijlitting waard er oansteld as assistint-ynspekteur-generaal yn 'e stêf fan generaal-majoar George Armstrong Custer (dy't nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch fanwegen in oerskot oan ofsieren yn it ôfslanke leger yn rang weromset waard ta luitenant-kolonel).

De Slach oan de Little Bighorn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei Custer kaam Weir nei de oarloch telâne by it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, dat op 'e Grutte Flakten legere wie, earst yn Fort Riley, yn Kansas, en letter yn Fort Abraham Lincoln, yn 'e Dakota's. Yn dat rezjimint krige er it befel krige oer D Kompanjy, mei twadde luitenant Winfield S. Edgerly as syn ûnderbefelhawwer. Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 focht Weir yn dy hoedanichheid mei tsjin 'e Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. Op 25 en 26 juny 1876 naam er diel oan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't D Kompanjy ien fan 'e trije kompanjyen wie dy't troch Custer ûnder it befel fan kaptein Frederick Benteen nei it súdwesten stjoerd waarden om 'e ûntsnapping fan 'e Yndianen ôf te snijen út it grutte doarp dat de ferkenners fan it rezjimint oan 'e rivier de Little Bighorn yn súdlik Montana ûntdutsen hiene. Underwilens moast majoar Marcus Reno mei trije kompanjyen it doarp fanút it suden oanfalle, wylst Custer sels mei fiif kompanjyen omried om út it noarden oan te fallen. Dy fiif kompanjyen soene letter dy deis troch de Yndianen oan 'e lêste man ta útrûge wurde.

Nei sa'n twa oeren lang sûnder súkses it rûge heuvellân ôfsocht te hawwen nei flechtsjende Yndianen, kearde Benteen sûnder wat bedijd te hawwen nei it spoar fan 'e rest fan it rezjimint werom. Wylst er opteach nei de rivier, ûntfong er in boadskip fan Custer mei it befel dat Benteen him mei syn detasjemint, de reservekompanjy fan kaptein Thomas McDougall en de bagaazjetrein fan it rezjimint sa fluch mooglik by Custer jaan moast. Doe't de trije kompanjyen fan Benteen lykwols tichterby it Yndiaanske doarp kamen, brocht de Krieske ferkenner Heal Giel Gesicht it boadskip oer dat majoar Reno nei syn oanfal op 'e súdkant fan it doarp mei swiere ferliezen tebekwike moatten hie en dat de oansleine oerlibbenen fan dy trije kompanjyen har no weromlutsen hiene op in heech klif oan 'e eastkant fan 'e rivier, dat letter Reno Hill komme soe te hjitten.

Benteen keas der op dat stuit foar om 'e troepen fan Reno te fersterkjen ynstee fan syn oarders út te fieren en troch te riden nei Custer. Koarte tiid letter joech ek kaptein McDougall him by Reno en Benteen mei Kompanjy B en de bagaazjetrein. Benteen hie goede redens om in direkt befel yn 'e wyn te slaan (hy beskôge it as selsmoard om te besykjen om Custer te berikken mei't de nûmerike oermacht fan 'e Yndianen fierstente grut wie), mar syn beslissing foel net goed by in diel fan syn ûnderhearrigen, wêrûnder Weir. Likernôch trije kertier nei oankomst op it klif, om 17.00 oere hinne, sette Weir tsjin 'e befellen fan Reno en Benteen yn op eigen manneboet mei D Kompanjy ôf nei it noarden om Custer te fersterkjen. D Kompanjy teach likernôch oardel kilometer op, nei in hichte dy't tsjintwurdich Weir Ridge (of ek wol Weir Point) hjit.

Kaptein Thomas Weir.

Dêrwei koene Weir en syn mannen omtrint 17.25 oere tusken krûdwolken troch sjen hoe't krigers te hynder yn 'e fierte op foarwerpen skeaten dy't op 'e grûn leine. It is ûndúdlik wat dat krekt west hat; der is gauris fan útgien dat it Custer syn lêste gefjocht op 'e heuveltop west hawwe moat, mar dêrfoar doocht de tiid net. Guon moderne histoarisy hawwe oppenearre dat it mooglik it gefjocht op Calhoun Hill wie, dat ûnderdiel útmakke fan Custer syn weromtocht. Tsjûgeferslaggen fan Yndianen sprekke dat lykwols wer tsjin, en de kwestje is noch altyd net útiten.

Yn elts gefal besleaten Reno en Benteen úteinlik om Weir te folgjen, wêrby't Benteen foarop gie en folge waard troch Reno syn oansleine detasjemint, mei McDougall syn B Kompanjy en de bagaazjetrein yn 'e efterhoede. Oanwaaksende druk troch Yndiaanske oanfallen op 'e troepen op Weir Ridge twong lykwols alle sân kompanjyen om tebek te wiken nei Reno Hill, noch ear't de bagaazjetrein 400 m ôflein hie. Op it klif namen se har âlde posysjes wer yn, en waarden dêr noch in dei lang belegere. Se koene der net wei, mar de Yndianen koene ek net troch harren linys hinne brekke. Tsjin 'e ein fan 'e middei fan 26 juny koe fan it klif ôf waarnommen wurde hoe't de Yndianen harren doarp opbrieken. Om dyselde tiid hinne holden de oanfallen ek op. De reden dêrfoar wie it neieroankommen fan 'e farske troepen fan brigadegeneraal Alfred Terry en kolonel John Gibbon. Dy arrivearren ier op 27 juny op it slachfjild en ûntsetten doe de detasjeminten fan Reno en Benteen.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Weir wie raar oandien troch syn ûnderfinings yn 'e Slach oan de Little Bighorn, en fertoande oerdúdlike symptomen wat tsjintwurdich in posttraumatysk stress-syndroom neamd wurde soe, mar doedestiden as in soarte fan sljochtsinnigens beskôge waard. Hy gie geastlik hurd efterút, en waard oerpleatst nei de stêd New York, dêr't er formeel as rekrutearringsofsier oansteld waard. Dêrwei skreau er brieven oan Custer syn widdo Elizabeth Clift Bacon wêryn't er omprate op dingen oangeande de dea fan har man dy't foar har geheim holden wurde soene.

Weir ûntjoech in soarte fan pleinfrees en wegere yn 'e lêste moannen fan syn libben noch om bûtendoar te kommen. Hy begûn swier te drinken en yn syn lêste dagen wied er sa senuweftich dat er net iens mear slokke koe. Hy stoar yn New York, op 9 desimber 1876, minder as in healjier nei de Slach oan de Little Bighorn, yn in steat fan ekstreme depressiviteit. Weir waard begroeven op it begraafplak fan Fort Columbus, op Governors Island yn 'e haven fan New York. Yn 'e 1880-er jierren waard syn stoflik omskot werbegroeven op it Nasjonaal Begraafplak Cypress Hill, yn Brooklyn.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.